| |
| |
| |
[Nummer 1]
Geart fan der Mear
Tamminga Tachtich
Ynlieding
Graach soe ik de hjirnei ôfprinte taspraak, útsprutsen bij de fiering fan Douwe Tamminga syn tachtichste jierdei op 24 novimber 1989, dus twa dagen nei syn werklike jierdei, inkelde wurden mei op reis jaan wolle. Ik ha der nammentlik ferlet fan om der op te wizen dat it in taspraak wie, dy't útsprutsen wurde moast yn in beheinde tiid. Dy twa dingen lykje frijwat fanselssprekkend, mar kinne licht fergetten wurde no't it hiele ferhaal yn Trotwaer ôfprinte wurdt. Mar tegearre mei it feit dat ik al earder (te witten yn jiergong 1980 fan Trotwaer) wiidweidich oer it dichtwurk fan Tamminga op 'e tekst west haw, hâldt ien en oar yn, dat, earst, it dichtwurk fan Tamminga allinne mar globaal skôge wurde koe en, twad, dat der nei myn stik fan 1980 net echt nijs te ferwachtsjen wie. It sil de tûke lêzer lykwols net ûntgean dat myn oardiel sûnt 1980 hjir en dêr wat feroare is. Fierders wol ik hjir noch graach kwyt dat it mij achterôf wat muoit dat ik Leksums net echt behannele haw yn myn taspraak. Ik bin dan ek, fuort nei de lêzing, troch in hjir fierder net mei namme en tanamme te neamen persoan even apart nommen mei de wurden: ‘En Leksums dan?’ Dat leksum hat mij wol wat rekke. It sjenre dat Tamminga yn Leksums beoefene hat, soe wol wat mear omtinken krije meie. De Fryske poëzij is almeast wat earnstich en swiersettich. Tamminga syn Leksums, dy't mei harren lichtfuottigens likegoed as serieuze poëzij jilde meie, mar dan op in oar manier, soene wat mear neifolging fertsjinje. Dêrfan hjir noch graach even akte, ta eare fan de tachtichjierrige, dy't - gelokkich - de humor yn 'e dichtkeunst noait ferspijd hat.
| |
Taspraak bij it fieren fan Tamminga syn 80e jierdei
Ik wist, dat dy man omke douwe wie... hij
wie in reus, syn skaed foel oer mij hinne,
en syn brûnzen lûd waeide om my.
Dizze rigels kin men lêze yn it begjin fan it ferhaal Omke Douwe fan Tjitte Piebenga, út de bondel De rook van mesjester. De datum dy't ik foar yn dat boek skreaun haw, is 17 oktober 1970, dat ik moat dit ferhaal moai gau dêrnei lêzen hawwe. Dizze prachtige karakterisearring fan Tamminga, alteast fan syn bûtenkant, is
| |
| |
mij eins altyd bijbleaun. Ik koe Tamminga syn uterlik doe al sa'n bytsje, want ik hie him wolris sjoen en sprekken heard. En syn lûd, syn brûnzen lûd, ken ik nei alle gedachten al sûnt de jierren fyftich, want Tamminga kaam geregeldwei op de regionale radio, at ik mij net fersin mei in kwis - titele ‘Staf en af’ en fierders heucht mij noch de rubryk ‘Dat wie de dei dat’ of sokssawat.
Ik wit net hoe en wêrom presys, mar foar mij wie ein jierren fyftich, de tiid dat ik in opgroeiende gymnasiumlearling wie, Tamminga in bekende namme. Ik sil net sizze dat er in ‘begryp’ foar mij wie, want ik wist fierder eins suver neat ôf fan wat er die, mar hij moat doe in bekend figuer west hawwe as ien dy't sa foar it Frysk wie.
Dy man wit in hiele protte, tocht ik.
Dit is op de trije nei lêste rigel út it al neamde ferhaal fan Piebenga. dy wurden tocht ik as jonge, dy't gauris de rubryk fan de taalwarder yn de Ljouwerter lies, ek al, en dêrbij witte wij no ek: dy man kin in hiele protte. Tachtich jier wurde is net foar elkenien weilein, mar echt útsûnderlik is it no ek wer net. De reden foar ús gearsit fan 'e jûn is fansels: dy man kin en wit in hiele protte. Yn de lêste rigels fan it ferhaal Omke Douwe seit it fertellende jonkje dat omke Douwe syn lûd wer begûn,
hy praette, miskien wol oer gedichten, mar ik wie bliid en der trille hwat yn my.
