stiet se dêr, sûnder klean, inkeld mei harsels. Hy glimket en nimt stadich in hân fan de lining, stekt him nei har út en lûkt har súntsjes tichterby as se wat weromlûkt, net wit wat se dwaan moat, sa bleat yn de iepen loft.
‘Kom mar, nimmen sil ús hjir sjen’, flústert er. Se krûpt, mei de rêch nei de loft, yn de romte tusken syn earmen en it stek. Hy leit syn hân achter har holle en se lit har der swier yn hingje.
Se reitsje inoar amper, lizze hoeden lichte hannen op it liif fan de oar as yn in taastend sykjen nei feilige plakjes. Ticht by syn oksel fernimt se de rook fan swit dy't yn it bêd, doe't er der net mear lei, om har hinne hingjen bleaun wie. Har lippen lûke paadsjes oer syn boarst, se priuwt en flústert der leave, bange wurden tsjinoan. Hy nimt har gesicht yn 'e hannen en tutet de eagen ticht, de mûle iepen. Se himet as syn hân de hiele breedte brûkt en grut oer har liif streaket. Alles wurdt grutter en rûner en de waarmte fan de bûtenkant krûpt nei binnen.
Se fernimt it net mear as hy by har weiskoot. Hy lit de doar fan de sliepkeamer iepenstean as er him ûnder de kâlde dûs ôfspielt. Under it ôfdroegjen sjocht er har rêch yn de fertroude sliephâlding, rûn en rêstich. Yn de keamer set er de wekker op de tafel en wachtet, mei de eagen de wizers folgjend, op de dei.
Se glimket yn de sliep. Har hân dy't stil op har mage leit, giet yn in rêstich ritme justjes op en del. Troch it tinne lekken hinne sjocht er de bobbel op har bûk dêr't it ferbân sitte moat. Hy doart har hân net beet te krijen no't se sa fredich sliept. In kertierke lyn hied er al eefkes mei har praten, mar se hie op syn fragen frjemde antwurden jûn en har hannen hienen hieltyd oan de izeren râne fan it bêd fêstgrypt. In suster hie by har sjoen, har hân beetkrigen en mei twa fingers oan de pols field. Hy hie har skynber freegjend oansjoen, want se hie nei him knikt dat it goed wie. It rare praten kaam noch fan de narkoaze, mar dat wie oer in skoftke wol wer oer.
Hy wurdt kjel fan har hân dy't sykjend syn wang rekket. ‘Kom ris wat tichterby’, flústert se heas. Hy ferskoot syn stoel, giet oerein en bûcht him oer har hinne. Hoeden tutet er har op de mûle. Har lippen trilje in bytsje. Of binne it syn eigen? ‘Docht it sear?’ freget er. Se knikt. ‘Dat giet wol oer’, seit se, en sjocht om har hinne. De ynfúspûde bongelt skean boppe har holle. Se folget it slankje mei de eagen. As se by har hân komt, wipt se der glimkjend mei op en del en lûkt de knibbels omheech. ‘Sjoch’, seit se, ‘alles is wekker.’