Trotwaer. Jaargang 22(1990)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 90] [p. 90] Harmen Wind Toaniel I Wy wurde fan publyk ta figuranten, ta meispilers op 'e wâl. De mûle yn 't kier foar de man mei de boom en de man mei de heakkel. 't Stik giet oer in fytske yn 'e snilen, oer blabze dy't boppe kringelt, grien dat fan 'e heak slantert, oer it hymjen fan in heit om wat der ûnder wetter leit, it giet oer ús, de tsjûgen. Dôf en blyn taast it izer oer de sodzige boaiem, bedjippet it ûnk, bringt it foar 't ljocht, toant yn wat wei is ús gemis. [pagina 91] [p. 91] II Hy grypt it beet, hy hâldt it fêst, hy begjint sêft te razen, hy leit it del, knibbelt derfoar, hy wol syn libben deryn blaze. Yn dit byld, de heit mei de dea yn berneboartersklean, stjurret de tiid. Gapjend nei de siken fal ik fan myn leauwe. Neat hinget gear yn wat ik sjoch en fiel. Hoe't ek de boeren dwers troch alles hinne haaie, hoe't ik ek traapje yn in rûs nei hûs, der is gjin útwei mear fan dit toaniel. [pagina 92] [p. 92] Hjoed Hjoed bin ik reid. Hjoed stean ik yn 'e wyn, hjoed rik ik toar út it ûnlijich wetter. Hjoed bin ik tin, hjoed skriuw ik yn 'e romte. Moarn hinget as de moanne boppe my. Myn wei rint dea mar langstme kin wol duorje. [pagina 93] [p. 93] Doel Dit wol ik wurd ha yn myn earmoedzjen om rêst: dat ik yn wat gjin sprekken lije kin de dea belibje as in beuker foar in finster op 'e fierte. Namleas útsicht seit skôgjen de wacht oan. Wat sy ta wêzen dikerje is yn in omsjoch wei. Vorige Volgende