Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 306]
| |
‘As it oansyk komt: reedzje ús wat poëzije’Hat de poète maudit Piter Yedema it folk ferbjusterje wollen mei in publikelik ôfleine masterproef, mei in huzarestikje faaks? Lieten fan de flakte wekket yn earste oanlis dy yndruk al. De reaksje fan de spraakmeitsjende gemeente - in folle side yn de LC! - wie navenant. In namdicht by wize fan opdracht dêrlitten, befettet dizze bondel - nei it ûnderwurdearre Boarring (1987) Yedema syn twadde - inkeld ‘villanellen’; fillanellen dus, dy't harren skaaimerke troch fiif trije- en in ôfslutende fjouwerrigel mei aba(a)-rym op twa rymklanken (ien steand en ien slepend) en twa stockrigels, dy't elts fjouwer kear op fêste plakken opdûke. Benammen dat lêste - acht fan de njoggentjin rigels lizze fan begjin ôf oan fêst - lit net folle romte mear oer foar de ûntjouwing fan kompleksere gedachten. De út it Sisyljaanske herdersdicht ûntstiene fillanelle liket allinne gaadlik foar natuer- en leafdeslyryk. Yedema hat lykwols folle mear op 'e lever as mei goed fatsoen yn in fillanelle opslein wurde kin. En dan bart der wat nuveraardichs: oan 'e iene kant toant ús wandering poet hoe'n protte er dan dochs mar binnen dat twingende ramt slûkje kin, oan 'e oare kant ûntrint er bytiden ek mei flêr de friksje tusken foarmeasken en de te realisearjen ynhâld. Net dat er de sels opwurpen barriêres altiten like elegant nimt: sa giet it rym no en dan mank (‘fearboat’: ‘Noard’) en misse stockrigels gauris oansluting mei harren direkte kontekst (‘// En bin de farrensplannen ris ûntspoard / By neare nacht kin ek de fisker dwile. / De wurge skippen fan de wolkefloat. //’). Mar is it net syn taalfirtuositeit dêr't er in útwei mei siket, dan is it dochs faker humor as ûnbedoelde knoffeligens. ‘Villaneltsje skriuwe hâldt wat yn / Op jin iepenst moat men wêze’; mar oan dy fillanelle an sich siet Yedema dochs noch te min byt. Dat yn acht fillanellen hat er himsels de opjefte steld ien of beide stockrigels (en ienris | |
[pagina 307]
| |
ek noch in tredde rigel) te ûntlienen oan wurk fan Gysbert Japicx oant Tsjits Peanstra. Ek is der ien by dy't tagelyk in (wat forsearre) akrostichon foarmet (‘Ria vorenamer Gaastra’), en de pyksetter is in yn 'e mande mei Tsjêbbe Hettinga skreaune ‘dûbelfillanelle’. In stockrigel út de earste fillanelle komt nammers as sadanich yn de lêste werom. En o ja, behalven dat de bondel kreas yn fjouwer skiften ferdield is, telt er likefolle fillanellen as in fillanelle rigels... Dochs leau ik net dat al dat - faken minder needsaaklike - konstruearjen doel op himsels west hat. Dêr hat Yedema tefolle ‘boadskip’ foar, oft it no om in útnoeging ta mesenaat giet (‘Dit versje is voldoend bewijs / U kunt bij mij er een bestellen’), om in ode op ús beider bertestêd (‘In Bolsert is it meeste nyt te rêden’), of om de Fryske skriftekennisse yn sosjopolityk perspektyf (‘Rein Brol fersûpt yn poepske prizen / Proai yn 'e kloeren fan de earn’). De toan fan syn meidielsumens is dy fan in ambachtsman noch dy fan in dragonder; it is it swierige mar ûnpolyste lûd fan in gildebroer fan de blauwe skûte. | |
