Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 272]
| |
[pagina 273]
| |
‘...en in tiid fan frede’(Preker 3:8) Doe't ik de frede socht
fûn ik de frede net,
noch de berêsting,
noch de rêst.
It libben bûnze troch
de strjitten, sûge en skokte
as yn bertefleagen
ûnderweis nei de ferlossing.
Omkeard waard ik berne,
doe't ik neat mear socht,
wie dêr by fleagen
frede.
|
|