| |
| |
| |
Josse de Haan
‘Gulliver’: skriuwers en keunstners gear oer Europa
Yn it ramt fan ‘Amsterdam Kulturele Haadstêd Europa '87’ waard ein desimber foarich jier in skriuwers- en keunstnersfoarum yn Amsterdam hâlden. In 28 dielnimmers út tweintich Europeeske lannen hawwe fiif dagen ûnder foarsitterskip fan Pierre Vago út Frankryk praat oer Europa en de keunst, en oer de ûnderlinge gearwurking tusken de ûnderskate steaten. Doel wie om in diminsje ta te foegjen oan de oerienkomsten dy't op it mêd fan de kultuer yn Helsinki berikt wiene.
De ûnôfhinklike wurkgroep ‘Gulliver’ dy't yn Amsterdam oprjochte waard, wol ideeën en projekten sammelje dy't de geast yn har hawwe fan in frije gearwurking. It respektearjen fan it ferskaat oan talen en kultueren, ek yn de takomst, is in wichtich útgongspunt.
| |
Frije útwikseling fan tinzen
Op eardere konferinsjes fan allinne skriuwers fan de PEN wie it idee fan Günter Grass om ta in ‘Gesamteuropäische Kulturstiftung’ te kommen al ris op it aljemint brocht. Yn Amsterdam koe dat plan, no't der mear fertsjintwurdigers fan oare keunstfoarmen oanwêzich wiene, fierder útwurke wurde. It Europeesk Keunstners Foarum soe bestean út 28 minsken út East en West, út Súd en Noard, dy't allegearre as yndividuen yn in frije útwikseling fan tinzen prate soene oer de takomst fan de Europeeske kultuer. Politisy en burokraten koene foar en op de konferinsje gjin ynfloed hawwe. Dat wie in earste betingst. It stribjen wie om te kommen ta in frije útwikseling fan gedachten en ideeën oer de takomst fan Europa op it mêd fan de keunst, bûten de offisjele struktueren om.
Elke dielnimmer prate as yndividu en net as fertsjintwurdiger fan in groep of lân. De measte dielnimmers koene elkoar net foar de konferinsje, wat as in pluspunt sjoen waard foar de iepenheid en de objektiviteit yn de petearen. In grut tal keunstfoarmen wie fertsjintwurdige, sadat in breed spektrum fan de Europeeske kultuer oan 'e oarder komme koe. In stikmannich dielnimmers: Liesbeth Brandt Corstius, Nederlân, direkteur Gemeentemuseum Arnhim; Cevat Çapan, Turkije, dramaturch; Hans Magnus Enzensberger, BRD, dichter en essayist; Cesc Gelabert, Spanje, dûnser en koreograaf;
| |
| |
Günter Grass, West-Berlyn, skriuweren grafikus; Danilo Kiš, Jûgoslavië, skriuwer; Tadeusz Konwicki, Poalen, filmregisseur en skriuwer; Åse-Marie Nesse, Noarwegen, kultuerkritika en dichter; Georgui Stoilov, Bulgarije, architekt; en Andrej Voznesenski, USSR, architekt en dichter.
| |
Europeeske identiteit
Günter Grass stelde út om ûnder de namme ‘Gulliver’ fierder te wurkjen, as in earbewiis oan de grutte polemist Jonathan Swift, dy't him ommers te war setten hie tsjin de pretinsjes fan de (ûn)minsklike ynstellingen. Swift bleau erchtinkend tsjinoer skynwurden brûkt troch keningen en steatslju om harren posysjes feilich te stellen, ek tsjinoer dy fan de gelearden, en benammen tsjinoer dy fan de lju dy't de wrâld sa noadich ferbetterje woene. Soms wie syn Gulliver in reus, oare kearen in dwerchmantsje. Ek dat koe helpe de mooglikheden fan de groep yn in helder relativearjend ljocht te setten.
It waard net as fanselssprekkend sjoen dat Ingelsk de iennige fiertaal wêze soe. Ommers, in taalmonopoalje strykt net mei de plurifoarmiteit dy't yn Europa bestiet en bestean bliuwe moat. Yn de talen binne de kultueren opslein, en yn it ferlingde dêrfan lei de fraach foar de hân oft men wol útgean koe fan in Europeeske identiteit. Neffens Enzensberger bestiet der sokssawat as it Europa fan de burokraten dy't net útgeane fan de kompleksiteit mar fan in takomstige homogeniteit. Alteast, dat stribje se nei. Dy lju binne it gefaarlikst, benammen omdat de Europeeske ynstellingen dêr't se wurkje net demokratysk keazen binne. En it Europeeske parlemint hat gjin echte ynfloed op de Brusselske besluten.
