Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 282]
| |
Oanlieding ta in skôgingEin '87 ferskynde by útjouwerij Querido Le bateau ivre fan Arthur Rimbaud mei in Fryske en in Hollânske oersetting fan Theun de Vries. Yn De Groene fan 23 maart '88 bespruts Hans Tentije de bondel, better formulearre, hy joech krityk op de fertaling dy't er blykber lêze koe, de Hollânske. Oer de oersetting yn de twadde rykstaal gjin wurd. Ik fûn dat wat in brike sitewaasje, benammen omdat ik nei in oerflakkich lêzen dy Fryske oersetting net sa min fûn, en gauris ek better as de Hollânske. Tentije kreake yn syn besprek dy lêste ôf, mar die dêrmei De Vries neffens myn betinken ûnrjocht oan. Foar my wie doe de fraach oft de Fryske oersetting wier besjen lije koe, en oft dy bygelyks like goed of krekt better en liniger wêze soe as de Hollanske ferzy, dêr't yndied wol oanmerkingen by te pleatsen wiene. Oant no ta is ‘Le bateau ivre’ yn 't Hollânsk noch net adekwaat oersetten, en myn fraach wie oft dat mei dizze earste fertaling yn 't Frysk ek it gefal wie. Dat frege in ferdjipjen yn de aspekten fan it oersetten, en in analyze fan it materiaal. By dy analyze behein ik my yn it neifolgjende ta de earste twa strofen. Dêrby fergelykje ik de beide oersettingen fan De Vries net allinne mei it orizjineel en mei elkoar, mar ek mei in Dútske, in Ingelske en in Hollânske oersetting troch respektivelik Paul Celan, Arthur Mitchell en Laurens Vancrevel. | |
Fertale is krûpe yn in oar syn tekstYn wêzen is it oersetten fan teksten yn in oare taal in fak op himsels, en it oerbringen yn twa of mear oare talen troch deselde fertaler is hielendal gjin sinekuere, want hy is op sa'n stuit dwaande mei trije talen dy't alle- | |
[pagina 283]
| |
gearre harren eigen struktuer, sizzenskrêft, betsjuttingen en nuânses hawwe. It oersetten fan net-fiksjonele teksten smyt ornaris al moaiaardich wat swierrichheden op, mar mei fiksjonele teksten, en benammen mei poëzij, is it fakentiids noch helte slimmer steld, omdat it karakteristike fan bygelyks gedichten - lit ús sizze it mearsinnige aspekt - foar de formulearringen en de mooglikheden dêrta yn de twadde of de tredde taal it uterste freegje oan ynventiviteit, kreativiteit en fantasije. At men de ritmyske, semantyske en stilistyske aspekten fan it orizjineel hanthavenje wol, stiet men foar in hast ûnmooglike, miskien wol ûnminsklike opjefte. Njonken it fakmjittige dat by it oersetten fereaske wurdt - de materiële kennis dy't men hawwe moat - spilet ek de minske achter dat rasjonele aspekt in rol. Men sil op syn minst wat affiniteit hawwe moatte mei de taal fan de gedichten yn 't algemien, men sil miskien sels dichter wêze moatte. De ûnderskate oersettingen fan ‘Le bateau ivre’ yn it Hollânsk bewize stik foar stik it problematyske fan dit gedicht. Fóár De Vries hawwe Slauerhoff, Last, Decorte, Guépin, Diels en Vancrevel it besocht.Ga naar eind1 Vancrevel syn oersetting is de meast tagonklike en it minst ôfwikend fan de autentike tekst. Mar ek syn oersetting is gjin dûnsjend gedicht lykas Rimbaud dat bedoeld hat, is noch te min dronken en dwylsinnich. Vancrevel wit dat sels, want hy wol syn oersetting neffens eigen sizzen sa net bondele hawwe. Octavio Paz - dy't yn 1939 op 25-jierrige leeftyd in Spaanske oersetting publisearre fan Rimbaud syn poëzij - hat wol aardige opmerkingen makke oer it libjen yn mear as ien taal. Sels twatalich opgroeid mei Spaansk en Frânsk, fûn hy dat it