| |
| |
| |
[Nummer 6]
Oene Spoelstra
De simmer foarby
In ritueel teaterstik
Jan Fabre en Pina Bausch yndachtich
Sa njoer as it waar yn desimber
kit de dea ús it wachtsjen op:
wy rinne en rinne mar hinne
Kin in breugeman laitsje om 't kwea
dy ienlike dei at ferstjerren
har han op him leit - foar hoe lang? -
yn desimber, dat breklik begjin
Harkje en sjoch, priuw de kleur
1.[regelnummer]
Simmer. Waarm en mei gâns fûgellûden.
Boartsjende bern komme op en ferdwine wer.
En ‘boy meets girl’: sy mei har fyts, yn 't opgroeien,
hy mei syn walkman, playbackt.
Sa giet soks op dy leeftyd: men laket wat, de eagen sykje en sûge.
En stadich komt men tichterby.
Hoe sjocht sok flirtsjen derút? Betink it mar.
Wol dúdlik is: it giet foarby.
Want kuierders komme lâns. It is moai waar. It is simmer.
En stadich dimt it ljocht, wike de lûden.
De dei hast wer oer. It skimeret noch.
En op in bank yn dy spot dy't de sinne ferbyldet:
in âldere man en in frou. Heel lokkich.
| |
| |
2.[regelnummer]
De dei brekt stadich oan.
Dêr komt it feestmuzyk, hyltyd dúdliker en lûder.
Elk klaait him foar it feest: de mem klaait har bern,
in frou boarstelt it lange hier foar de spegel,
de âlde frou helpt har man yn 'e klean en boarstelt him ô.
No is elk klear en giet fuort.
De stilte falt yn en wy wachtsje.
Dan komt de feeststoet op: fleurich en yn fol ornaat.
Foarop breid en breugeman. âlders folgje.
Famylje fansels en wat freonen.
In protte bin 't net. It toaniel is gau fol.
Dan siket elk in plak, sittend of steand, en docht him tegoed.
Drank genôch. Laitsjen en muzyk by de rûs.
En even giet er by har wei, de breugeman,
en praat mei freonen. Is dat it begjin al fan de ein?
Sy stiet ferlern, har oanhâld kwyt.
Dan giet se fan har plak en siket him.
Hy wol net mei, de âlde maten slute him yn en laitsje har út.
Dan giet er mei, jout har in tút.
Se laket net, sjocht by him wei. No al ferlern?
3.[regelnummer]
Elk op syn plak: de fotograaf ferskynt.
Wat in gedoch, it kin hast net goed.
Pearke by pearke, âlders by bern.
Noch stiver ynelkoar en no mar laitsje.
En elk hat syn nocht, it pear yn 't foarste plak.
Feroaring fan ljocht: in flits.
De deadske stilte wurdt ferbrutsen.
It feestgerûs brekt wer los, grutter en heftiger as tefoaren.
In begjin fan dronkenskip ûntstiet:
hjir en dêr rûzje en wat hantastlikheden.
Heel stadich, hast sûnder dat wy it yn 'e gaten ha,
ferdwynt de iene nei de oare fan it spylflak.
De breid en breugeman bliuwe allinne achter yn it moanneljocht.
En stadich falt it tsjuster yn.
It pear hat it goed tegearre, se kuierje en tútsje.
De swietrook fan de leafde oerfalt harren en hoeden
leit er har op 'e grûn, tutet har en giet op har lizzen.
| |
| |
4.[regelnummer]
In ingel komt út de loft.
In frouspersoan, mei frijwat ierdske trekken.
As yn in al te stadige film wurde de jonge minsken wekker.
De ingel tutet beiden op 'e mûle.
Dan nimt se breid en breugeman by de hân en - tusken harren yn -
liedt de ingel harren fuort. Soe no it paradys begjinne?
5.[regelnummer]
Muzyk. Docht it net oan oarloch tinken,
dat sketterjen fan dy trompetten, dat ûnrêstich meitsjend lûd?
Ljocht falt op in deakiste. Fjouwer soldaten hâlde de deadewacht.
