Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 78] [p. 78] Cornelis van der Wal Wite tosken Wêr de wite tosken yn skimerjûn, rôze wolkens as bergen lime op it fïlmjend each. Dyn brune spieren liet de wyn ferwege, soel krûpte it swarte gers en krûden oer dyn laitsjend boarst. Do leidest earne yn 'e simmer op in rûge tekken fan bedroege swit, neist dy jonge wyn, waarm yn brânglês. Wêr de wite tosken, dy't ik ferve mei dyn ûnderdienich bloed en hearskerskip fan skimer. [pagina 79] [p. 79] Konsult Jo sizze eat oer in oar syn libben, tinksinne soe de suchtsjende skaden bedjipje; jo sjogge oars gjin mins. In wûne slacht de holle yn 'e foarbeskieding, freonen skilje oan 'e doar om wierhyd. Wa kin it, sil soks sizze. Konsert foar de lofterhân fan it gewisse wurdt dirigearre troch ferline; swart-wite berneflibe drippend by de râne fan besteansrjocht del. [pagina 80] [p. 80] Offerskaal Offerskaal, mei stien makke ik in eftereach yn 'e deade plasse fan myn fijân en joech syn swarte brein oan jo, o sinne! Mar jo lieten it rotsje en in griene fûgel hat it fretten. Guon fan ús dy fleane no by nacht op frjemde dampen, sykje de farske goaden, grien en kriezjend preekjend. Hja sille, stekkend mei opladen swurd fan hate, yn dreamloft de fearren preesters deadzje. Vorige Volgende