Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Ben Holtrop dôf haw ik de sliep trêde kâld wie it read boadskip dat beskûl yn my socht klomsk de waarmte fan it lang wachtsjen hâldfêst taaste nei syn útgongspunt de flecht fan dyn antlit lei in tsjok waas oer de klok mar muorren jitte myn kleuren fol ta in rynske skakearing de moarntiid sjocht my yn 'e breedte Vorige Volgende