De ingel komt wer op mei breid en breugeman.
Se rinne as hiene se noch in lange wei te gean.
De ingel bringt de jonge man nei de deakiste ta.
Sy freget him plak te nimmen.
De jonge man twifelet. De jonge frou haldt har stiif oan him fêst.
En al mar dy ûnrêstige muzyk.
Dan komme de soldaten yn aksje. Se skuorre de frou los
en twinge de jonge man om yn 'e kiste lizzen te gean.
De kiste giet ticht en stadichoan rinne de soldaten dermei fuort.
Kin in minske akselje tsjin 't kwea
dy ienlike dei at ferstjerren
De jonge frou begjint te draven.
Mei de hannen oan 'e holle. Mei de hannen yn it hier.
Se raast. Mar har lûd komt amper boppe it geweld fan it muzyk út.
En wat kinne ingels noch dwaan yn dizze tiid
as boadskippen bringe en tasjen
hoe't it kwea ta útfiering brocht wurdt
moedwillich en sûnder pardon.
De jonge frou hâldt har liif beet.
Se draaft en draaft en stroffelet. Dat kin ek net oars.
Se falt mei har holle yn 't wetter.
Oerein komt se wer, begjint op 'e nij te draven,
sykjend en flechtsjend, stroffeljend en fallend.
It fallen komt no folle hurder oan. Dat se bliuwt lizzen.
Twa mannen yn it wyt drage har fuort op in brankaar.
| |
| |
6.[regelnummer]
Op 'e lûdsbân hearre wy it suchtsjen en stinnen fan de jonge frou.
Bertefleagen. Dan it ferheftich gûlen fan in lyts bern.
It muzyk wurdt fleuriger no, it toanielbyld ljochter.
Fan alle kanten komme froulju oan mei berneweinen.
Se rinne en rinne en laitsje.
It liket as is it hiele spylflak fol mei berneweinen
en fleurige memmen dy't elkoar hast oer de kop rinne.
It spylflak rekket wer leech.
Feroaring fan ljocht en muzyk.
7.[regelnummer]
In Gregoriaansk gesang set yn.
Twa koarknapen meitsje it alter klear.
In froulike preester riedt in doop ta.
Dan komt de jonge frou wer op, noch hielendal wiet,
It dopen wurdt in prachtich ritueel.
De preesteres nimt it bern mei.
De koarknapen romje op en ferdwine.
8.[regelnummer]
It ljocht dôvet en falt dan op in spegel.
De frou giet foar de spegel stean.
Se besjocht harsels wiidweidich, droeget har ôf en klaait har út.
Dan lukt se oare klean oan en makket har op.
It ien en oar is wat oerdreaun, dat se sjocht der suver wat huorrich út.
Wy binne foyeurs, sa't wy in skoft lang nei dat frommes gluorkje,
dat neat seit en no en dan oer it skouder ús rjocht yn 'e eagen sjocht.
It is krekt as is se skruten. Mar tagelyk ek útdaagjend.
De frou is klear. Heech op 'e hakken, de sigaret ordinêr yn 'e mûle.
No en dan glydt har han by har hals del nei ûnderen. Se wachtet.
9.[regelnummer]
De earste man ferskynt. Jonger as har.
Hy kuieret wifeljend foarby, sjocht efterom en rint troch.
Se docht as sjocht se neat. Mar út 'e eachhoeken folget se him, elke stap.
En oare manlju komme foarby.
Yn like grut ferskaat fan klean en úterlik as it, ribben sels.
En elk lit op syn eigen wize sjen hoe't er twifelet, langet,
har yn gedachten útklaait, syn tonge yn har boarret.
| |
| |
De measte manlju bliuwe omhingjen. Op it lêst binne der
safolle om har hinne dat wy de frou amper mear sjogge.
De frou wurdt bang, wol fuortrinne.
Se besiket nei alle kanten fan it spylflak om fuort te kommen.
Mar hyltyd binne der manlju dy't har tsjinhâlde.
Earst liet se de manlju op har ôfkomme, ôfwachtsjend en útdaagjend.
