Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 304] [p. 304] Wilco P. Berga In reis (as man) Nochris te reizgjen as in man, tusken twa hynders yn. O, oan wjerskanten de kadâns. Sa mei de hakken slierend, yn it each in rein fan fonken. Oan wjerskanten de kadâns. Ynstee fan koffers waarmens yn 'e klean, in ûntsjinstriidber doel. O, oan wjerskanten de kadâns. En oeral dan in sêfte sliep by froulju dy't fan hynders hâlde. Dy kadâns. O, oan wjerskanten hynders! Sa te reizgjen tusken dagen yn, tusken de twifel en de dwylsin yn. O, oan wjerskanten de kadâns. Mar mei de hakken op 'e grûn, de langstme as in rein fan fjoer. O, oan wjerskanten de kadâns. [pagina 305] [p. 305] Nei Starum De oanfang fan 'e simmer knistert, ûnderweis nei Starum. Oan wjerskanten baarnend krûd yn it kûpeerút. Om 'e spitse tuorren hinne kringelt rook fan gêrs omheech, wer del. De flaggen kleurd mei tinne reek. Dêr by de spoardyk lâns, dêr baarnt it gêrs al foar in libben lang. De moarns betiid de surk al smeulend oan wjerskanten, oant de jûntiid. In begjin fan fjoer dat even lôget; yn 'e middei flammen om 'e pleatsen hinne. Dan werom, de lampen yn it gongpaad wurch en hieltyd lytser, dinderje yn 't rút lantearnen fan 'e doarpen mei. De âlde reizger dreamt him oan wjerskanten broei yn 't lân. In stege simmergloede, ûnderweis nei Starum. Vorige Volgende