Blue, bleu, blau-blauIt emosjonele palet fan Jac. Dykstra syn twadde bondel is tige monogroom: mankelikens is de iennichste moedsoandwaning dêr't syn stimmingspoëzij mei ynpinsele is. Inkeld in setting fan de ik mei in figurante yn in rekreatyf natuergebiet lit it koloryt in nuânse útskaaie nei in soarte fan ‘Resignation’, delbêde langstme nei... ja, nei wat. Ynhâldlik is der yn de 24 fersen en ferskes fan Op 'e kear net folle te rêden. It strân fan Kamperdún, de bosk by Riis en de bergen by Enscherange (Lúks.) resultearje yn trijeris in oktaaf Natureingang plus in sekstet wifelriedich treastgjen. In steal oare fersen skimeret de oanset ta in lytse stoarje yn troch, skoalsk gear te fetsjen ta: ferwidering fan en besinning op in relaasje, mei ‘E.’ faaks as it objekt fan in nijenien - in populêr motyf yn de Fryske tachtigers-lyryk, dy't yn dat opsicht in desennium neikomt. Mar drama, idee en katarsis ûntbrekke. De sammeltitel ‘Syklus’ foar fiif terzinen fan it type ‘Dy droege sleatswâl; / djip bewoartele stobben / fandelje wat grien’ liket al in tematyske ûntjouwing oan te tsjutten, mar blykt oars net as in hantsjefol mei-inoar en mei safolle (Frysk) natuerdicht ynwikselbere natuerympressytsjes beflappe te moatten. Hie Jelle Kaspersma al net ris in sleatswâl fol krûden, en wêr bliuwt de soere rein; ik bedoel, giet ditsoarte poëzij eins noch earne oer? In besef fan fergonklikens dat fan en ta in wurdmannich meisprekt, driget allinne wat yn de deadskoppen op twa fan de fjouwer yllustraasjes, | |
[pagina 308]
| |
fan de hân fan Dykstra sels. In ynhâldlike ûnbestimdens sûnder eigen ympakt typearret de bondel fan begjin oant ein. De evenredigens dy't men dêr net oan ûntsizze kin, komt útsprutsener, mar net positiver, ta utering yn foarm en styl; it earste tradysje noch fernijing mar gauris haikû- of sonnetterich, it twadde ferheven noch aldendeisk mar gauris sabeare-dichterlik argaïsearjend. Yn beide wurdt neat oeral helle of foar eigen kar nommen, of it moast dat wat bestoarne en tagelyk mûtele (‘sêfte rûnings’, ‘bliere tút’) wurdeigen wêze, mei de ‘leaden fûgel’ op s. 6 as geunstige útsûndering - as myn ynterpretaasje teminsten doocht, en ek dan noch leit ‘dy wurge gloede’ (s. 39) deroerhinne. Net om 'e nocht is de hiele bondel printe yn de tint fan E. har eagen: Jac. Dykstra is in romantysk dichter. Mar in kwestje fan kleur bekenne is dat amper: Op 'e kear is te timide en temûk om de lêzer yn 'e besnijing te krijen, him nei eigen bewustwêzen te tantsjen of ta wjerwurd te stikeljen. Winliken kin er yn de stiltesônes fan dizze bondel wol mist wurde: de dichter is himsels genôch. Goed begripe, Op 'e kear is och sa'n kwea boekje noch net. Technysk is it hechter as syn foargonger Boppe in spande rêch (1984), it wurdboek is in trouhertich gebrûk fan makke, it sjocht der himmel út en it tal korreksjeflaters bruit noch hinne. Spitich dat soks hjirre de poëzij nammerstemear glêdstrykt en ôfflakket. Op 'e kear lit jin blau-blau, en makket suver sehnsuchtsvoll nei romantisisme pur sang, mei de kleuren fan stjurre bloed en aadlik fleis. | |
