‘Nee, goed. Ik woe allinnich mar sizze dat wy de lêste tiid inoar sa'n bytsje sjogge. Der is noait tiid. Dêrtroch sis ik yndie net wat my dwers sit. Ast dan wer fuort bist, betink ik wat ik allegear sizze moatten hie. Of wollen hie. En dan begjin ik der wer yn om te tiizjen en tink ik datsto der ek mei omrinst.’
‘Dat is net sa. Mar...’
‘Dat seist no wol. Mar ik wol net datst in ferkeard byld krigest. Datst tinkst: dêr hast dy seur wer.’
It bêd fielde sêft oan. Hy kearde him om en seach har oan. Knypeage. Se wie ûnder de tekkens krûpt. En seach him oan.
‘Fynst my in seur?’
‘Nee, fansels net.’
‘Sa no en dan fyn ik mysels sa'n slûgen. Dan tink ik, dêr kom ik wer mei myn geëamel. Dat wol ik net. Dat ik dat stempel krij. Ik wit wol datsto dat net tinkst, mar snapst wol wat ik bedoel. Ik wol minsken net lêstich falle mei myn geseur en gedoch.’
Se draaide har om. Hy seach nei har skouder en nei har hier. Underwylst gie it ferhaal fierder:
‘As ik om my hinne sjoch, tink ik faak genôch: wêr hast it oer? Wa bin ik om sa te seuren? Mar oan 'e oare kant: sa giet it ek net langer. Der is sa'n protte feroare de lêste tiid. Snapst?’
‘Ja, dat snap ik,’ antwurde er, ‘do witst ek wol hoe't ik der oer tink.’
‘Jawol, mar it is allegearre sa oerflakkich de lêste tiid. Wy ha noait earne tiid foar. Ik ha faak it gefoel ... och, lit ek mar. Myn bekende litany. Dat wol ik no krekt net, datst allinnich mar dy kant fan my sjochst.’
Se gie djipper ûnder de tekkens lizzen. Oan it fuottenein, lyk njonken him, stuts in foet út. Hy krige oanstriid om in aai oer dy foet te jaan of om eefkes mei syn fingers oer har teannen te bobbeljen.
‘Wêrom seist neat? Is der wat?’
‘Ja, ik ha besite. Ik sei dochs al dat it no net sa handich útkaam.’
‘Dan hingje ik gau op. Ik woe dy eefkes heare en sizze datst gelyk hiest fan 'e moarn.’
‘Dat is goed. Wy moatte dizze wike mar ris prate. Dan nimme wy rêstich de tiid.’
‘Ja, goed. Of nee. Wy sjogge wol. Ik tink ek wolris dat praten it allegearre yngewikkelder makket. Snapst? Wy sjogge wol.’
‘Dat is ek goed.’
‘Ja.’
It bleau stil.
‘Sil ik dan mar ophingje?’ frege se doe mei sêfte stim.
‘Dat is wol it bêste.’
‘Goed, dan belje wy wol.’ Doe wie se wer stil.
‘Goed.’ Hy twifele eefkes. Doe sei er: ‘Hoi.’
‘Hoi.’
Hy siet in pear tellen foar him út te sjen. Hy gie stean en sette de tillefoan op syn plak en krige in sigaret. Gjin fan beiden sei wat.