Tydskriften
It FLMD hat fan guon tydskriften ryklik folle yn syn argyf. Fan dy periodiken dêr't it FLMD mear as trije hat, biedt it FLMD belangstellenden - foar net-kommersjele doelen - in eksimplaar oan.
Tydskriften dêr't de foarrie frij grut fan is, binne:
Frysk en Frij, De Strikel, De Stim fan Fryslân, De Stiennen Man, Us Wurk, De Pompeblêden, Yn ús Eigen Tael, It Heitelân, en De Tsjerne.
Reaksjes, leafst skriftlik, kinne rjochte wurde oan Aly de Boer of Binne Reitsma, FLMD, Postbus 884, 8901 BR Ljouwert.