de skaal mei tsiis. As se fuort is, besykje ik Wouter tusken de groep yn 'e keamer te tinken. Hy soe him wol rêde, hy wit altyd wol wat te sizzen. Mar soenen sy it dochs net wat frjemd fine, har net hielendal noflik fiele? De stimming soe net mear deselde wêze en dat wol ik perfoarst net. Myn famylje wol dat, tinkt my, ek net. Soe de dûmny mei har praat ha? Se meie it allegear wol witte, se meie ek wol in foto fan Wouter sjen, mar him hjir mei hinne nimme, dat kin net. Dy twa parten fan myn libben hâld ik leaver útinoar. Ik bliuw noch wat yn 'e keuken, spiel mar wat kopkes ôf. Wouter wit wol dat ik my net foar him skamje. Hy docht ek wolris wat allinnich. Dat geëamel ek!
Ik haw him hjirwei noch noait skille, miskien ienkear doe't wy elkoar krekt troffen hienen. ‘Reinder hat syn famyljebesites’, hat Wouter ris tsjin ien sein. Mar no draai ik dochs ús tillefoannûmer, hast foar't ik der erch yn ha. Wylst ik wachtsje, sjoch ik troch it rút dat Moarke op myn auto yn 'e sinne leit. Us mem hat har sa bedoarn, it bist is noch eigenwizer as oare katten.
Dan is Wouter oan 'e tillefoan. ‘Bisto it’, seit er optein, mar dêrnei prate wy gewoan oer dingen fan al den dei. ‘Ik sil fan 'e middei in ein te hurdrinnen. Is it dêr by jim ek sok moai waar?’ Ik wol him eins oer hjoed, hjir thús, fertelle, en ek wol dat ik mâl mei him bin, mar it slagget my net. Miskien wit er it sa ek wol. As wy útpraat binne, fiel ik my net tefreden. It soe fansels kinne, dat er altyd al in kear meiwollen hat, mar it my net freegje doarst. Ik sil de tillefoan wer pakke, mar dan is muoike Frouk by de doar. ‘Ik gean fuort, hear.’
Letter op 'e middei sitte wy noch wat bûten. De measte besite is wer fuort, heit en Atze binne oan it melken. Yn 'e sinne is it noch waarm. Der wurdt net folle praat, elkenien slûget wat.
It komt grif fan it moaie waar, tink ik, it is al oktober, mar de hjerst komt deroan. de bou is der klear foar, de sleatten binne úthekkele, de ljippen sitte al byelkoar om nei it suden ta, allinnich wy binne noch net sa fier. Yn 'e stêd merk ik noait net folle fan it waar, mar hjir namste mear. It hat jin hjir ek mear te sizzen. ‘Moatst mar dichter wurde’, sei Wouter, doe't ik him dat betsjutte.
Ynienen stiet lytse Wytse by myn stoel. Hy skuort my oan 'e mouwe. ‘Ome Reinder’, ropt er, ‘der is wer sa'n fûgel.’ Ik gean oerein en sjoch it ek.
Ut 'e sleat by de skuorre fleant in reager. Stadich, kalm, mei brede wjukken. It binne grutske fûgels. Inkeld as se midden op it lân steane, mei dy lange, ûnbidige poaten, dan lykje se healwiis.