Op healwei fan ús libbenspaad oankommen
Jim leauwen, jim moraal foar my gjin hâld
Om't jimmer yn my tsjust're langstmen slommen,
Fûn ik my wer, 't wie yn in donker wâld.
Sirenesang en lietmotyf ferstommen
My skym'ren bylden fan in ûnderwrâld,
Want, wier, de rjochte wei wie my ûntkommen.
Nij libben wrotte fûl en út myn strôt
Is doe in paradyslik lûd fernommen:
Op healwei fan ús libbenspaad oankommen
Fûn ik my wer, 't wie yn in donker wâld
Want, wier, de rjochte wei wie my ûntkommen.
Nei Dante, Inferno, Canto I, 1-3