In pear oaren fûnen de ynfiltraasje fan de saneamde Amerikaanske wearden helte gefaarliker. De hele Europeeske televyzje stiet ommers ûnder ynfloed fan it ‘Amerikanisme’. Mar tagelyk waard fêststeld dat Amearika feitliken diel útmakket fan de Europeeske kultuer, en dat de ûntwikkeling dêr by eintsjebeslút ús eigen spegel is. De fraach waard steld oft efter dy spegel de karakteristiken fan de âlde Europeeske (Grykske) kultuer noch te finen binne, lykas it non-konformisme, it kritysk fermogen en it iderkear op 'e nij stellen fan fragen. Dy histoarysk groeide en filosofysk fundearre yndividuele frijheid en non-konformistyske tolerânsje foarmen ommers de basis foar de demokrasy. De kultuer komt yn gefaar wannear't de demokrasy yn gefaar komt. Andrej Voznesenski miende dat de frijheid jins miening te sizzen noch altiten de wichtichste wearde is. Dy bestiet noch yn de measte Europeeske lannen en liket ek yn syn eigen lân (USSR) ûnder Gorbatsjov stadichoan werom te kommen.
| |
| |
| |
Europeesk ferskaat
Giancarlo de Carlo (architekt yn Milaan) lei de klam op it weardefolle ferskaat yn Europa. At jo fan Milaan nei it Suden reizgje, komme jo hast om de tsien kilometer yn in oar lân, mei oare lânskippen, mei oare minsken en fakentiids mei oare talen of dialekten. Dochs bestiet der in ienheid dy't Itaalje hjit. Op sa'n wize bestiet Europa sels ek. Hy fûn bygelyks dat de organisaasje fan de romte (in Noarsk fiskersdoarpke of Pompeï) oeral itselde is. Dat sjogge jo net yn Sina, net yn India, net yn Austraalje of yn Amearika. Neffens him is dat net in op himsels steand ferskynsel: yn dy typysk Europeeske ferhâlding ta de romte wurdt in folle mear omfetsjende Europeeske fisy útdrukt. De ienheid bestiet mear ûnderhûdsk as direkt oan de oerflakte.
Ek de Katalaanske Spanjaard Cesc Gelabert fûn dat men it iens wêze koe oer in Europeeske identiteit. Soks hie gjin neiere definysje nedich. Yn Barselona wurdt nachtenlang praat oer it omskriuwen en definiearjen fan Kataloanje, mar dat hat noch nea wat opsmiten. Nettsjinsteande dat twifelet gjin inkelde Katalaan oan it bestean fan Kataloanje. Neffens Gelabert bestiet der in Europeesk gefoel en tsjut it wurd ‘Europa’ in mearsidich geheel oan. Günter Grass joech ta dat der sokssawat as Europa bestiet, mar warskôge dat men de ferskillen ek net ûnderskatte moat: Copernicus is noch altiten in Poal foar de Poalen, en in Dútser foar de Dútsers.
Mei de opmerking fan Grass kaam de polityk yn de diskusje, dy't neffens de foarsitter, Pierre Vago, de kultuer altiten bedrige hat. Keunst en architektuer hawwe neffens him al sûnt ieuwen oantoand dat in Europa sûnder grinzen mooglik is. Hokker ferantwurdlikheid oangeande de twa wrâld- (dat is Europeeske) krigen it grutst west hat, dy fan de yntellektuelen of dy fan de politisy, kaam net ta in útdragen saak. De ferskillende ynterpretaasjes en definysjes fan macht lieten it ferskaat oan kulturele eftergrûnen fan de sprekkers sjen èn har ûnderfiningen mei de respektivelike krigen fan de ôfrûne ieu. Se wiene it wol iens oer de positive (architektuer, muzyk, opfettingen oer de leafde) en de negative ynfloed (reformaasje bygelyks) fan it kristendom yn Europa.
Guon dielnimmers lykwols woene net sa'n teoretyske diskusje en fregen har ôf oft it net tiid waard de konkrete útstellen fan Grass ris neier te besjen. Der moasten taastbere resultaten behelle wurde. De Carlo pleite dêrtsjinoer dochs foar it ûndersykjen fan de fûneminten, want oars soe it te hastich oplutsen bouwurk wolris mei gauwens ynelkoar sakje kinne.
| |
| |
| |
Kwaliteitskrisis
Robert Jungk, de filosoof út Eastenryk, miende dat Europa oer genôch ‘eigenbyld’ (‘images’) beskikt, en dat it de taak fan de keunstner is om dy op it spoar te kommen, sadat wy oare en bettere middels krije om meielkoar te kommunisearjen. Guons seagen wat problemen foar de skriuwers en de dichters troch al de taalferskillen yn Europa. Grass lykwols miende dat soks eins gjin probleem wie en wiisde op 'e Europeeske skelmeroman as foarbyld fan in typysk Europeeske foarm, dy't oer de taaldrompels hinne stapt is. Hy rekkene Oblomov ek ta dy skelmeromans.