Tamminga syn heech stal is noch altyd rjocht en steil, en syn lûd is noch altyd fan brûns en it waait noch geregeld om en oer ús hinne. Dat binne dingen om tankber foar te wêzen, mar it binne gjin echte fertsjinsten. Dy echte fertsjinsten binne, neist wat ik al neamd haw, foaral dizze saken: at wij liezen wat DAT skreaun hie, wiene wij gauris bliid en faak trille der wat yn ús. Dat is de reden dat wij hjir fan 'e jûn bijinoar kommen binne.
Tamminga hat in soad skreaun. Hij hat oer de Fryske taal in ûnbidich tal bijdragen levere, tink bgl. oan syn wurk as taalwarder. Ek in net ûnbelangryk stik fan it Wurdboek fan de Fryske taal is fierhin ne troch him reemakke. Hij hat toanielwurk, proazawurk en ek it langere romanskriuwen treast west. Essays, skôgings en polemiken binne der fan syn hân ferskynd. Oersettingen hat er him ek oan weage. Dan binne der noch de fêste rubriken - al even sydlings neamd niis - yn de parse en op de radio, en dat wier net allinne oer taalkwestjes. Hij mei dan yn 1932 sakje foar it ûnderwizerseksamen te Grins mei in fiif foar gymnastyk, op al dy oare gebieten hat er linich as in lekken in hiel soad tûkelteammen oerwûn. Mar, ek al moat dit allegear mei eare op dizze jûn
| |
| |
neamd wurde, ik bin net útnoege om hjiroer op 'e tekst. It is it dichtwurk dêr't ik it hjir oer hawwe moat. Sûnder sizze te wollen dat elkenien fine moat dat it dichtwurk Tamminga syn grutste prestaasje is - hoe soe men al dy ferskillende niisneamde aktiviteiten ek al tsjininoar ôfweagje - fyn ik persoanlik dochs dat it krekt dat dichtwurk is dat it meast bliuwende en it meast yndrukwekkende en oansprekkende is dat Tamminga ús skonken hat. Ik leau ek dat er dêrtroch it bekendst wurden is, al lykje ek de romans dy't er letter skreaun hat wol oanslein te wêzen bij in breed publyk. Dat dichtwurk begjint al yn 1933. Ik noegje jim út om ris mei mij tebek te sjen op it dichtwurk fan Douwe Annes Tamminga.
It is typearjend dat Tamminga syn earste dichtwurk in oersetting is. Syn hiele libben hat er der sa't it skynt niget oan hân om it leafst formeel tige drege poëzij yn it Frysk oer te bringen. Ien fan syn bekendste oersettingen is wol De Raven fan Poe. En noch dit jier hat er de lang net maklike opdracht ta in goed ein brocht om wurk fan Gysbert Japicx yn it Nederlânsk te fertalen. In goed fertaler kin men allinne wêze at men de taal yn 'e macht hat en gefoel hat foar de eigenskippen fan sawol de te fertalen as de fertaalde tekst. Sûnder hjir op Tamminga syn oersettingen fierders yn te gean - ik ha der nammers ek gjin aparte stúdzje fan makke - kin dochs fêststeld wurde dat Tamminga him der noait mei de Frânske slach ôfmakke hat. En dan binne wij fuort al bij ien fan de wichtichste merktekens fan syn hiele oeuvre: fakmanskip, masterskip oer de taal. Mar dat klinkt allegearre wat te klinysk eins, lit mij dus leaver sizze, al wat foarútrinnende op wat ik fierder noch sizze sil: hij hat leafde foar de taal, net allinne de Fryske, leafde foar it detail yn de taal, en foar syn poëtyske mooglikheden, syn subtiliteiten en kleurerykdom.