praten learen yn wêzen it learen fan de technyk fan it oersetten betsjut. In ding yn 'e wrâld krijt (hat) in namme en dy moat omsetten wurde yn in betsjutting dy't wer keppele is oan oare nammen dy't nei oare dingen ferwize. It praten learen, dat yn syn meartalige eagen en earen dus in foarm fan oersetten learen is, hat er letter as (benammen surrealistysk) skriuwer fuortset. In skriuwer ommers set in gedachte oer yn wurden, en in fertaler set dat oer yn de wurden fan in oare taal, mar beide wurkwizen hâlde yn dat in omsetting fan tinzen syn beslach krijt yn taal. It foardiel fan meartalige oersetters soe miskien sitte kinne yn it al fan oarsprong wend wêzen oan oersetten op ferskillende nivo's. In oersetter moat eigen oplossingen fine foar de ferwizingen nei oare wurklikheden, dy't te krijen hawwe mei gewoanten, begripen, saken en bygelyks klimaat en lân. Eins soe er witte moatte wat de skriuwer wist doe't er it oer te setten fers makke: it lân dêr't er libbe, wat er lêzen hat, yn hokker sitewaasje er fersyld rekke, alles dêr't de skriuwer oan referearret, mei oare wurden, de ‘erudysje’ fan de skriuwer yn in wiid bestek is wich- | |
[pagina 284]
| |
tich foar it oersetten fan it fers. In oersetter moat hast yn syn fers krûpe, sadat er as it heal kin yn inselde assosjaasjestream terjochte komt. Foar in fers as ‘Le bateau ivre’, dat goed hûndert jier lyn skreaun is, like dat hast in ûnmooglike opjefte. Miskien is it dan fan belang om tige ticht by de tekst te bliuwen. It tafal, it op gong bringen fan assosjaasjes en de samar berne ideeën hawwe dan grif frij paad. | |
‘Le bateau ivre’ as útdaging en ynspiraasjeboarneArthur Rimbaud libbe fan 1854 oant 1891. Hy waard berne yn Charleville yn de Frânske Ardinnen. Noch gjin santjin jier âld skreau er yn 1871 ‘Le bateau ivre’, oer in personifiearre skip dat de frijheid fan de ûnmjitbere oseanen temjitte sylt. Lading en bemanning wurde al ridlik gau oerboard setten, en dan kin er him ferdrinke yn it ‘gedicht fan de sé’, yn de ivige dream fan it swalkjen nei de djippe fierten achter de hoarizon. It gedicht mei syn 25 kwatrinen hat as in magneet wurke op oersetters yn ûnderskate lannen. It sil te krijen hawwe mei de krêft dy't der út sprekt, en mei it langstme nei it ûnbekende. It einrym en it metrum fan it fers binne noch frijwat tradisjoneel, mar de ynhâld is grif foar dy tiid revolúsjonêr. It is in konkretisearring fan Rimbaud syn kredo: ‘Arriver à l'inconnu par le dérèglement de tous les sens’, yn it ûnbekende komme troch it ûntregeljen fan alle sinnen. It tilt dan ek op fan de synestesyen yn it fers. Ut syn neiwurd by de bondel docht bliken dat Theun de Vries him ferdjippe hat yn it libben fan Rimbaud, dy't al op jonge leeftyd aksele tsjin de fersliten wearden fan de bourgeoisy yn syn wenplak. De rop om frijheid sit neffens De Vries as basisgegeven yn de fantastyske dreamfeart fan in skip sûnder bemanning. It wurdt in dronken tocht dêr't foar ivich en altiten ôfskie yn nommen skynt te wurden fan Europa (en miskien fan it libben dat syn jeugd al lang ferlern hie). De dichter, fynt De Vries, dompelet him yn in trochgeande stream fan bylden, de iene metafoar jaget de oare. It liket as is it fers op 'e rin slein en kin inkeld noch de dea of in oarsoartige befrijing de ein betsjutte. Sûnt 1973, doe't er (wer?) Fryske fersen begûn te skriuwen, hat De Vries mei de fraach dwaande west oft it mooglik wêze soe ‘Le bateau ivre’ oer te setten yn syn memmetaal. Hy wie him der tige fan bewust dat in tekst yn in oan it Latyn besibbe taal oerbrocht wurde moast yn in Germaansk idioom. Achter dy Frânske tekst skûlet ommers in oar temperamint en in oare psychologyske hâlding foar it libben oer. De Vries tocht dat it ferskil yn minsklik sentimint in oersetting yn 't foar al hast ûnmoog- | |