Lit ris wat fan jo hearreEk by har fjirde lustrum komt Operaesje Fers mei in presintsje. Ferskynde der by it tredde in lûdbân-mei-tekstboek, diskear bringt de stichting acht yllustrearre poëzijkaarten út. Earder publisearre fersen fan Froukje Annema, Berber van der Geest, Sybe Krol, Reinder van der Leest, Tiny Mulder, Fedde Schurer, Sjoerd Spanninga en Theun de Vries binne foar dizze gelegenheid yllustrearre troch respektivelik Jan Kooistra, Meinte Walta, Vera Reuvekamp, Anne Woudwijk, Anne Stoer, Wim van der Veer, Jan Murk de Vries en Abe Gerlsma. OF is ûntstien út in mienskiplik stribjen om molkefarsk dichtwurk flot oan ôf- en ynnimmers te helpen, of wie it krekt oarsom? Yn alle gefallen wie dat ‘drompelferleegjende’ kollektivisme de wite moter, wat paste yn dy kwotaleaze tiid fan keunst-de-dyk-op-en-it-doarpshûs-yn. Wa't it blommige OF-finjet ûnder eagen krijt of oer de dichterstillefoan dat wiffe yntrootsje fan synthesizede harpeklanken heart, mocht noed hawwe op in | |
[pagina 309]
| |
jierren sechtich-relikt te stuitsjen. Dit nijste inisjatyf bewust lykwols wer dat OF de sliep úthat. Oerienkomstich dy oarspronklike doelstelling soarget OF foar in fariearre oanbod, oer de tillefoan likegoed as mei dizze kaarten. Mar net eltse fraach hoecht om my oan foldien te wurden: ‘Lok’ fan Annema (‘Lok fynst yn it earste / glimke fan dyn bern, / lok fynst yn de wize / eagen fan dyn mem’, ensfh.) is hjirre de keunstmolke ûnder de suvelprodukten. Opfallend is de opname yn it pakket fan de evergreens ‘Indian summer’, ‘Wille’ en benammen ‘Bitterswiet’, dêr't in folle jonger fers as ‘Mimering’ fan Krol hopeleas âldmannich tsjin ôfstekt. Hat OF oantoane wollen dat de oldtimers it publyk net fakernôch foarriden wurde kinne? Ik stap daalk yn. De ferhâlding tusken tekst en yllustraasje is hieltyd wer in behyplike saak. Wat hie Woudwijk better dwaan kinnen as Van der Leest syn (sels)spotske ‘Striidfers’ tatoeëarje yn sa'n plestiken VVV-replika fan syn (hooplik allyksa bedoelde) Grutte Pier? Mar nee, de aks deryn. Omke Meinte hie winliken in beam tekenje wollen, mar dy komt yn Berber har fers net foar, dat it is in houten hân wurden, mei grien útbotsjende fingerseinen. En hie Reuvekamp in kante jongfeint modellearre yn stee fan dat spjochtige puberfanke, dan hie ek de dichter sels de kaart foar syn amoereuze korrespondinsje brûke kinnen. Gekhyd fansels, mar it probleem fan hoe in gedicht te ferbyldzjen sûnder it te ûntlústerjen bliuwt bestean. Inkeld de beide net-sinjearjende yllustratoaren is it neffens my slagge om harren bydrage sûnder raffels mei de tekst te befrisseljen: ien yn ûngeunstige en ien yn geunstige sin. De akwarel fan Kooistra - see, strân en in trijekoppich gesintsje - krûpt it rymstikje fan Annema likefolle op 'e lije side as Annema dat Kooistra lêstlyn die yn sa'n Frysk & Frij-fraachpetear fan har. Anne Stoer dêrtsjinoer is it slagge it dochs al sa brekbere ‘Bitterswiet’ mei de meast ekonomyske middels sa hoeden te ‘fisualisearjen’ dat it liet de bêst tinkbere optyske begelieding meikrigen hat. Gun de PTT in noch hegere winst en josels en jo kunde wat wille: belústerje op nûmer 058-131313 twaris wyks alwer sa'n Frysk fers en stjoer jo favorite kaart(en) de wrâld oer. Operaesje Fers komt dan by har sulveren jubileum of earder grif mei wat noch moaiers. - No inkeld it finjet en dat rideltsje noch. |
|