Dy dingen foelen de kritisy al moai gau op bij it ferskinen fan Brandaris yn 1938. It sterk skilderjende en de technyske folsleinens waarden doe al nei foaren helle as eigenskippen fan syn poëzij, en dat soe eins sa bliuwe oant hjoed de dei ta. Mar, wol poëzij mear wêze as in moaie glânzgjende bûtenkant, dan moat it ek noch in dêrbij passende lading hawwe. De bûtenkant mei gjin ferpakking wêze en net mear as dat, de bûtenkant moat de foarm wêze fan wat yn it fers sit. Ik haw der alris op wiisd, soms is dy bûtenkant yn Brandaris net hielendal yn oerienstimming mei de binnenkant. Sa past neffens mij yn it moaie fers De bûtsiker it slot net goed bij it foargeande:
Soms, nei in nacht, as bang de winen gûle,
En alles om ús flok en oardiel seit,
Stean w' yn 'e moarn ûnfeilich, sûnder skûle
En sykje bût op 't strân fen de ivichheit.
| |
| |
Dizze op himsels hiel moaie strofe stiet yn in ferbân dêr't it eins net thúsheart; ommers, dêrfoar hie de dichter it oer in bûtsiker dy't ‘kalm en keninklik syn wegen’ gong. Bij dy bûtsiker liket der gjin sprake te wêzen fan minsklike swakte en kwetsberens. Hjir liket de dichter wat it slachtoffer wurden te wêzen fan syn eigen firtuoazens. It fizuële wûn it fan it ynhâldlike, liket it wol. Oan 'e oare kant levere dat ek wer rigels op lykas dizze:
De sé! It strân! Nou bûgt it paed omlegen,
Nou brûst en brekt de brânning oan syn foet,
Hjir giet er kalm en keninklik syn wegen,
As hie gjin great bigear him nei dizze oarde stjûrd.
Ik tink dat De ploeger mij yn Brandaris it leafst is. Hjir fine wij de jonge Tamminga op syn bêst. De taal is byldzjend en muzikaal, en Tamminga lit fierder it gedicht foar himsels sprekke. Dit gedicht hat net, lykas yn inkelde oare gefallen wol, in eksplisite tapassing. It einicht sa:
‘Hâld om, wei foar!’ de lange skaden wounen
En deun oan de ierde hat de sinne stien,
Do is de ploeger oer de farske grounen
Mei stûfe stap de lêste lânsgong gien.
De lêzer mei no neitinke oer de ynterpretaasje fan dit gedicht, en sa heart it ek. At men wol, kin men wat symboalysks yn dy berette ploeger lizze, sa likernôch fan de bodzjende minske dy't mei oerjefte in dreech stik wurk berêden hat. Mar dy ynterpretaasje is fan de lêzer sels, yn eigen selswurksumens keazen, al leit de stoffe dêrfoar yn it fers, wat de fertsjinste fan de dichter is.
Ek gjin minne poëzij fine wij yn Basalt, ien fan de saneamde miniatueren:
It tij is heech en de basalten daem
Stekt steil yn sé, oerkrûze mei in kaem
Fen blibjend skom det yn 'e wyn forfage...
Oant wer in weach, fen oare weagen jage
Mei al 't geweld fan hiel syn wetterfracht
Oan de Almacht fen it haed topletter slacht.
Ek hjir kin de lêzer sels oan it wurk mei de stoffe dy't de dichter foar him oandraacht. De lêzer mei, om sa mar te sizzen, de tapassing skriuwe.
In Tamminga dy't wij letter ek wolris wer sjen sille (wat it iroanyske oangiet foaral yn Leksums), komme wij tsjin yn bgl. Fen min en maeitiid. Tamminga, dat docht ek altyd wer bliken at er in lêzing hâldt, kin mei somtiden tige fine humor en irony de pinne oer it papier stjoere. Dochs is dit net de meast karakteristike kant fan syn dichtwurk.