[pagina 285]
| |
lik makke. Doe't er oan it fertalen wie, hie er it gefoel sa út en troch dwaande te wêzen mei in gigantysk riedling. Hy murk dat de mooglikheden fan it Fryske taaleigen oant op de boaiem oansprutsen wurde moasten. Soms lykwols waarden rigels ferskood, of moast it rym opoffere wurde oan de assonânsje, ek barde it wol dat wurden oplost binne yn de ‘frjemdsoartige algemy fan de wizige taalidentiteit’. By eintsjebeslút fynt De Vries syn oersetting in skym fan it orizjineel. Yn 1977 waard dy Fryske ferzy foar it earst publisearre as bibliofile útjefte, dy't net yn 'e hannel west hat. In ynspiraasjeboarne wie ‘Le bateau ivre’ ek foar de sânde Dokumenta te Kassel yn 1982. De gearstaller fan dy tentoanstelling, Rudi Fuchs, naam Rimbaud syn fers as útgongspunt. Hy frege Hans Keller in film te meitsjen oan de hân fan dat gedicht, dy't dan by wize fan motto op de tentoanstelling draaid wurde koe. Keller makke de film yn de twa offisjele fiertalen, Dútsk en Ingelsk, mei gebrûk fan oersettingen troch Paul Celan en Adrian Mitchell. Doe't de NOS letter ek meidie, makke Laurens Vancrevel in nije Hollânsktalige oersetting, dy't yn de film lêzen waard troch Remco Campert.Ga naar eind2 | |
‘De jagers neaken neile oan bûnte martelbeam’De Vries hat yn syn beide oersettingen besocht it (ein)rym en it metrum fan it orizjineel oan te hâlden. Paul Celan hat dat yn syn Dútske ferzy ek dien, mar Mitchell en Vancrevel binne de swierrichheden dy't soks meibrocht út 'e wei gongen. Ik lit de titel en it foarste kwatryn yn seisfâld folgje om ris te hifkjen hokker problemen in rol spylje by it oersetten, èn wat de mooglikheden yn de ûnderskate talen sa út en troch binne: Le bateau ivre
Comme je descendais des Fleuves impassibles,
Je ne me sentis plus guidé par les haleurs:
Des Peaux-Rouges criards les avaient pris pour cibles
Les ayant cloués nus aux poteaux de couleurs.
Das trunkene Schiff
Hinab glitt ich die Flüsse, von trager Flut getragen,
da fühlte ich: es zogen die Treidler mich nicht mehr.
Sie waren, von Indianern ans Marterholz geschlagen,
ein Ziel an buntem Pfahle, Gejohle um sich her.
(oersetting Paul Celan)
| |
[pagina 286]
| |
The drunken boat
As I went floating down oblivious rivers
I realised no one was steering, the boatmen had been captured
By whooping Red Indians who set them up as targets.
Nailing them naked to painted wooden stakes.
(oersetting Arthur Mitchell)
Het dronken schip
Toen ik de onbewogen Stromen afwaarts ging
voelde ik plots mij niet meer door de jagers meegevoerd:
Roodhuiden hadden hen krijsend tot mikpunt gemaakt,
ze werden naakt genageld aan felgekleurde palen.
(oersetting Laurens Vancrevel)
It dronkene skip
Doe't ik se delfoer, de ûngenédige Revieren,
Fielde ik my net mear laat fan slepersline of team.
Troch geijend Readhûdfolk as sjitskiif útsocht, wieren
De jagers neaken neile oan bûnte martelbeam.
Het dronken schip
Toen ik stroomafwaarts voer langs grimmige rivieren,
Voelde ik me door geen lijn van jagers meer geleid.
Roodhuiden kozen hen tot schijf, met luidkeels gieren,
Naakt werden ze aan de paal de marteldood gewijd.