De Rus Bitov fûn it sinfoller en praat oer twa essinsjele fragen: wat is Europa, en: wat is in keunstner? Neffens him hawwe beide fragen deselde basis: noch Europa noch de keunstner besit in soad macht, en de takomst fan beide is in ûnwisse. It wichtichste aspekt fan de Europeeske skiednis is de striid foar de frijheid, foar it rjocht fan it yndividu op syn eigen begryp fan de wrâld. De keunst yn alle fasetten hat dêr in grutte rol by spile. Keunst moat op in yntelliginte wize dwaas wêze yn 'e striid tsjin de tirannen.
Yntusken mienden oaren dat der net sprutsen wurde moast fan in ‘kulturele krisis’, want in definysje fan ‘kultuer’ soe dochs net te jaan wêze. Miskien soe it better wêze en praat oer in ‘kwaliteitskrisis’, omdat kultuer yn alle gefallen te krijen hat mei kwaliteit. De kwaliteit fan in Van Gogh en fan in Rimbaud, it werkennen dêrfan, is te tankjen oan in hantsjefol minsken. Tsjintwurdich is soks net mear mooglik. De keunstner dy't hjoeddedei mar in pear lju fynt dy't yn syn wurk ynteressearre binne, is yn wêzen ferlern. Syn betsjutting wurdt al gau ôfmetten oan it tal bewûnderers fan syn wurk. It gefoel foar kwaliteit wurdt fakentiids oerhearske troch de earbied foar de kwantiteit. De fraach is hoe't dat kwaliteitsgefoel weromwûn wurde kin.
Enzensberger woe ha dat der net te pessimistysk tocht wurde moast. It pessimisme fan 1945 strykt al lang net mear mei de wurklikheid fan hjoeddedei. Men soe fan betinken wêze kinne dat in fjirtich jier te koart west hat om út 'e krisis te kommen. Miskien nimt soks wol in hûndert jier. Guon sprekkers fûnen lykwols dat sok tinken faaks tefolle de Dútske sitewaasje wjerspegelet, want yn de measte oare lannen hearske nei it delslaan fan it fassisme in grut optimisme. En dêrmei wie de polityk dochs wer weromkommen yn 'e diskusje, wat eins net de bedoeling wie.
Stangerup, de Deenske kultueressayist, warskôge tsjin it keunstnersnarsisme en it stelselmjittich ôfwizen fan politisy. Ek Danilo Kiš frege him ôf hokker doel it hie meielkoar te praten at bygelyks it wichtichste ûnderwerp, de ûnfrijheid yn guon Europeeske lannen, negearre wurde moast.
| |
| |
Dy ûnfrijheid hat ommers te krijen mei in bepaalde polityk. Castoriadis, de Gryksk-Frânske publisist, tocht dat it probleem omsyld wurde koe troch te praten oer ‘open societies’ yn it Westen en oer ‘closed societies’ yn it Easten. Grass brocht yn it ûnthâld dat it Spaansk fassisme te lang yn Europa tolerearre wie, troch keunstners, en dat it te maklik wêze soe soksoarte fassisme ôf te dwaan mei ‘closed societies’. At de keunstner syn stim net hearre lit, wa sil dat dan yn 'e goedichheid al dwaan?
| |
Ferantwurdlikheid fan de keunstner
It waard sa klear as in klûntsje dat der ûngelikens tocht waard oer keunst en polityk, oer keunst sûnder polityk en oer de keunstner en de politike ferantwurdlikheid. De Spanjaard Gelabert en de Portugees Almeida Faria woene dat de keunstner (konkreet: de groep ‘Gulliver’) presje útoefenje soe op de politisy. Enzensberger seach de ynfloed fan de keunstner yn direkte sin as marzjinaal.
It ferskil fan ynsicht oer de polityk kaam benammen ta utering by it behanneljen fan it finansjele fraachstik. Moat in krityske groep as ‘Gulliver’ jild oannimme fan regearingen, fan de EG, fan grutte ûndernimmingen dy't soms direkt en yndirekt totalitêre rezjyms stypje? De mearderheid fan de dielnimmers wie fan betinken dat ‘Gulliver’ de hannen (en pinnen) frij hâlde moat fan kommersjele en politike belangen. Jild wurdt ommers altiten jûn mei in bepaalde bedoeling.
