Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 279]
| |
[pagina 280]
| |
slauerhoff(út it grêf opstien) ik hie net tocht
dat jo noch nei my takomme soenen:
ik bin al âlder as jo
de froulju wurde aloan bonkiger
boppe de knibbels
lykas ús fersen:
it fleis giet derôf
| |
[pagina 281]
| |
dizze tiid(mallarmé oan verlaine, 16-11 1885) as it derop oankomt
beskôgje ik dizze tiid
as in ynterregnum
foar de poëet:
de dichter bliuwt derbûten
de tiid is te ûnwennich en
te broeisk
de dichter kin neat oars dwaan
as wurkje mei mystearje
yn ferbân mei letter of mei nea
en no en dan
syn nammekaartsje
stjoere oan de libjenden:
in fers in moaie rigel
of in bondeltsje
want as de dichter
oare dingen siket
wurdt hy fergetten
en hja kenne him net mear
|
|