(oersettingen Theun de Vries)
De titel ‘Le bateau ivre’ is troch De Vries oersetten yn ‘It dronkene skip’, dêr't ‘dronken’ miskien grammatikaal better west hie, sa't ‘it dronken gat’ ek better is as ‘it dronkene gat’. Hy hat dêrmei lykwols de fiif wurdlidden fan Rimbaud hanthavene, en tagelyk it yn prinsipe libbenleaze skip ta in persoan makke, of alteast personifiearre. De foarste rigels yn De Vries syn beide oersettingen wike op in pear plakken ôf fan de oare oersettingen en rinne neffens my net lykop mei it orizjineel. Ik tink dat ‘delfoer’ en ‘stroomafwaarts voer’ tefolle aktiviteit foarûnderstelle, wylst ‘descendre’ gewoan delsakje op it streamende wetter betsjut. ‘Fleuves’ - grutte wide streamen dy't op see útkomme - jout dat ymplisyt ek al oan. It ‘hinab glitt’ fan Celan, it ‘floating down’ fan Mitchell en it ‘afwaarts ging’ fan Vancrevel wize op deselde fanselssprek- | |
[pagina 287]
| |
kendheid. It giet hjir fansels om in nuânseferskil, wat lykwols net mear sein wurde kin fan ‘ûngenédige’ en ‘grimmige’. It ‘impassibles’ fan Rimbaud omskriuwt de streamen sawol letterlik as figuerlik (ûnder de oerflakte) as kalm en emoasjeleas. Der wurdt alteast neat bleatjûn. Ek fierderop yn it fers kin men net opmeitsje dat it wetter wat ûngenedichs of grimmitichs ynhat. ‘Träger Flut’, ‘oblivious’ en ‘onbewogen’ yn de oare oersettingen folgje it orizjineel trouwer, en passe ek better by delsakjen. Ek ‘Flüsse’ en ‘Stromen’ passe better yn dat geheel as ‘rivers’, ‘Revieren’ en ‘rivieren’, omdat se lykas ‘Fleuves’ it wide en grutte oanjouwe, en tagelyk foarútwize nei de fisioenen dy't it skip trochmeitsje sil yn 'e rin fan it fers. Yn De Vries syn Hollânske oersetting mist ‘rivieren’ de haadletter en hat it dêrtroch net de symbolyk dy't út it orizjineel sprekt, wylst yn r. 8 ‘Stromen’ al wer mei in kapitaal ôfprinte is. Mitchell docht itselde, wylst Vancrevel konsekwint de autentike tekst folget (itselde wurd, en twa kear de symboalyske haadletter). It foarútwizende ‘se’ yn de Fryske tekst nei ‘Revieren’ jout in bepaalde spanning dy't it tige goed docht. De twadde rigel yn de Fryske oersetting kipet derút yn it geheel fan fertalingen. It is in hele moaienien: ‘les haleurs’ is oersetten mei ‘slepersline of team’, en dat jout presys oan wat der bart: it skip wurdt folslein frij, en rekket de ferbinings mei de wrâld kwyt. It bynwurd ‘of’ hie wat my oanbelanget wol ‘en’ wurde kinnen, omdat ‘slepersline en team’ ien geheel foarmet en as sadanich oanslút by de autentike tekst. It is yn syn totaliteit in rigel dy't libbet en dûnset op 'e baren fan de streamen. De Vries syn Hollânske tekst dêrtsjinoer is stroef, en it keunstmjittige ‘lijn van jagers’ ropt it earst assosjaasjes op mei de wenstige betsjutting fan ‘jagen’, dy't yn ferbining mei de tiidwurdsfoarm ‘geleid’ frjemd oandocht. It ‘team’ yn de Fryske oersetting fersterket it wurd ‘slepersline’ lykwols in pear graden. It is spitich dat achter ‘team’ in dûbele punt weilitten is, want yn it orizjineel hat dy achter ‘haleurs’ in tige eksplisite funksje. De fraach moat noch steld wurde oft ‘guidé’ hjir ‘laat’/‘geleid’ betsjut of mear útskaait nei ‘lutsen’ (it ‘zogen’ fan Celan), ‘loadse’ (it ‘steering’ fan Mitchell) of ‘meifierde’ (it ‘meegevoerd’ fan Vancrevel). Dat ‘laat’/‘geleid’ past yn alle gefallen al by ‘slepersline of team’ en by ‘lijn van jagers’. Ek yn syn Hollânske oersetting hat De Vries dy dûbele punt (bewust?) fergetten, en dat soe betsjutte kinne dat er hjirre de wei folge hat fan Celan en Mitchell. It direkt oarsaaklike ferbân tusken it losreitsjen fan de jagers en it kriten fan de Yndianen wurdt dêrmei swakker makke. (De dûbele punt yn r. 86 fan it orizjineel wurdt troch De Vries nammers allikemin oernommen, wylst dy yn r. 90 allinne yn syn Hollânske oersetting opdûkt. Dêr't komma's, punten | |