Fan de teoretyske diskusje belânen de dielnimmers sa njonkelytsen yn de praktyske wurklikheid. Castoriadis frege him ôf oft se no in organisaasje woene, in praatklub, of konkrete resultaten ferwachten. Benammen De Carlo pleite op 'e nij foar it ferdjipjen fan de teoretyske diskusje. De fraach wie neffens him net oft ‘Gulliver’ Europa rêde moast of net, mar it doel lei yn it elkoar moetsjen en yn it útwikseljen fan ideeën oangeande de keunst en de kwaliteit dêrfan. Grass dêrtsjinoer seach neat yn in oppoetste salon no't it tiidrek fan de multimedia de keunstner oare ferplichtingen oplein hat. Doe't Pasternak sa ferskriklik isolearre wie, hiene de Europeeske keunstners har oppenearje moatten en protesten de wrâld ynstjoere kinnen. De keunstner moat út de salon, en útgean fan de ferdragen fan Helsinki. East en West, Noard en Súd sieten hjir yn Amsterdam byelkoar: in histoarysk momint en in died op himsels.
| |
Histoarysk begjin
Uteinlik kaam it foarum ta in skala fan útstellen dy't fierder besjoen wurde moatte en hifke op 'e skaal fan mooglik en ûnmooglik op 'e twadde gear- | |
| |
komste yn Jûgoslavië. Sa tocht Åse-Marie Nesse dat it persintaazje froulike dielnimmers (op dizze gearkomste tsien prosint) fergrutte wurde moat ta fyftich. Se wiisde op 'e rol fan froulju yn 'e 18de ieu yn de salons.
Grass woe de kulturele stifting ‘Gulliver’ fêstigje yn trije steden: in hûs yn Budapest en twa dependânses yn Wenen en Amsterdam. Sa'n stifting soe in oersetterspool opsette kinne, in radiostasjon en in krante begjinne, en dat alles mei it each op keunst, kwaliteit en ferskaat yn Europa. Voznesenski leaude mear yn beweechlikheid, en tocht dat skippen en wenweinen fol Europeeske kultuer better wêze soene as de mear statyske kulturele haadstêden. At Konrad, Havel of Vaculik net by ús komme kinne, geane wy yn dy kulturele ‘arken fan Europa’ nei harren ta.
Enquist, Sweedsk filosoof en kultuerkritikus, hie it each op in Baltyske kulturele mienskip dy't gearkomsten hâlde kinne soe yn de ûnderskate stêden om de Eastsee, omdat se dêr sûnt ieuwen wend binne gear te wurkjen. En Stoilov, Bulgaarsk filosoof, wiisde noch op de heilsume wurking fan in âld Bulgaarsk kleaster op yntellektuele diskusjes.
Enzensberger warskôge foar in te ambisjeuze opset. Hy frege him ôf hoe't sa'n lyts groepke minsken in krante of in radio opsette kinne soe. Konkurrinsje mei de kultueryndustry is net nedich neffens him. Ek hy lei de klam op de histoaryske died dat skriuwers en keunstners út heel Europa byelkoar komme kinnen hiene, en dat dy it iens wiene oer de stelling dat it ferskaat oan kultueren yn Europa, it ferkaat oan talen en keunsten bestean bliuwe moat. De skiednis hat neffens him oantoand dat feroaringen yn de wrâldhistoarje soms op gong setten binne troch tige lytse groepearingen, fakentiids sûnder macht of jild.
‘Gulliver’ wol net de safolste organisaasje wurde dy't tsjûke rapporten skriuwt dêr't gjin minske him wat fan oanlûkt. ‘Gulliver’ is in ûnthjit, in ûndernimming dêr't yndividuen oan meidogge dy't allinne harsels fertsjintwurdigje. Der komme in pear adressen, yn East- en yn West-Europa, dêr't mieningen en ideeën dellein wurde kinne. Op de twadde gearkomste wurde dy allegearre besjoen, en wurde miskien wat mear spikers mei koppen slein.
De ôfdieling Amsterdam fan ‘Gulliver’ wurket oan in fideo-dokumintêre dêr't fraachpetearen yn opnommen wurde mei dielnimmers oan de foarste konferinsje. Ynformaasje is oan te jreegjen by: ‘Gulliver Amsterdam’, postbus 53066, 1007 RB Amsterdam.
|
|