No boartsje se mei har as in kat mei in mus, dy kliber keardels,
dy't harren ynienen ien fiele yn harren spul mei it slachtoffer.
Dan smite se har oer de flier en besykje op har te springen.
Frijwat komysk kin dat wêze, it springen fan manlju.
Fral as it net slagget en de konkurrinsje te grut is.
Yn elk gefal: in berch fan manlju dy't dêr opinoar lizze.
En de frou is nearne mear te sjen.
10.[regelnummer]
Wylst de manlju as in kleaune op- en ominoar hinne lizze,
ferskynt in groep bern op it spylflak.
Se begjinne mei stiennen te smiten en sjogge minachtsjend.
In pear mannen wolle de bern fuortjeie. Se wurde mei in stien rekke.
Se raze en it bloed sit harren oan 'e holle.
Se wriuwe yn it gesicht om. It bloed sit harren no oer it hele gesicht.
De mannen drippe ôf. De bern ferdwine ek wer.
11.[regelnummer]
De frou bliuwt achter. Ien man is oerbleaun.
Se steane beiden op in ein fan it spylflak.
Se sjogge nei elkoar en dogge tige lytse stapkes yn elkoars rjochting.
Dan ferskynt in âldere frou. Se wol de jonge frou meinimme.
De man draaft no nei de jonge frou ta en pakt har han.
Oan beide kanten wurdt oan de jonge frou lutsen.
Se twifelet. De oaren lûke wakker oan har.
En sy sjocht foar har út as wie se yn gedachten.
De man is de sterkste. Hy lukt de jonge frou mei.
De âlde frou lit it der lykwols net by sitte.
Se springt de man op 'e rêch en besiket him te smoaren.
De man en de âlde frou reitsje oan it fjochtsjen.
De jonge frou is loslitten.
Se wasket har hannen en gesicht
as wie der fierder neat te reden.
De man is sterker as de âlde frou. Hy sleept har mei nei it wetter
en besiket har holle ûnder wetter te triuwen.
De jonge frou stiet stom nei it groulike tafriel te sjen.
| |
| |
De âlde frou fjochtet as in tiger. Mar se moat belies jaan.
De man deadet har en sy falt langút yn it wetter.
De jonge frou sit sprakeleas op 'e knibbels te sjen.
12.[regelnummer]
Feroaring fan ljocht. Yn in ljochtstriel ferskynt de ingel.
Sy winkt twa froulju dy't mei in karre oankomme.
Oan harren úterlik en klean is wol te sjen
dat se net mear ta it ryk fan de libbenen hearre.
De âlde frou wurdt út it wetter helle, op 'e karre lein en stadich fuortriden.
Yn it fallene tsjuster stiet de jonge frou noch allinne.
Har amper beljochte figuer strielet grutte helpeleazens út.
Se stiet te wachtsjen as in bern dat syn mem kwyt is.
Dan komt in bern op, mei in baarnende kears yn 'e hân.
It pakt de jonge frou beet en nimt har mei, it djippe tsjuster yn.
13.[regelnummer]
It ljocht feroaret: it wurdt simmer.
It bern komt werom. It hat oare bern by him.
Allegear ljocht en fleurige lûden.
De bern boartsje en komme by it wetter.
Jonges triuwe in famke oan. It famke hat gjin ferwar
en se triuwe har yn it wetter.
En alles bart sûnder ien lûd. As in eangstige dream.
As in grutte oarloch ûnder lytse bern.
14.[regelnummer]
In âlde frou rydt har man yn in ynvalideweintsje.
Soms steane se even stil en harkje nei it tsjilpen fan de fûgels.
No en dan troch de simmerske lûden hinne in dissonant:
in skerp lûd, dat sear docht oan de earen.
Sy hellet iten út har kuorke en begjint de man te fuorjen.
No en dan komme boartsjende bern foarby of in kuierder. Heel koart mar.
De âlde frou sjocht mear nei de passanten as nei har man.
Hy kin har tempo fan fuorjen net byhâlde.