[pagina 288]
| |
en puntkomma's yn gedichten fakentiids net funksjoneel binne, benammen oan de ein fan in rigel, binne dûbele punten hast altiten weardefolle eleminten. Sels yn Kurt Schwitters syn ‘Anna Blume’, dat feitliken gjin inkeld lêsteken nedich hat, wurdt ienris de dûbele punt heel bewust brûkt: ‘Do bist fan achteren krekt as fan foaren: A------N------N------A.’) Yn de tredde rigel skriuwt Rimbaud it wurd ‘criards’, dat treflik past by de kloft Yndianen dy't wierskynlik dûnsjend, springend of op hynders ridend trochelkoar razend om de jagers hinne fljocht, dy't oan de peallen fêstbûn binne. It sil lykje op it kriten fan de seefûgels, en de skelle gjalpen binne bedoeld om de finzenen eangstich te meitsjen. It Fryske ‘geijend’ is my yn dat ferbân te leaf en te foarsichtich, it jout te min oarlochssfear. It Hollânske ‘met luidkeels gieren’ fan De Vries docht my wer tefolle tinken oan ankers dy't oan keatlingen yn it wetter falle, of oan auto's dy't troch de bochten slingerje. Boppedat is dizze wurdgroep hjirre tige stiif en fral a-poëtysk. It Hollânske ‘gieren’ heart neffens my ek mear by laitsjen at it op minsken slacht. It brûken fan ‘sjitskiif’, ‘martelbeam’ en ‘marteldood’ troch De Vries jout oan dat er útgiet fan de úteinlike dea fan de jagers fan it skip. Dat is fansels in legitime ynterpretaasje, mar de oarspronklike tekst jout dêroer gjin útslútsel, en út de lêste strofe fan it fers docht boppedat bliken dat der wer sjouwers fan katoen warber binne, en dat it skip wer troch jagers lutsen wurdt (yn hokker symboalyske betsjutting dan ek). De âlde wrâld bestiet wer, en hat noait ophâlden te bestean. At men ‘poteau’ opfettet as in peal om immen oan te eksekutearjen, dan komt men fansels op sa'n útlis en sa'n oersetting. Der stiet lykwols ‘poteaux de couleurs’ en dat jout in justjes oare útwreiding fan in keale peal. Yn fergeliking mei de oare oersettingen giet De Vries hjir it fierst. Celan praat fan ‘Marterholz’ en ‘buntem Pfahle’, wat in bytsje de kant útskaait fan De Vries. Mar de oaren hâlde harren folslein oan it orizjineel. Op himsels is de Fryske fjirde rigel ‘De jagers neaken neile oan bûnte martelbeam’ in tige poëtyskenien, dy't de sfear fan it orizjineel opropt. Hy is helte moaier as De Vries syn Hollânske fjirde rigel, dêr't ik my ek by ôffreegje hoe't men immen ‘de marteldea wije’ kin. Is dat ‘wije’ hjir ‘opofferje’, ‘opdrage’ of ‘skinke’? It is taalkundich in brike konstruksje. Men kin konkludearje dat it earste kwatryn fan ‘Le bateau ivre’ troch Theun de Vries yn it Frysk op syn eigen wize weromskreaun is, en hoewol't der sa út en troch wat ôfwykt is fan de oarspronklike betsjutting, komme de fjouwer rigels as strofe, ynklusyf it einrym dat behâlden is, tige linich en sjongsum oer. Dêrtsjinoer stiet syn stive Hollânske oersetting, dy't ek wat ynhâld oanbelanget fierstentefolle ôfwykt fan de autentike | |
[pagina 289]
| |
tekst. De swietiûdigens dy't de Fryske oersetting eigen is, ûntbrekt dêr folslein. | |
‘Lieten de Litsen my op eigen wollen tsjen’It skip hat ôfskie nommen fan de jagers en seit ek de bemanning de wacht oan, nettsjinsteande it feit dat se de lading yn en út it skip kroaden. De twadde strofe: J'étais insoucieux de tous les équipages,
Porteur de blés flamands ou de cotons anglais.
Quand avec mes haleurs ont fini ces tapages
Les Fleuves m'ont laissé descendre où je voulais.
Ich scherte mich den Teufel um Männer und um Frachten;
wars flämisch Korn, wars Wolle, mir war es einerlei.
Vorbei war der Spektakel, den sie am Ufer machten,
hinunter gings die Flüsse, wohin, das stand mir frei.
(oersetting Paul Celan)
I wasn't worried about any crew at all,
Haulers of Flemish wheat or English cotton.
When my boatmen and the uproar died away
The Rivers allowed me to sail, as I liked, downstream.
