foarkomme moat, is der neat dat de ûnderskate foarfallen oan elkoar ferbynt en dat makket it boek ta in wat brokkelich gehiel.
Om de foarfallen en episoaden stal en autentisiteit te jaan brûkt Van der Schaaf histoaryske eftergrûnen en personaazjes. Sa hyt de skrik fan it Scholtenshûs yn Grins yn De lawine net Lehnhof, mar Lehnert en is de fersetsgroep ‘Zwaantje’ yn Delfsyl sûnder mis de groep fersetslju dêr't yn it haadstik ‘In finster op de frijheid’ op doeld wurdt. Yn de measte foarfallen dy't beskreaun wurde sit lykwols wat ûnbehelprichs, in knoffeligens dy't yn it feitlike ferset grif ek foarkaam.
As foarbyld soe men de neifolgjende passaazje út it niisneamde haadstik nimme kinne (s. 102):
Yn Delfsyl by it stasjon, dêr't it lokaaltsje leechrûn, hie de man [dy't foar him oer sitten hie] de pet op en Peter sei wat frijmoedich tsjin him: Ik sjoch dat der noch farrenslju oer binne. De oare wachte even mei antwurdzjen en frege doe wêr't Peter hinne moast. Nei de haven: Peter sei der it hûsnûmer by dat er him goed yn 'e holle printe hie. No, dan koed er wol meikomme, de seeman moast tafallich dy kant ek út.
Ien dy't mei geheime papieren op reis is nei in lieder fan it ferset, begjint dy samar tsjin in ûnbekende man yn de trein te praten en jout dy samar it adres dêr't er hinne moat, sa freget men jin by it lêzen fan dit fragmint ôf. Tafallich komt it goed, want de man dy't der as seeman útsjocht sit ek yn it ferset en moat tafallich nei itselde adres as Peter. Fansels, tafallichheden komme foar en yn de werklikheid miskien wol faker as yn fiksje. Mar de opienheapping, de lawine, fan tafallichheden, mei as dramatysk hichtepunt in pear izerseachjes yn in boesgroenbûske dy't de kûgels ôfketse wannear't Peter fusillearre wurde sil, meitsje guon passaazjes yn it boek net allinne ûnwierskynlik, mar ek grotesk.
It ûnbehelprige sit him ek gauris yn de manier fan fertellen. Yn it krekt oanhelle stikje is dat de lêste sin: ‘No, dan koed er wol meikomme, de seeman moast tafallich dy kant ek út.’ De ferteller is net mear de bûtensteander, mar de seeman dy't yn de frije yndirekte rede op faderlike toan fertelt dat Peter wol meikomme kin.
Bytiden wit men mar amper wa't oan it wurd is. Bygelyks op s. 56:
Peter moast noch even mei nei Geeske. Tsjerk syn frou. In gesicht út de kuorbalklub, dy't al sûnt de mobilisaasje op non-aktyf stie. Dat kuorbaljen, in moaie tiid, sei Geeske. Wiestû net wat grut mei