rinne, fan bêd ôf, de sikehúswrâld yn.
Hilde lei meastal mei de rêch nei de seal. Ik tocht dat se in protte sliepte, mar doe't ik it weage oan de oare kant fan har bêd te kommen, seach ik dat se mei grutte eagen nei bûten lei te stoarjen. Se sei neat, mar deselde eagen folgen my, doe't ik foar it rút lâns rûn. Yn it hoekje line ik tsjin de muorre. De loft wie strak blau en oer it parkearplak lei in lang, swart skaad fan it gebou dêr't ik yn útfanhuze. De temperatuer wie hjir binnen altyd heech. In benearjende waarmte hold ús tempo leech en ús tinken sleau.
‘Hoe hytsto,’ flústere Hilde. Ik luts it krukje ûnder har bêd wei en gong sitten, wylst ik ien hân beskermjend ûnder myn weak, hingjend liif hold.
Se prate lang troch. Doe't de itenskarre ratteljend oer de gong riden waard, soe ik oerein, mar se lei my in hân op 'e earm en frege oft ik letter wer by har komme woe. Har lûd wie heas en slepend, krekt as wie se hast te wurch om har stim te brûken. Alle kearen as ik dêr in skoftke sitten hie te harkjen, ferwachte ik hieltyd dat se ophâlde soe, dat se de eagen tichtdwaan soe en weisakje soe yn in swiere sliep, mar se die it net en ik hearde har hiele ferhaal.
It jonkje wie te betiid berne, nei acht moanne, langer hie it net yn har liif past. Foar't er dêr in begjin makke, siet der al in fleisbeam en se hie in healjier lizze moatten. Altyd op deselde side, sa, dat it bern de romte hie en net ferplettere waard troch de frjemde swolm dy't him dêr op it ferkearde stuit nestele hie. Se liet har búk sjen. It slappe fleis hong nei ien kant en in delte fan streekjes, dêr't har ûnderhûd troch de spanning skuord wie, rûn út yn it wyt fan it ûnderlekken.
Se hienen it bern yn 'e gaten holden, it de hertslach ôfharke en it holtsje, dat as in swart plak op de monitor fan it echoapparaat ferskynde, hienen se hieltyd wer metten. Op 't lêst hie de romte te lyts west foar it waaksende minskje en wie it helle. Tagelyk wie de fleisbeam fuortsnijd. ‘Mei woartels en al,’ sei se.
Ik wie stil as se fertelde. Hoe koe ik sizze dat de tiid foar de berte myn moaiste west hie, mei it strakke, rûne liif dêr't dei en nacht beweging yn siet. In oar libben yn my, dat ûnder myn hannen rôle, my riede liet as der in bultsje yn de râne fan myn lichem treaun waard. Hoe soe ik har fertelle kinne fan it pluzige holtsje, de waarme, wiete mûle, dy't sa roppich om my socht.
It jonkje lei op de berneôfdieling, yn in kûveuze. In spjirrinkje fan krapoan fjouwer pûn.
Doe't wy de doar fan it sealtsje iepen dienen, kaam de waarmte ús temjitte. In suster fersoarge, mei de hannen yn de rûne gat-