jo fine hjir wol aardige bylden (lûden), lykas ‘fisken stammeren yn it wetter’; en, dat moat ek sein wurde, de dichter hat, faaks tydlik, blyk jûn fan in grutte selskennis: ‘en de twaddehâns wjerklank waard bewuolle yn laits en inkt.’ Itselde kin sein wurde fan de lêste wurden fan ‘sâlte negativen’ (s. 5): ‘fossile klyster.’
In moai fers (in echt ‘leafdesfers’) as ‘Morsetekens’ (s. 14) wurdt yn 'e fjirde strofe bedoarn:
Morsetekens
de wjerljochtfûgel spat op it sâlte fan dyn
it skroeiend wetter op myn glêzen tikket
de spegeldiggel trillet snijend dûbel troch dyn
de kollekteponge fan de moraal befettet houten
de nachtûle kritet de kikkerts gnyskjend ûnder
de wjerklanken fan in âld gebeart sykhelje yn
Dizze strofe is hjir tige steurend, werris ien dy't tsjin 'e tsjerke oantraapje moat, it is skande en it hellet jin út 'e frisse natuer wei yn 'e muffige rook fan pipermuntsjes, âldeklonje en âlde wyfkes. Dêr siet ik wier net op te wachtsjen.
Eat dat ik nèa wer lêze wol, is út ‘Krytstreken’ (s. 15) de rigel ‘ik skriuw in opdracht yn it sân.’ Dat hat in soad fan blasfemy wei en is boppedat in grouwélich klisjee.
Wêr haw ik de passaazje út ‘leafde is’ (s. 21)
earder lêzen? Dizze titel docht my oars tinken oan in strip yn in grut lanlik deiblêd, dat ek net helendal fris is.
De leafde yn dizze bondel is heteroerotysk rjochte en komt mei namme yn de lange ‘syklus’ ‘Neaken rûn ik leafste’ (s. 32-47) dúdlik ta utering. Ritmysk en wat lûd oanbelanget sit it hjir treflik yninoar, mar dat makket it foar my allinnich mar minder surrealistysk.
Op wyldseauwige, ûnfoege wize wurdt de lichaamlike leafde beskreaun, mar it rekket jin alhiel net, fral om't der dingen byhelle wurde dy't alhiel neat mei erotyk te krijen hawwe, foar safier ik dêr genôch ferstân fan haw. Lykas: ‘kidelstien’, ‘klokmotel’ (s. 35), ‘kaartsjeknipper’, stielen fisk’ (s. 39), ‘waskline’ (s. 42), ‘romteleppel’ (s. 45). Nû. XVI, de lêste strofe, sitearje ik hjir folslein om in yndruk te