Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 242] [p. 242] Baukje Wytsma Lit ús net hastich wêze Lit ús net hastich wêze no't de dei begjint, dit bliuwt. It stadich wekker wurden fan de wrâld, it teare ljocht dat oer de tekken skoot. Sjoch, it gerdyn beweecht, de wyn. Fielsto dy burgen, fregesto, fielsto dy burgen? O, widzje my, lit my net los, ik fiel my burgen. Lit ús net hastich wêze no't de dei begjint, noch bin 'k it bern yn my, aansen dyn frou. [pagina 243] [p. 243] Net langer wachtsje no Net langer wachtsje no, it is al let, te let foar wer werom, te let foar fragen: bisto myn leafste, binne wy rivalen? It antwurd is dit âlde ritueel, djip yn myn wêzen hein ik dyn sinjalen. Noch bisto kening, ik dyn koertisane, de mûle sil dy op myn lippen rane, in reade gloede slacht troch it bordeel. Vorige Volgende