Ronald Medema
Ronald Medema (Wieringerwerf 1956) is yn 1979 ôfstudearre oan de Akademy foar byldzjende keunsten ‘Vredeman de Vries’ te Ljouwert. Hy wennet en wurket yn Zevenhuizen (Grinslân).
De ôfbylde oaljeferve-panieltsjes komme foar in part fuort út syn eardere wurk, foar in part út syn niget oan ikoanen.
Mei sin makket hy gebrûk fan it ferware wêzen fan it hout dat as drager fungearret. De foarm fan de drager hat ynfloed op it plak, de kleur en de ôfwurking fan de skildere foarm. De skilderkeunstige yngreep is licht.
De gauris geometryske foarmen kinne sjoen wurde as symboalen, ‘oerbylden’ en hawwe sa fan harsels in beskate kwaliteit. Hja ferwize, hja trune der ta oan ús eigen inerlike tastân te beskôgjen. Us taak foar it symboal oer is stil te wurden en it symboal ta te stean echo's yn ús op te roppen en gewaar te wurden hoe't it op ús ynwurket.
Ronald Medema oer syn wurk: ‘Troch in meastentiids symmetryske benadering fan foarm en pleatsing meitsje de panieltsjes in statyske yndruk. Dit ropt faaks de begripen sinleas, emoasjeleas op. Posityf besjoen kinne wy sprekke fan Apatheia; sûnder emoasje, frij fan emoasjes, inerlike rêst.’ Gedachten: lulkens, hertstocht, idelheid, grutskens binne yn in ús psyche as sadanich noch gjin emoasje. Allinnich as oan dizze ‘gedachten’ wat fan ússels jûn wurdt, dus enerzjy, psychyske krêft, wurde it emoasjes en behearskje se ús inerlik en uterlik libben. As de emoasje no ferneatige wurdt, dan ûntstiet der romte, iepenens. Jo binne net mear ôfhâldend en fernimme faaks wol dat it giet om in net logyske kennis.’
Ronald Medema hat yn 1990 û.o. eksposysjes yn
Het Apollohuis te Eindhoven en by Galerie Ronkes Agerbeek yn Den Haach.
I |
oaljeferve op hout 1990 51 × 27 sm |
II |
oaljeferve op hout 1989/1990 42 × 23 sm |
III |
oaljeferve op underlayment 1989 27,5 × 37 sm |
IV |
oaljeferve op multypleks 1987 18 × 31 sm |