Ad van Seijen
It Klif
‘Hy wie gek op auto's,’ sei David. ‘Mar hy is om sa te sizzen net yn it harnas stoarn. Hy is oan in sykte weirekke.’
Geert joech der gjin andert op. Albert al likemin. Unferweechlik seagen se nei it deade lichem fan har broer, yn de guodkeape kiste. It wie swier jin foar te stellen dat dat jins broer wie. Bill, sa't se him neamden, mei wa't se ek yn har letter libben altyd omgiene en dy't as iennichste fan har fjouwer oan de frou rekke wie. Dat wie no allegear foarby. Bill wie net âld wurden, mar twa-en-fyftich. De oare trije broers wiene âlder, David wie al yn 'e sechtich.
Noch eefkes bleauwen se dêr stean, op har stadige manear, lykas woene se it byld fan him, sa't er dêr lei, foar ivich fêsthâlde. Fansels soenen se him noch sjen foar de begraffenis, foar it lêst, mar dan soenen se net it foarrjocht fan de stille ôfsûndering hawwe lykas no. Frjemde antlitten soenen om har hinne wêze dy't ek mei har eagen de roerleaze man yn de kiste opnimme soenen. ‘Lit ús no mar fuortgean,’ sei Geert. Doe kearden se har ôf. Foar de doar fan de keamer wachte Jil, har wêzen sa wyt as kryt, se hie harren mei Bill allinne litten om as broers ûnder inoar ôfskied te nimmen. Op dat stuit begûnen se te praten, wylst Jil har oan de doar ta brocht. En fansels, dat koenen se net litte, it praat kaam op 'e auto. Bill hie sein, in oere foar syn stjerren, dat der nea immen oars yn ride mocht. It soe in soarte fan hillichskeining wêze, dêr wie it op delkaam. As er net deagien wie dan hienen se der om laitsje kinnen. In auto hillich, it moast ek al net mâlder! Se seagen tige earnstich, se lieten it eefkes yn har omgean. Sels koenen se net autoride, gjin fan trijen. Se hienen har faak fernuvere oer in broer dy't safolle op hie mei syn auto dat er der tsjin prate as tsjin in minske, bygelyks as er him wosk en yn de waaks sette en er glom dat jo je der yn spegelje koene. Bill hie de auto in wêzen takend, in persoanlikheid. De measte minsken fûnen soks net normaal. Mar Bill hie sein dat je der fan opsjen soene as je wisten hoefolle minsken ek wiene as hysels. David, Geert en Albert hienen doe oan 't skouder lutsen. Minsken rûnen faak fier mei allerhande útwrydske dingen, dat wienen net allinne auto's. Se leine ek wol op it geastlike flak. Mar dat hied er sein, dat Jil de auto net weidwaan mocht en ek dat noait in oar der yn ride mocht. Gie soks net te fier? Moasten je sa'n winsk of leaver eask