Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 298]
| |
Sybren Sybrandy
| |
[pagina 299]
| |
part hie er dat lykwols oan himsels te witen, en dat makket it allegearre wat ûnnoazel. Yn de roman is er fereale op Jiskje, mar moat er trouwe mei Antsje. Dy lêste wie neffens Halbertsma net sa min, mar: ‘Yn de tiid fan acht jier krigen hja sawn bern [...]. Der wie nin forwinnen oan. It wie lossen en laden. Master hie in danige drokte by it wiif. Fan al dat bernheljen waerd Antsje swak en sukkelich; hja koe har húshâlding net ienris goe waernimme, lit stean de winkel der by.’ (Fluit en doedelsek, s. 68). As Antsje stoarn is, trout Salverda itselde jier mei ‘in sloofke en in skiepke fan nin achttjin jier.’ Sa giet er dan syn ûndergong yn 'e mjitte. It sil dúdlik wêze: ik identifisearje my net mei de haadpersoan fan de roman. It boek is lykwols net mar ienfâldich it ferhaal oer in slûge dichter dy't raar oan syn ein komt en allikemin in melodrama fol hyltyd oanboazjende illinde streekrjocht útrinnende op de dea. De roman hat hiel wat mear fasetten. De skriuwster hat it wurk yn trije parten ferdield, ‘boeken’ neamd, fan sa'n santich oant njoggentich siden elk. Elk ‘boek’ is in fragmint út it libben fan Salverda; sadwaande hat hja gelegenheid om tusken de parten yn in gat te litten en net in geregelde kronyk fan syn libben te jaan. Hja kin in stikje oerspringe. It earste ‘boek’ behannelet Salverda syn bernejierren en oplieding ta ûnderwizer te Frjentsjer. Hjir spilet syn mem, de tûke stêds-goedfrou fan Boalsert, de haadrol. Hja is eins de iennige frou dy't yn it boek goed út de ferve komt; har tûkens foarmet in kontrast mei it soms sleauwe, soms ûnberette dwaan fan har soan. It twadde, langste part fertelt Salverda syn karriêre en syn al moai gau nearzige libben mei Metsje, syn twadde frou, en it jout ek al it begjin fan syn literêre aktiviteit. It tredde, lêste en koartste stik wurket benammen it aspekt fan it skriuwerskip fierder út. De literatuer wurdt foar Salverda in tsjinwicht foar al syn lijen, hy kin der syn gefoelens yn kwyt en hy krijt der ek wurdearring foar fan lju fan kwizekwânsje. It makket him oars as de oare Wûnzers. Hoewol't de omstannichheden hyltyd minder wurde, is it lêste part fan syn libben dochs net it swartste, sa wit de skriuwster op oannimlike wize dúdlik te meitsjen. Twa soantsjes, in twilling, stjerre tagelyk en Salverda makket der, wrakseljend mei syn lot, in fers op. Ek fan oar wurk wurdt it ûntstean ús beskreaun. As jo efterôf it samle wurk nochris trochnimme, komt jin in soad al bekend foar. Literatuerwittenskiplik besjoen doocht it net om al tefolle ferbân te lizzen tusken biografy en tekst fan in skriuwer. It giet op 't lêst om fiksje, dat wat sille jo dan sykje nei de feiten? By in ‘vie romancée’ fan in keunstner nimt fansels wol it ta stân kommen fan de keunst dêr't de keunstner syn namme oan te tankjen hat, in wichtich plak yn. Dêr is ek neat op tsjin, as it mar net op in forsearre wize bart. En yndied hat | |
[pagina 300]
| |
de skriuwster net besocht mar safolle mooglik fan it samle wurk yn de roman kwyt te wurden. Sa ûntstiet dan in totaalbyld: Salverda skriuwt en dat tilt him boppe de illinde fan syn bestean út. Faaks liket it mei him hyltyd mear de bedelte yn te gean, mar de beweging yn it boek giet nei in klimaks, in hichtepunt dus, te finen yn it al neamde tredde ‘boek’. Ik neamde earder al de grafologyske analyze dy't Ypk fan der Fear fan Salverda syn hânskrift makke hat. Hja hat dy analyze uteraard ek brûkt as boustof om syn karakter stal te jaan. Syn opljeppenens is der in goed foarbyld fan. Gauris wit Salverda tsjinslaggen net mei irony of sarkasme op te heinen, mar wurdt er krekt poerlilk. Begryplik faaks, want in dichter út de Romantyk moat syn gefoelens fansels net relativearje. Dochs ûntbrekt de irony yn it wurk fan Salverda net, al fine jo dat by Ypk fan der Fear net werom. Tink mar oan syn ‘It lof fen Wons’ (Samle dichtwurk, s. 204), mei ûnder oare de poëtyske rigel: ‘Me smijt ijn 't ponkj' in knoop foar 'n cent, iz dat nin sparjen?’ It is faaks tefolle sein dat de lof fan de Wûnzers troch dit boek op 'e nij ‘fortuwz'nefâd’ de wrâld oergiet, al helje Fryske boeken mei har oplage dat tal dan al. Mar nêst ‘vie romancée’ is dit boek ek in histoaryske roman en jout it in goed dokumintearre byld fol ferskaat fan it steds- en doarpslibben yn de lette achttjinde en iere njoggentjinde ieu. It begjint dan ek mei de klassike begjinsin fan in histoaryske roman: ‘Op 28 juny 1783, in moaie simmerdei, siet Piter Piers Salverda foar syn hûs yn 'e Tsjerkestrjitte yn Boalsert te sintsjen.’ Wie it by oare boeken fan Ypk fan der Fear sa dat jo as lêzer wolris hingjen bleauwen op in frjemde formulearring of in ûnhandige rigel, by dit boek freget de styl eins nearne omtinken. De bonkjes binne der úthelle en de tearen binne glêdstrutsen. Faaks is op dit punt de ynfloed fan it parseree meitsjen te fernimmen. In moai boek alsa, mar net botte fernijend. Dat wie ek net te ferwachtsjen fan it postume wurk fan in ferneamde romansjêre. |
|