plichtmjittich by my oer. De man moat in ‘workaholic’ útbyldzje mar de fantasy fan de skriuwer gie net folle fierder as: in workaholic is ien dy't altiten wurkje wol. Dus dat is wat der bart, sels op syn jierdei moat er ta de nacht út wurkje oan syn sinleaze taffeltsje, sûnder mar even tiid te hawwen mei Mary in stikje fan har selsbakte taart te iten. Soks wol my net oan. Sokke oerdreaune, absurde sitewaasjes soene fansels in funksje ha kinne mar hjir wurdt it doel mist. Dat wie nammers wol ien fan de aardichste sênes: benammen dat Mary begjint mei it opiten fan in partsje dêr't in brânend kearske op stiet jout in komysk effekt. Mar it sinleaze nifeljen oan it begjin fan it stik stiet wer yn skril mar nuver en net ferklearre kontrast ta syn lettere besetenens mei it metaalbewurkjen.
En fierder frege ik my ôf, as se it beiden sa min nei 't sin hawwe op it plattelân, wêrom dan net werom te gean nei Hagondange, dêr't se it wol altiten nei 't sin hân ha? In fraach dy't net it effekt hat de taskôgers oan it tinken te setten mar allinnich as in yrritante omisje fungearret.
Dat der net in leauwensweardich byld fan de personaazjes delset wurdt, leit him nammers net oan de spilers. Sy spylje sa goed as it sjoen de omstannichheden kin, mar sy kinne der net mear fan meitsje as der yn sit. Boppedat jouwe de lytse koarte sênes te min gelegenheid en tiid om se wierskynlik te meitsjen. Ek is it tige steurend foar it publyk om de helte fan de tiid tsjin swarte skimen oansjen te moatten.
De tekst sels joech ek genôch reden ta argewaasje, it doel hat sa't it liket west om yn in puntige bondige styl te skriuwen dêr't mei in pear wurden in soad sein wurdt en de taskôger de rest sels ynfolje moat. Dêrom nei alle gedachten ek de koarte sênes dy't sabeare djipsinnich middenyn ophâlde.
Sa einiget de sêne, dêr't Mary in mosterglês brekt dat se as wynglês brûke en wat neffens har neat hinderet, mei Georges syn ‘mar it is tafallich wol minen’. SWART. Sa seit Mary op in stuit dat se neat mear fan him begrypt, en fuort dêr oerhinne: ‘o heareminsken, myn ierpels siede droech.’ SWART. Sa wurdt even meld dat Mary fan ‘dy dochter fan ús’ ek net wyt wat se tinkt. Sa seit Mary nei it obligate ‘it skeelt wol in jas’ yn in praatsje oer it waar, wylst se, sa docht Georges ús te witten, ôfpraat hiene dat se it dêr net mear oer ha soene ‘mar wêr dan oer?’ SWART.
De jierdei-sêne, dêr't Georges op 't lêst syn wurkhokje ferneatiget, hat my folslein kâld litten en ik frege my ôf wêrom't dy man him sa oanstelde. Mar aldergeloks waard my de ferklearring even letter al jûn: ‘der is wat binnenyn my ûntploft’. Dat hie ik al tocht, mar leaver as in etiket der opplakt, hie ik de ûntjouwing dêr-