(oersetting Arthur Mitchell)
Alle bemanning kon mij niet veel schelen
als kruier van Vlaams koren of van Engelse katoen.
Toen het was afgelopen met mijn jagers en het kabaal
hebben de Stromen mij gelaten waar ik heen wou.
(oersetting Laurens Vancrevel)
Ik mealde net om al dy sélju yn myn rommen,
Droech Flaamsk weit en sied en oars wol Ingelsk jern.
Sûnt mei myn loatsfolk ek dat rûch gebeart ferstomme,
Lieten de Litsen my op eigen wollen tsjen.
Het scheepsvolk kwam en ging, het kon mij niet bewegen.
Ik droeg Vlaams weit ofwel katoentjes voor de Brit.
Toen met mijn jagers ook die laadrumoeren zwegen
Gunden de Stromen mij mijn eigen wil en wit.
(oersettingen Theun de Vries)
| |
[pagina 290]
| |
‘J'étais insoucieux’ hat De Vries yn 't Frysk oersetten mei ‘Ik mealde net’, wat presys oanjout dat it skip gjin ferlet mear hat fan al dy lju, lykas ek Celan dat sa treflik oerbrocht hat mei ‘Ich scherte mich den Teufel’. De Ingelske en de twa Hollânske oersettingen binne flak. ‘Het kon mij niet bewegen’ is faaks in gefolch fan rymtwang. De betsjutting dêrfan stiet heaks op wat der barde, want de streamen brochten it skip no krekt wol yn beweging. At it tiidwurd ‘bewegen’ hjir brûkt is as ‘opwinden’ of ‘interesseren’, sjit it syn doel ek hielendal foarby. By Rimbaud rinne de rigels 5 en 6 kwa betsjutting ynelkoar oer. ‘Porteur’ kin slaan op de yndividuele kroader, lid fan de bemanning, dy't mei fracht op en del giet oer de planke, of op it skip sels dat weet en katoen ferfiert. Celan hat de twa mooglikheden knap yn ien geheel fertaald. Mitchell hat it taspitst op de leden fan de bemanning, dy't hinne en wer kroadzje, wylst Vancrevel it grammatikaal oplost hat troch ‘bemanning’ as in inkelfâld te sjen en dêrtroch útkaam op ‘kruier’ (yn dit ferbân hie ‘sleper’ it dûbele aspekt oanjaan kinnen). Yn syn Fryske oersetting liket De Vries itselde as Vancrevel te besykjen, mei dit ferskil dat ‘sélju’ mearfâld is en ‘Droech’ inkelfâld. Dat spoart grammatikaal net. No is út syn Hollânske oersetting op te meitsjen dat De Vries earder tinkt oan it skip (‘ik’) as drager fan it nôt en de katoen. Grif moat yn de Fryske tekst it ‘ik’ út r. 5 yn gedachten herhelle wurde yn r. 6, sadat de Fryske oersetting krektlyk as de Hollânske dan dochs noch essinsjeel ôfwykt fan it orizjineel. ‘Het scheepsvolk’ en ‘dy sélju’ hawwe net in soad funksje mear, alteast, de kroaden steane stil. Wat it tal fersfuotten oangiet rinne alle rigels lykop mei it orizjineel. By r. 6 hie dat fan gefolgen dat der keunstmjittich wat wurden mear opnommen wurde moasten. ‘Weit en sied’ is dûbelop en hat gjin relevante funksje, wylst ‘oars wol’ krekt wat oars betsjut as it sljochtweihinne ‘of’. Yn de Hollânske oersetting wurdt it hielendal bûnt makke om de seis fersfuotten te heljen. ‘Blés’ is ek hjoeddedei noch ‘blés’ yn it Frânsk en hie dus gewoan oersetten wurde kinnen mei ‘koren’, en ek ‘ofwel’ foar ‘of’ komt forsearre oer. Fierders leit tusken ‘Britse katoen’ en ‘katoentjes voor de Brit’ fansels in see fan ferskil. Soksoarte flaters en sleauwichheden kinne net altiten ferguodlike wurde mei it each op de twang fan rym en metrum, tinkt my. Op sa'n wize wurdt it in frije fertaling, en faaks noch minder as in skym fan it orizjineel, dêr't De Vries sels oer skriuwt yn syn neiwurd. Fan de fiif oersettingen fan de rigels 7 en 8 is de Frysktalige neffens my it sterkst en it meast muzikaal. De Vries bliuwt heel ticht by de Frânske tekst en it is him slagge om manjefike ekwivalinten te finen. ‘Loatsfolk’ (t = d, nim ik oan) is in prachtige oersetting fan ‘haleurs’ en slút poëtysk | |