De âlde man begjint wat langer wat mear te griemen.
Iten en focht rinne him út 'e mûle en oer de klean.
De âlde frou laket nei him en wiist yn 'e fierte.
Hy laket werom. Hy wurdt wat langer wat smoarger.
Utsein de âlde minsken is it spylflak no leech.
Sy stoarje foar harren út.
Dan giet de âlde frou stean en helpt de man yn 'e rjochting fan it bêd.
| |
| |
Sy helpt him út 'e karre en op bêd.
Se klaait de âlde man út, mei gâns muoite.
Dan wasket se him mei leafde.
Se griemt nochal mei it wetter.
Beiden laitsje no en dan.
15.[regelnummer]
In grutte soldaat stiet op it spylflak, mei in bern oan 'e hân.
De âlde frou en man sjogge mei grutte eagen. Dan laitsje se skruten.
De âlde frou stekt de earms langjend nei it bern út.
Se laket it bern ta en winkt it.
De soldaat besiket it bern fan him ôf te triuwen, nei de âlde frou ta.
It bern krûpt achter de soldaat.
De âlde frou krûpt by de âlde man op bêd.
Se krûpe djip ûnder de tekkens, as woene se harsels ûnsichtber meitsje.
De soldaat lûkt it bern mei geweld nei it bêd ta.
Ynienen docht de âlde man in greep om it bern te pakken.
It bern ûntkomt en draaft eangstich fuort.
16.[regelnummer]
Wylst it bern fuortdraaft, in tongerslach en in ljochtflits.
De soldaat falt op 'e grûn del.
De âlde frou komt foarsichtich fan 't bêd.
Se helpt de âlde man der ek fan ôf
en tegearre krûpe se as op glêd iis nei de soldaat ta.
In eintsje fan him ôf bliuwe se sitten
en begluorkje him mei wiid iepen eagen.
De âlde man klampt him oan de âlde frou fêst,
krekt as woe er har tsjinhâlde.
De âlde frou krûpt tichter- en tichterby.
De âlde man wurdt tsjin it sin meilutsen.
Deun by de soldaat kommen, wol de âlde man
him omheechlûke oan de âlde frou.
Hy wrakselet heal omheech en kin him dan net mear hâlde.
Hy falt boppe oer de soldaat hinne. Hy bliuwt lizzen
en draait him wat om en kin it gesicht fan de deade soldaat sjen.
Hy befielt mei de finger it gesicht fan de deade man.
Yn sprakeleaze ferbjustering betaast er it deade lichem.
Dan, ynienen, springt de âlde frou de âlde man op 'e rêch.
Se smoart him. Koart en ynkringend.
Se leit it deade lichem op dat fan de soldaat.
| |
| |
De âlde frou hellet in tekken fan it bêd.
Dy leit se oer de mannen hinne. Heit en soan.
Allinne de hollen binne noch sichtber.
De wyn rust. Hyltyd mear bieden waaie it spylflak op.
17.[regelnummer]
De âlde frou begjint mei kearsen te rinnen,
dy't om de deade mannen hinne set wurde.
In soarte fan alter ûntstiet.
Koraalmuzyk en hege bernestimmen.
In jonkje en famke komme op.
Se rinne heel hoeden en hawwe elk de ein fan in lang springtou beet.
Se loere op ôfstân nei de âlde frou.
Se begjinne mei it springtou te draaien.
De bêden swypkje omheech.
De âlde frou stiet ûnferweechlik by de deade mannen.
Se sjocht no en dan oer it skouder nei de bern.
Dan drave dy op har ta, wine it springtou om har hinne en bine har fêst.
De bern begjinne te lûken, elk oan in ein.
Stroffeljend wurdt de âlde frou hinne en wer lutsen.
Op de lûdsbân laitsje al te skrille bernestimmen.
18.[regelnummer]
Toanielreek komt oandriuwen en de ingel ferskynt.
Se blaast op in fluitsje. De bern hâlde daalk op.
De soldaat en de âlde man komme stadich oerein.
In tal wêzens komt foarby, dea en foar in part yn steat fan ûntbining.
