boartuorren yn Kimswert ferlike mei de poppen fan it wajangspul, en wat Margryt Poortstra oan de ein fan dit fers docht, bart lokkich yn 'e oare fersen net mear: faaks om in dramatysk effekt te krijen, hat se dit keale feit as konfrontaasje nei de poëtyske ferlikingen set (s. 6):
sliepkeamer
yn it swartwyt drama fan 'e jûn
Lokkich hâldt se yn 'e measte gedichten de benearjende sfear oan 'e lêste sin ta beet.
Yn it twadde part brûkt Poortstra graach tsjinstellings en dan fral ‘heech’ en ‘leech’, wat in dynamysk effekt jout. Foarbylden: ‘ik gean yn dy ûnder mei in rêst’ (s. 13), ‘sa djip ferdronken yn dysels - til dy yn dyn selsportret omheech’ (s. 14), ‘do hast de eagen yn 'e loften fêstlein / ien wierheid heger - by 't winter binne kloften fûgels oer dy hinne flein’ (s. 22), ‘ik bûch my djip / om dyn ûnsichtbere sleep / te dragen’ (s. 23)
Wat ik hjirby wat nuver fyn, is dat de ‘ik’ dêrby hieltyd ûnder de ‘do’ stiet. No kin dat, want de gedichten yn it twadde part binne faak leafdesgedichten en dêrby past it wol dat sa fan de oare beard wurdt. Dit feroaret dan ek al wat yn it earste fers fan it tredde part, ‘waaks dript / warskôgjend / út myn wjokken / ... /ik doch der neat mei / no't ik de hichte haw’. Mar mei in dúdlike ferwizing nei de Grykse Ikaros dy't te heech fleach sadat syn wjukken raanden, liket dit in warskôging te wêzen om fral op 'e grûn te bliuwen. De titel is ek ‘Even fleane’ (s-28).
It brûken fan tsjinstellings liket in prosedee te wurden mei: ‘de wissens fan dyn wiffe wêzen’ (s. 14) ‘it triljen fan dyn tagedienens / sil yn fjoer fergean / ... / mar sa yn byld beferzen’ (s. 15). Mar ek dit komt letter yn 'e bondel net werom mei dizze frekwinsje.
Nei it fjirde part mei de bibelske froulju wurde de fersen mear beskôgjend. De ûnderwerpen binne dan mear psychologysk, sa as: ‘terapeutysk’ (s. 39), ‘yntrovert’ (s. 40) en ‘ferwar’ (s. 41) en fral yn it fyfde part, dat oer de ûnderfining fan in post-natale depresje giet. It twadde fers hjirfan ‘post-nataal (2)’ referearret oan de bibelske fersen en wurdt dêrtroch yn in grutter perspektyf set: it giet hjir net allinne om in frou dy't krekt in bern krigen hat, mar ek om de mem fan Mozes, dy't har bern kwyt moast.