Ik ha it gefoel dat Tamminga syn rom ûnder brede lagen fan it folk te tankjen hat oan syn balladen, dy't grif faak bij foardrachtkrigen en oare gelegenheden foardroegen binne, ek troch himsels. Wadman hat der ris fan sein dat dy
| |
| |
balladen driuwe op in technysk raffinemint sûnder dat der in ynderlike needsaak achter sit. No binne balladen in foarm fan ferheljende poëzij, en dan is it ferwyt - alteast it liket in ferwyt - fan Wadman der wat bij troch, tinkt mij. Der wurdt hjoeddedei almeast in skieding makke tusken ferheljende en lyryske literatuer. Dy lyryske literatuer moat wol op in ynderlike needsaak rêste, mei ferheljende literatuer leit it wol wat oars - al wol ik net sizze dat de skriuwer dêr neat fan himsels hoecht te jaan. Bij fertellingen komt it ynderlik fan de skriuwer as sadanich net nei foaren, it giet dêr almeast oer objektivere saken. Lykwols moat de kar fan it ûnderwerp wol wat sizze oer wat de skriuwer dwaande hâldt en wat him rekket. Tamminga sels hat bewust gedichten skriuwe wollen foar in breed publyk. Soe it sa wêze dat er dêrnêst noch wat fan himsels yn dy balladen lizze wollen hat, dan moat dat blike út de kar fan syn ûnderwerpen. En fansels, dan sjogge wij hiel dúdlik dat Fryslân en syn striid om it eigen en selsstannich bestean in net alhiel ûnbelangryk plak ynnimme yn de kar fan syn ûnderwerpen. Sa iepent de rige balladen yn de útjeften mei de ballade fan de ridderslach - dus de striid fan de frije Fries tsjin de frjemde adel dy't him ûnderwerpe wol. Sa soe men ek noch neame kinne de ballade fan Pidder Lung (al is dat in oersetting) en dy fan de trettjin asega's. Dochs is dit Fryskideologyske net alles-oerhearskjend. Yn alle balladen sit nei myn gefoel wol wat moralistysks. Foaral de ein fan in tal balladen hat dat yn him. Al is it net sasear dat der in letterlike tapassing yn jûn wurdt, de lêzer/harker wurdt dochs yn guon gefallen op in net mis te fersteane manier útnoege om de learinge fan it ferhaal te oertinken. Ik leau dat soks eins wol wat past bij it aard fan de folkspoëzij, en it wie in soarte fan
bettere folkpoëzij dy't Tamminga skriuwe woe. Us tiden hâlde lykwols net sa fan moralisme of it belearende, en dêrom is faaks de ein fan in ballade as dy fan de Wyldemerk hjoed wat befredigjender foar guon lêzers:
Do is der dounse en skriemd en songen
Oant de snaren fen 'e fioele spròngen.
Mei in aksint op de o fan sprongen hat Tamminga nochris ekstra dúdlik oanjûn hoe sterk oft it útdaagjen fan it lot wol net wie fan ‘Klaes Boukes de Vries fen Hoitebûrren’. Bij neier ynsjen is dit ien fan de bêste balladen, tinkt mij, yn in dichterlik sjenre dat fierders net ta it hichtepunt rekkene wurde moat fan Tamminga syn poëzij.
Der is hast gjin grutter stap mooglik fan de balladen, mei har objektive ynhâld, nei It griene jier, in soarte fan monologue intérieur fan de dragende en bernjende mem. Ik haw op it FLMD yn de map
| |
| |
‘Tamminga’ ris in prospektus sjoen mei dêryn de oprop om yn te tekenjen op It griene jier, neffens ien fan de opstellers (J.H. Brouwer, mien ik) hearde dy bondel ta it bêste dat der yn de Fryske literatuer skreaun is. Dy prospektus wie fansels út de oarloch. De útjefte wie fierders klandestyn, en it soe duorje oant 1962 foar't der in twadde printinge kaam. Fan in resepsje fan dizze bondel kinne wij, ek troch de oarlochsomstannichheden, amper prate. Mar ek de resepsje bij de twadde printinge fan '62 hood net oer. Faaks hie it better west om de bondel pas ein 60' er jierren op 'en nij út te jaan, doe't de seksuele revolúsje oan 'e gong wie. Net dat dit boek oer seks giet eins, of pornografysk is, mar der hie miskien in wat oare reaksje west op It griene jier as dat der no west hat.