De âlde man besiket him by de rige oan te sluten.
Mar hy wurdt troch elk ward.
De soldaat foeget him by in jonge frou.
Sy sjocht der spoekeftich út, ynwyt en mei felreade lippen.
Ha wy har net earder sjoen?
Se besiket de soldaat oanienwei en al stroffeljend te tútsjen.
De âlde frou leit op 'e grûn.
By it sjen fan de stoet wrot se mei de holle yn in heap sân.
De âlde man wurdt op in karre lein en ferdwynt as lêste fan it spylflak.
| |
| |
19.[regelnummer]
De bern lûke de âlde frou oan 'e fuotten ta it sân út.
Se meitsje har los en befrije har.
Ien fan de bern jout har no in glêde reade apel.
Se byt deryn, kôget en spuit it dan út.
Dan klaut se mei in finger de mûle fierder leech. De bern laitsje.
Ien fan de bern jout de frou foarsichtich in tút.
De âlde frou glimket en rint achter it bern oan om it ek in tút te jaan.
It bern rint fuort. It daget de âlde frou út.
De bern begjinne in raaidûns.
De âlde frou wurdt beetpakt. Se moat meidûnsje.
It dûnsjen giet hurder en hurder.
De âlde frou kin net meikomme en begjint te stroffeljen.
De bern litte har los. Se falt en bliuwt hymjend lizzen.
De bern slute harren stiif om de âlde frou hinne.
De boom wordt al dikker en dikker.
20.[regelnummer]
Muzyk en ljocht feroarje. Dat ha wy earder meimakke.
Itselde ûnheil as eartiids stiet foar de doar.
Fjouwer soldaten komme it spylflak oprinnen.
De bern wurde twongen op 'e knibbels sitten te gean.
In grut seildoek wurdt oer de bern en de âlde frou hinne smiten.
It seildoek wurdt fêstset.
De bern sitte no unsichtber mei de âlde frou yn in soarte fan tinte.
De soldaten patrûljerinne.
Hjir en dêr begjint in han rikkend ûnder it seil út te stekken.
De bern begjinne te jammerjen. It lûd boazet mear en mear oan.
De soldaten wurde ûnrêstich,
traapje op 'e hannen dy't harren weromlûke.
21.[regelnummer]
Froulju ferskine op it spylflak: de memmen.
De soldaten hâlde harren mei gewearen op ôfstân.
In frou dûkt nei de hân fan in bern. Se wurdt delsketten.
De froulju wurde ûnrêstiger no en dryster.
Dan begjint in soldaat op de ‘tinte’ te sjitten.
It razen fan de bern wurdt stil.
It razen fan de memmen boazet oan.
It seildoek nimt de kleur oan fan bloed.
| |
| |
De âlde frou komt ûnder it seildoek weikrûpen.
Se hat in bern by de hân.
De mem sil derhinne. Se wurdt delsketten.
De soldaat pakt de âlde frou en it bern by de hân.
Hy twingt harren om yn it tsjuster te stean.
Allinne harren hollen sjogge wy noch.
De memmen wurde fan de soldaten fuortjage. Sels ferdwine se ek.
De soldaat begjint him út te klaaien.
22.[regelnummer]
As er neaken foar harren stiet, pakt er it jonkje en tilt it op.
De âlde frou flechtet en stekt har holle yn it sân.
En ynienen is dêr in ingel. Wy hearre in trochkringend skerp lûd.
De soldaat lit it bern los. Hy ferstiennet.
De rige mei deaden komt stadich foarby.
De soldaat wurdt op in karre lein.
De deade mem foeget har yn 'e rige. Mei har bern.
En wylst de staasje it spylflak ferlit,
stadich as yn in wijde prosessy,
komt tsjusternis oer de wrâld.
Yn it tsjuster falt in spot op it sân.
De âlde frou komt stadich te foarskyn.
Se sjocht omheech, rjocht yn it ljocht,
en raast sûnder lûd en sûnder ophâlden
sa't allinne in minske raze kin.
|
|