driften oan bod. De jildingsdrang, kompetysjedrang, de hate. Waard yn de foarige ôfdieling nei ferbining socht, hjir is krekt it ferbrekken it doel: ‘men kin hurder men is sterker/snoader jins gloarje jins macht de/freugde fan it winnen...’ (s. 25) en: ...‘pynlike trek op/jins gesicht om it dierlike/ geniet fan dizze grousume/wize om jin te ûntladen’ (s. 25). Spyt folget dus op 'e agresje. Al mei al in oerweldigjend gehiel. It fjirde skift ‘o jins tsjoenliet jins beswarring’ is frijwat kaprisjeus fan opbou, it hannelet ûnder oare oer ‘... jins kondysje/en atletysk fermogen... (s. 30) en oer Libanon, Foenisië, Sidon, Tyrus, Byblus, Beyrouth, Punyske oarloch en Kartago (s. 32) dêr't fral de lûden fan dy nammen fan belang binne; en fïerders bygelyks oer it ûntstean fan in diamant (yn jinsels) (s. 33). Nei de iensumens, de leafde en de hate wurdt hjir besocht ta feroaring fan jinsels te kommen, lykwols: ‘... gjin ienheid gjin synteze/mar feroaring men rekket los/men slacht jins identiteit oan/barrels romte foar in nije/kombinaasje...’ (s. 35). Mar alle krewearjen rint op neat út, it beslút fan 'e bondel is yn mineur. De dichter giet der fanút dat yn jins bestean ‘gjin/sprake fan kontinuïteit’ (s. 36) is. It bewiis dat er dochs wier libbet kin er allinnich mar jaan troch it produsearjen fan tydleaze juwielen: ‘de rêch docht jin sear de holle/knapt jin men wol pearels switte’ (s. 36).
Pearels binne it net wurden, dizze gedichten. Nee, Under it twangjok is in yndrukwekkend bouwurk fan balstiennen tinzen; generaasjes lang sil dit monumint ôfstekke tsjin de grize Fryske literêre himel.
Mar dochs eefkes lekskoaie. Faaks om de tige swiere sfear fan 'e bondel wat te ferlichtsjen, brûkt Boersma út en troch fêste útdrukkings en klisjees, lykas: ‘kearside fan de medalje’ (s. 11), ‘sinneoergetten merkefjild’ (s. 14), ‘hagelwite tosken’ (s. 19), ‘dy't oanhâlde as storein’ (s. 21). Ik soe dêr noch wol mear foarbylden fan jaan kinne, fan dat besykjen ta popularisearjen fan in poëzy dy't wol nea populêr wurde sil. It is lykwols net iens sa hiele steurend, wat wer foar de folslein yntegere krêft fan dizze bondel pleitet. It is al spitich dat yn sokke heechweardige poëzy it folklorisme in plakje krigen hat, yn 'e foarm fan it keatsspul (s. 21).
Och ja, ik soe it ek noch eefkes oer de oare twa bondels hawwe, om Boersma syn ûntjouwing te folgjen. Mar der is hielendal gjin ûntjouwing: Piter Boersma is mei Under it twangjok earst begûn mei dichtsjen. It is lykwols al sa, dat dizze bondel unyk is, d.w.s. dat Boersma net wèr yn dizze foarm skriuwe kin.
Dit wurk sil ek ien fan de bewizen wêze, dat fan 'e Fryske literatuer op it lêst allinnich de poëzy oerlibje sil. En eins is dêr neat op tsjin.