[pagina 291]
| |
oan by ‘slepersline of team’ (r. 2) en by ‘jagers’ (r. 4). Tagelyk wiist it ‘ferstomjen’ fan dat loadsfolk foarút nei de frijheid dy't it skip foar himsels winsket. Mei it ‘ferstomjen fan dat rûch gebeart’ kin it skip gean dêr't it wol. Alle ankers dêr't it mei oan it ferline, oan Europa, oan de wurklikheid en oan de deistige plicht keppele siet, binne omheech helle, sadat barre kin wat barre moat: ‘Lieten de Litsen my op eigen wollen tsjen’. Men fielt hast yn dizze rigel it dûnsjen fan it skip op it wetter. De mooglikheden fan it Frysk wurde hjir troch de (wer)dichter hielendal brûkt. De alliterearjende l yn ‘Lieten’ en ‘Litsen’, dy't weromkomt yn ‘wollen’, jout in treflike kleur, en it twa kear brûken fan ts yn ‘Litsen’ en ‘tsjen’ soarget foar in eigen poëtyske krêft, wylst de útgong en yn ‘Lieten’, ‘Litsen’, ‘wollen’ en ‘tsjen’ it lichtfuottige ûnderstreket, ek it net mear bûn wêzen oan de wrâld. It wurd ‘Litsen’ (mei haadletter) foar it Frânske ‘Fleuves’ is in fynst op himsels, omdat it folle mear oanjout as it sljochtweihinne ‘revieren’. Fan ‘luts’ nei ‘lits’ is mar in stapke en mei ‘Litsen’ is it revierke útdijd ta in grutte stream, in symboalysk wetter. Om my kin dizze rigel wol boppe de yngong fan it FLMD, want hy jout sekuer oan wat dichters dwaande hâldt, en wat de poëzij op it each hat. De Vries syn Hollânsktalige oersetting fan dizze rigels 7 en 8 hellet it lang net by de Fryske. ‘Laadrumoeren’ is net allinne neatsizzend, mar soe hjir te krijen hawwe mei it kabaal fan de seelju yn de rommen. Boppe haw 'k oantoand dat dyselde seelju amper funksje hawwe yn de oersetting fan De Vries. Boppedat sil it Frânske ‘tapages’ slaan op it kabaal fan de readhûden en it kriten fan de jagers oan de bûnte peallen. Hoe't fierder in ‘laadrumoer’ swije kin (‘jagers en laadrumoeren zwegen’), lit ik no mar efkes foar wat it is. Dat tiidwurd ‘zwegen’ is nammers net sterk genôch, omdat ek de jagers (en de readhûden) mear oan it krite wienen as dat se sljochtweihinne in petear hâlden. Ek de oersettingen fan Celan, Mitchell en Vancrevel fan r. 7-8 bliuwe by de Fryske benefter. Celan lûkt yn de sânde rigel alles gear ta ‘Spektakel’, en set de achtste moaiaardich prozaysk oer en ferjit eins it skip op 'e streamen as ienheid. Yn de Ingelske tekst giet it skip allinne mar nei ûnderen en is it aspekt fan frijheid en eigen wil fergetten. Ek Vancrevel hat mei ‘gelaten’ it ‘laissé descendre’ frij swak oersetten; ‘laten wegdrijven’ hie it wis wat sterker makke. Men kin fêststelle dat de earste beide strofen yn it Frysk op in inkelde flater nei goed oersetten binne. De fersifikaasje is handich, tûk en linich útfierd. De fertaling sels is ridlik betrouber (útsein ‘ûngenédige’ en ‘martelbeam’) en de oarspronklike tekst is net tefolle opsnolke mei sels betochte strikjes en blomkes. Al lêzend fielt en heart men it boartlike, it sjongsume en benammen it ûnskoalske fan de Fryske tekst. | |
[pagina 292]
| |
De Hollânske tsjinpoat fan deselde oersetter is presys it omkearde, omdat dy wol stroef en stiif klinkt, en wol folle mear frije oersettingen fan it orizjineel opnommen hat. Ek hjir is oer it ginneraal de fersifikaasje wol linich, mar de ôfwikingen yn de tekst steure tefolle. De Vries, dy't dochs in folslein twatalich minske is, hat syn twadde taal wat geweld oandien. Miskien siet de Fryske fertaling fan in tsien jier dêrfoar him noch yn 'e wei. | |
