ke foarm ta utering. Yn it sechsde rondiel keart de dichter him fan de bûtenwrâld ôf, hy slút de blinen. Dan seit er: ‘Jûn komt Venus grif yn sicht’. Dizze fjirde rigel klinkt soer, want de dichter hat himsels de gelegenheid ûntnommen om de jûnstjer oan de himel te sjen. Yn de fyfde rigel is de stjer subtyl oergien yn de leafdesgoadinne as de dichter freget: ‘Hiest dan wier net komme kinnen?’. Mar it is te let en de weromkearende rigel ‘No doch ik de blinen ticht’ slacht no net op it ôfsjen fan it deiljocht, mar op it ôfsjen fan de leafde.
Wat foar de dichter oerbliuwt, is, sa't ik út it sânde rondiel begryp, de keunst. De dichter tsjoent it byld fan de Venus fan Botticelli foar eagen. Natoer en libben binne oergien yn keunst, dy't altyd is.
Dat jin ôfkearen fan de wrâld hat Danteske allueres. Yn it lêste rondiel komt dat klearder foar it ljocht:
Op healwei fan ús libbenspaad oankommen
Fûn ik my wer 't wie yn in donker wâld
My skimeren bylden fan in ûnderwrâld.
De dichter is Orfeus dy't op reis west hat yn de oare wrâld om syn leafste te heljen. Dat ferklearret de titel Under oaren.
It is te hoopjen dat ek yn de takomst de dichter syn wurden ‘Ut myn strôt / Is doe in paradyslik lûd fernommen’ wiermeitsje sil.