[Nummer 2]
Fan 'e redaksje
Mei yngong fan dit twadde nûmer kinne wy in nij redaksjelid it wolkom taroppe en wol de hear Frits van der Kuip.
Foar lju dy't de skriftueren fan it Fryske wrâldsje wat byhâlde is Van der Kuip grif gjin ûnbekende mear: hy wurket as leksikograaf mei oan de útjefte van it Wurdboek fan de Fryske Taal en hat fierders fral publisearre oer de Fryske poëzij út de jierren '30.
Ofskie nimme wy yn dit nûmer fan Heiko Perdok, dy't Trotwaer yn in wat rommere jas stutsen hat. Mei syn nije baan krige hy it te bannich om ek it lay-out wurk foar Trotwaer der noch by te dwaan.
Syn wurk sil tenei troch Antine Zijlstra dien wurde.