In Fryske twalingsuster dy't like dronken isFansels, ‘Le bateau ivre’ telt yn totaal hûndert rigels; de twa strofen dy't oan 'e oarder west hawwe, foarmje mar acht persint fan it hele fers. Dochs jouwe se wol ûngefear oan hoe't de slagge fynsten en de rare missetten oer de beide oersettingen fan De Vries ferdield binne. De oare 23 strofen befêstigje dat de Fryske oersetting by dy ferdieling yndied oan de langste ein lûkt. Sa smite de rigels 20 en 21 goede foarbylden op fan in mear en in minder krekte taalkundige ynterpretaasje en fan in mear en minder adekwate wurdkar. It Frânske ‘dispersant gouvernail et grappin’ yn r. 20 is yn it Frysk tige moai oerset mei ‘En interheak en roer wylst oer de boarden skoud’, mar yn it Hollânsk wurdt der in tsjinstelling konstruearre dy't net op it orizjineel basearre is: ‘Maar enterhaak en roer zijn wel van 't dek gestouwd’. Men mei der lykwols fan útgean dat it skip bliid is ek dit oerstallige ark kwyt te reitsjen; it mist ommers de ‘nuete beakenseagen’ út r. 16 ek net, en in skip sûnder roer giet dêrhinne dêr't de wyn de frijheid glurkjen docht. En yn r. 21 is ‘le Poème de la Mer’ oerset mei respektivelik ‘'t Gedicht fan d' Oseaan’, wat lykop rint, en mei ‘'t Poëem der Zee’, wêryn't in wol tige âldfrinzich wurd liedt ta in ynkonsistint idioom. Ek kwa wurdkar hipt it nau by it oersetten fan dit mear as hûndert jier âlde gedicht, dêr't wol tige aparte wurden yn foarkomme, mar dat absolút net in grienmank is fan bargoensk en bibeltaal, sa't De Vries yn syn neiwurd suggerearret. Sjoen it foargeande moat Tentije syn konklúzje oangeande de Hollânske oersettingen dan ek ûnderskreaun wurde. Dat is spitich èn frjemd, omdat de Fryske oersetting bytiden geniaal is en meastentiids op in heech peil stiet: ek yn it Frysk is it in dronken tocht wurden dêr't ôfskie yn nommen wurdt fan Europa. Lykas Rimbaud yn it Frânsk steapelt De Vries yn it Frysk de iene metafoar op de oare en giet er oant op de boaiem fan it Fryske taaieigen. Syn geweldige krêft yn it oersetten fan Frânsk yn Frysk mei bliken dwaan út r. 95-96: ‘Un enfant accroupi plein de tristesses, lâche / Un bateau frêle comme un papillon de mai’ waard ‘In sittend | |
[pagina 293]
| |
bern fortrietlik mei syn boatsje boartet / Dat as in maaieflinter wif syn hân ûntroun’. ‘It dronkene skip’ is in twalingsuster (nei de taal) èn in twalingbroer (nei de foarm) wurden fan ‘Le bateau ivre’. It fernuveret my dan ek dat De Vries it fers net adekwaat oersette koe yn de taal dy't er in libben lang yn syn proaza brûkt hat. Dêr't in Octavio Paz, in Fernando Pessoa, en hjir in Bert Schierbeek (sjoch it fraachpetear yn De Groene, juny '88) tige posityf binne oer harren opgroeien yn mear as ien taal, omdat it harren skriuwmooglikheden fergrutte en ferrike hat (soms yn in surrealistyske kontekst), dêr docht bliken dat in De Vries dêr gjin profyt fan hân hat by it oersetten fan ‘Le bateau ivre’ yn syn twadde taal. It kin wêze dat er yn 1977 syn krûd al fersketten hie by it fertalen fan dat tige slimme fers yn it Frysk, en dat it net mear mooglik wie om op 'e nij op dit dronken skip te stappen yn in oare taal, ek al siet der ûnderwilens in tsien jier tusken. It is hoe dan ek in goed ding dat de bibliofile útjefte fan '77 folge is troch in foar elkenien te besetten útjefte, sadat bliken docht dat dizze Hollânsktalige skriuwer by eintsjebeslút dan dochs in Frysk (wer)dichter is. |
|