Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 57] [p. 57] Eppie Dam It krús fersen by wurk fan Joseph Beuys (1921-1986) byldwurk út: Wouter Kotte/Ursula Mildner, Das Kreuz als Universalzeichen bei Joseph Beuys Stuttgart, 1986. hingjend oan 'e himel mar amper noch hingjend riksto nei de ierde reitsjend noch net iens taastend nei utersten fearne troch it krús do bist it krús it krús is dij korpus ferlutsen yn koördinaten east west noard súd skuort dij de holle fan flimende wjukken giet yn dij om sirkelsinne de ierde wieling fan fjoer wynroas fan toarnen kroan fan baarnende bliedende fallende opgeande stjerren [pagina 58] [p. 58] Christus in der Dose; 1949, hout, kit [pagina 59] [p. 59] ierdsker as klaai swart fan fleis en bloed sa djip moat in mins djipper in minskesoan salve mei oalje en tarre kristus fallend yn 'e nacht delfarrend djipper fallend iis en izer foarbij stien foarbij lava soer en sâlt toarst foarbij fallend djipper delfarrend fallend yn 'e skacht fan uterste ierdskens liem foarbij fjoer en jiske dea foarbij krúsling op wjokken swarte do wite raven kening arkefûgel farrend ûnder in bôge fan kit [pagina 60] [p. 60] Wurfkreuz mit Stoppuhr auf Pflockkreuz; 1952/66, brûns, 34 × 25 × 3 sm [pagina 61] [p. 61] ieu op ieu fersnien de ierde folk nei folk ferskuord tebrutsen man frou bern krús op krús bloed fan ús bloed fan dij bloed fan hjoed en aldendei minskebloed yn brûns bestjurre ferwrongen roas yn ús ûnthâld bliedend hert fan oaremoarn tiidbalke read en sûnder ein fertikaal mei bloed trochsnien bloed op bloed rekket lijen lijen krús op krús breedtesirkel meridiaan stiet op it snijpunt fan 'e skiednis it krús stiet midden yn 'e tiid ûnmacht oermacht alle macht ien tel fan ieuwen stil [pagina 62] [p. 62] Grabkreuz für Josef Koch im Atelier der Akademie; 1955/56, stien [pagina 63] [p. 63] stien en bien binne ús deaden izer en ierde murch bloed rust wa tilt op ús deaden wa jout se ferhef wa helpt ús deaden hinne oer de dea dat se rinne oer de dea domme domme dea wij rjochtsje op in krús rjochtet op ús deaden sa hâlde wij oerein ús deaden sjendereach sa hâldt oerein ús dreamen it krús earmslach troch de tiid hout fan heugenis oerwinteringsbeam tinkstien fan net te ferjitten ús deaden [pagina 64] [p. 64] Kreuzigung; 1962, oalje op papier, 16,2 × 11,6 sm; 1978, Seefdruk, 14 × 11,5 sm [pagina 65] [p. 65] berne út hannen en fuotten macht en ûnmacht jefte oerjefte is in mins hâld sykje yn 'e ierde taaste nei it ljocht docht in mins docht in beam hout en hars fleis en bloed is in mins is in beam is it krús berne út in mins taastend nei in minskebern [pagina 66] [p. 66] Eurasia; Keunstbarren yn de galery René Block, Berlyn, 31 oktober 1966 [pagina 67] [p. 67] fleis as fleis fergonklik gers grien gers stiengers as heagers dea gers in mins mei hûd en hier fel oer bonken fergonklik geast winende waaiende geast taastend tusken de raaien sykjend tusken de ribben oft der libben is net nei net nei mar yn 'e dea ea in wurd te lêzen tusken de rigels oft der libben is berne út in krúsbegjinsel east mei west te ferbinen geast yn gers te finen is hazzefûgel op hege poaten wâdzjend troch de nacht minskebern op wjokken wevend tusken stienkoallaach en stratosfear himelswart krytwyt [pagina 68] [p. 68] Manresa; 1966, Galery Schmela, Düsseldorf (mei H. Christiansen en B. Nörgard) [pagina 69] [p. 69] hat west de himel heech en leech by de grûn de ierde swier fan deaden drôve ierde hat west de einder stippelline knipstreek tusken twa wrâlden tiidbalke tusken dea en dreamen hat west hjir en dêr hat west no en dan ûnderwrâld en paradiis spjalten fan boppen nei ûnderen himel en ierde kwartslach kantele minsketiid de skieding oerwûn fan letter en geast ierde loskomd út matearje ljocht ympregnearre yn hout stiet heaks op swart en wyt it krús fertikale hoarizon Vorige Volgende