Mar dit is praat achternei. Hoe moatte wij hjoed tsjin It griene jier oansjen? Lit mij dit sizze: It griene jier is as gehiel telâne kommen yn Stapstiennen, en dat koe hast ek net oars om't it in syklyske ienheid is. Nije gedichten is út karlêzen, en neffens mij is dat feit net yn oerienstimming mei de relative wearde fan de twa bondels. Nije gedichten haw ik heger as It griene jier, al soe ik It griene jier perfoarst net misse wolle yn it wurk fan Tamminga. Ik haw yn '79 It griene jier yngeand lêzen foar myn Trotwaernûmer oer Stapstiennen. Koartlyn haw ik dat nochris dien, en it resultaat is dat It griene jier der relatyf minder ôfkommen is. De taal bliuwt ryk en yndrukwekkend. It probleem sit him yn wat ik tsien jier lyn ek al sinjalearre hie: de djippere betsjuttingslaach, of leaver it feit dat dy mear suggerearre as werklik oanwêzich is. Fansels, It griene jier bliuwt, at men wol, in lofliet op de leafde dy't syn bekroaning fynt yn it bern. Mar de assosjaasjes mei de mem Marije en de soan Jezus bliuwe yn de grûnferve stean, nei myn betinken, en binne in ekstern elemint yn dizze bondel.
Sa't ik al ris earder skreaun haw, hat Tamminga bij syn karlêzing foar Stapstiennen it heechste persintaazje oan gedichten út Nije gedichten helle (at wij fansels even ôfsjogge fan de sykly It griene jier en In memoriam). Dat is folslein terjochte, want Nije gedichten is in hichtepunt yn it wurk fan Tamminga, nêst In memoriam, dat dat op in oare manier is. Nije gedichten lit ús in Tamminga sjen dy't yn in strange foarm frijheid wit te skeppen en yn in frije foarm himsels dochs strange beheinigen opleit. Op syn bêst hâlde yn de poëzij fan Nije gedichten foarmfrijheid en foarmbeheining inoar yn in fassinearjend en spannend lykwicht. Nije gedichten seit ek wat oars oer de dichter as dichter. Wat yn de balladen al yndirekt dúdlik wie, wurdt hjir yn it iepeningsgedicht Folk yn alle direktens poëtysk formulearre. Tamminga wol in dichter wêze troch wa't de langsten en it stribjen, de gruttens en de
| |
| |
lytsens fan it Fryske folk sprekke. Hjir ha wij foar ús in yndividuële dichter mar gjin hyperyndividuëlen-ien. Hij wol in skeaf wêze fan de skûne fan it folk, in folk dat wat al te âldmannich sintet yn syn iere gloarje, dêr't de grêven keal en de orchidéen ûnder syn koele wyn tin siedde binne - en dochs - ferklearret de dichter him solidêr mei krekt dat folk:
sjong yn my òp, folk, hwent ik haw dy ljeaf.
Dit stânpunt liket mij yn de moderne poëzij net populêr te wêzen. Faaks is it ek wat in problematysk stânpunt. Faaks hat Tamminga, alteast wat syn oarspronklike poëzij oangiet, it ek net hielendal wiermeitsje kinnen om, sa't er it sels yn it programmatysk oandwaande slot fan Folk seit, as tsjinstbere te dichtsjen oer de ‘útgongen’ fan it folk yn it liet dat altyd sprekt fan syn rispings en sinneûndergongen. Want, al fûnen guon him yn Nije gedichten noch net iepen genôch, Tamminga is dochs yn Nije gedichten en ek dêrnei folle mear de dichter fan it persoanlike as fan dat wat it folk troch him sizze litte kin. Ik tink dat wij Tamminga earder ferlykje meie mei de byldhouwer fan de Kristus fan Rio - ek dat sonnet is in credo. Ik kin mij no hjir sels sitearje: dit sonnet giet oer ‘keunst yn tsjinst fan it minskdom, net as utering fan eigen grutske waan en kinnen, net keunst heech boppe it folk (hjir ek letterlik), mar keunst foar it folk. De byldhouwer beseft dat er gjin hurde wrede Kristus houwe moat, as utering fan eigen “wrok”, en dat er net allinne hyperperfeksjonistysk himsels blyn stoarje moat op tearen en “seamen yn 't wikselkleed”, mar dat er foar de “stêd, in poel fen leed”, in oare Kristus skeppe moat’:
En hwet in fûst wier, waerd in stille hân
Opheve ta in presterlik gebearte. -
Dizze keunstopfetting leit nei myn betinken it aksint dochs justjes oars as it fers Folk die. Hjir liket in kompromis socht te wurden tusken in tsjinstberheid oan wat it folk beweecht en it hyperyndividualisme fan keunst dy't yn syn eigen ‘wrok’ libbet as ‘yn de kouwe’.
Nije gedichten is it produkt fan in ta it uterste trochfierd begearen om de foarm te behearskjen en hearrich te meitsjen oan de wil fan de dichter. Mar, sa't Tamminga sels
skriuwt yn it kwatryn dat de ynlieding foarmet ta de sân sonnetten, wij ûntkomme net oan de taal - der binne twange grinzen dy't ‘ûnútlizber’ bliuwe. Der is in frjemde hân dy't ‘isoglossen skriuwt’, d.w.s. oer in bepaâlde grins hinne is der gjin noch fierder - en djippergeand kontakt mear mooglik - der is in ‘skied tusken tael en teken’.
No is taal út soarte eins sels teken, mar Tamminga liket te tsjutten op it ferskil
| |
| |
tusken taal en oare sinjalen tusken minsken. Poëzij besiket yndie wolris de beheiningen fan taal, wat dochs bij einsluten in konvinsjoneel kommunikaasjemiddel is, te trochbrekken. Mar dat konvinsjonele heart no krekt essinsjeel ta de definysje fan taal, om't taal in oerlevere boppeyndividueel tekensysteem is. At jo dêrút stappe wolle, om't jo tinke noch mear sizze te moatten, dan binne jo it slachtoffer fan in yllúzje.
Ik leau, mei alle respekt, dat Tamminga yn de fjouwerrigel dy't de rige fan sonnetten yn Nije gedichten ynliedt, wat in poze oannimt - dêr't er aldergeloks sels net nei hannele hat, en wol alderminst yn Nije gedichten, want - sa't ik niis eins al sei - Nije gedichten is in oertsjûgjend bewiis fan it folste fertrouwen fan de dichter yn taal, de Fryske taal. At alle finesses fan de taal, at al syn mooglikheden brûkt wurde, dan is it ommers mooglik om fersen te skriuwen lykas De sitadel, dy masterlike utering fan it minsklik ferlet fan gemiensumheid, en it duorjende dêrfan. En is net de hiele bondel Nije gedichten de delslach fan in oertsjûging dat it mooglik is om mear, folle mear, te sizzen as sljochtweihinne? Nije gedichten is foar mij krekt it bewiis dat de twange grinzen fan taal har ferromje litte at je dat perfoarst wolle. Nije gedichten beweecht him net op de skied fan taal en teken - nee, it stiet midden yn 'e taal en makket tankber gebrûk fan al syn rynske mooglikheden. Dat kin no krekt yn 'e poëzij, dy't besiket de fersprate rykdommen fan de taal bijinoar te swyljen en kreatyf te oarderjen.
Floedmerk, dat staal fan de feardichheden fan Tamminga op ûnderskate gebieten, sil ik hjir, lykas ik ek earder dien haw, net wiidweidich op yngean. Al stiet der in protte yn dat de muoite tige wurdich is, it is yndie wat in neiswyljen fan in fearnsieu en jout eins gjin nije ûntjouwingen. Knap binne de neifolgingen fan in tal dichters, en ek de oersettingen binne fan it nivo sa't wij dat suver fan Tamminga ferwachtsje, as wie it sa maklik. Ik haw alris skreaun dat nei Nije gedichten de wrakseling om de foarm ôfsletten wie, en dat de wrakseling om de ynhâld begjinne koe. Dy wrakseling is eins útbleaun oant nei Floedmerk, en is him doe opkrongen troch it libben dat nei de dea fan in bemind persoan dochs fierder moat.
De 14 gedichten fan In memoriam binne, sa't se har oan ús foardogge, gjin wrakseling mei de foarm. Dy firtuoas behearske foarm is, liket it wol, in fanselssprekkend útgongspunt. Men kin hiele stikken yn In memoriam suver lêze sûnder dat jin it regelmjittich rym en de strofyske bou echt opfalle. De sinnen rinne gauris mar troch sûnder har te steuren oan rigel en strofebou. Hjir streamt it gefoel oer de diken hinne fan rigellangte en foarm en siket allinne syn eigen bêding.
Dochs is dy foarm yn In memoriam der
| |
| |
net op ta. Der giet fan dy foarm in soarte fan rêst út - de rêst fan de oarder dy't de eventuele driigjende disoarder fan it gefoel gauris dochs wer kanalisearret - om it byld fan de diken hjir even fuort te setten. Dy spanning tusken de strange oarder fan de foarm en de gaos fan it gefoel wjerspegelet de ynhâldlike kant fan In memoriam. Hoewol't In memoriam oan 'e iene kant in utering fan emoasjes is, binne it dochs oan 'e oare kant emoasjes binnen in resignearre grûnhâlding.
Tretjin fan de fjirtjin gedichten dy't meiïnoar In memoriam foarmje binne boud op in prinsipe dat sa âld is as it minskdom sels: konkrete waarnimmingen dy't assosjaasjes tewekker roppe mei in beminde deade. Dy waarnimmingen foarmje ‘brêgen nei in forline dat to ier forsonk’. Dat weromgean kinnen oer de rivier fan de tiid hat wat befredigjends - mar, yn dyselde wurden sit ek in oangripende paradoks. Der stiet ommers: ‘in forline dat to ier forsonk’. It is mei oare wurden in brêge nei it fersonken ferline, en - wij witte it allegearre - dat komt noait werom. It is dus tagelyk gjin brêge. De dichter moat dan ek hieltyd wer, yn hieltyd oare wurden, fêststelle: ‘it is foarby, elk omsjen is forgees’.
In memoriam is de poëzij fan it ‘hwerom? hwerom?’ Mar op dy ‘ieuwenâlde en ûnoplosbre fraech’ komt gjin antwurd. In memoriam is ek ien lang gedicht ta de neitins. En it is ek in tinkstien, mei dêrop ‘alpha en omega, en oer syn namme / it keningsteken fan de Kruseling’. Dy wurden steane yn it foarlêste gedicht. It lêste gedicht nimt, yn in soarte fan ynhâldlik enzjambemint it wurd teken wer op: ‘Soe yn dit teken oarewei it grêf / nij libben tine tusken inglelieten?’ Alwer in ûnoplosbre fraach: ‘hwa wit? hwa wit?’ Der is sprake fan ‘wrede fortwiivling’ en ‘ûnfrede’.
Sa einicht In memoriam op de meast minsklike wize dy't mooglik is. Der is gjin echte treast - mar der is wol hoop, in twiivlige hoop op in bestean nei de dea. It ‘wêrom’ oerhearsket lykwols net hielendal, want it libben dêr't in ein oan kommen is, kin trochwurkje as foarbyld foar de noch libjenden. Sa is wat west hat wat oars as wat net west hat, en sil it dochs bestean.
Tamminga is tachtich jier. Ik haw ris sizzen heard fan in oare oktogenarius dat dy bij syn jierdei de fylsetearders melde koe dat de earste tachtich jier de bêste wiene. Dat sil wol sa wêze. Mar in geastlik warber en sûn minske rekket net wend oan it âldwurden. Tamminga hellet sels yn in gedicht Willem Elsschot oan, dy't skriuwt
Ik word aan 't oud zijn niet gewend.
De lichterlaaie die ik heb gekend
zit nog zo diep in mijne knoken
en blijft mij dag en nacht bestoken.
Ik ha begrepen dat Tamminga ferhúzje
| |
| |
sil, of al ferhuze is, nei Ljouwert ta om tichter bij de bibleteek te sitten, no't mei it kliuwen fan de jierren it reizgjen wat beswierliker wurden is. Mar de man hat koartlyn de fersen fan Germen Visser besoarge yn in tsjokke bondel. Hij hat, ek koartlyn, in tal fersen fan Gysbert Japicx yn koarte tiid mei soarch en smaak oerbrocht yn it Nederlânsk. Wat is eins âld? Wat is 80 jier? Lit ús, mei in reklametekst, sizze: in dichter is sa jong at er him fielt. Foar Tamminga is der gjin reden om no al ‘de skeamele skeizens / fan 't smel talint to tellen ien foar ien’. Hij hat ommers noch wikseljild bij de rûs yn hjoeddeiske faluta, en dat mei er om ús noch jierren lang rynsk besteegje.
|
|