Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 234] [p. 234] Jelle Kaspersma ôfsniene bocht by twelve mik point it is fjirtich graden yn it skaad en swittend stap ik hoeden efter him oan oer it fan rattelslangen ferjûne lân yn in âld bocht fan 'e northern canadian fiifentachtich jier histoarje knjirpet jin ûnder de fuotten no sundance for 1904 skreaune de deskundigen mar dit stee leit lykas doe noch altyd út it sicht fan al te nijsgjirrige veho myn maat seit dizze grûn is ús fleis en bloed it blau hjirboppe is ús loft bloed en loft binne de kleuren fan ús tsjerke ik sykje se op fragminten en splinters fan bonken klútsjes reade klaai wat oerbleau fan in tetrape en ôfslachte folk [pagina 235] [p. 235] david waans flok soe er dochs drage no't alles him by de hannen ôfbrekt wa soe him dochs betsjoene lûder klinke stimmen yn 'e skimer om syn hûs foarâlden besykje him te hoedzjen foar it ûnk de sinnedûnser en skilder fan dûnsers wol graach ferjitte en drinkt hy sprekt tsjin 'e moarnsdage as tsjin in freon tegearre harkje wy nei de lûden fan mistah ús bier stiet op 'e moterkap wy drinke de deaden ta en motsje dan giet er yn 'e hûs en jout him del yn de opkommende gleonens fan in nije dei wilens groetsje ik dronken sinne en freegje om in effen paad foar myn swier teheistere broer [pagina 236] [p. 236] luther whitehorse lit my de foto sjen fan syn bataljon nommen yn trijeënfjirtich foar omaha-beach en ardinnen-offinsyf allegearre sneuvele laket er op dizze knaap nei wylst docht er in fikse haal oan syn marihuana-sigaret trije dagen lei er foar dea yn 'e snie fan bastogne syn sibben fernamen dat er sneuvele wie joegen syn hiele besit wei seis teannen liet er efter yn belgië amputearre oantinkens oan 'e dútsers dy't er noch altyd wol sjitte kin syn hân omklammet it âlde gewear mei de lêste fjouwer patroanen de kleare blauwe eagen sjitte fjoer de oarloch tsjin 'e veho is noch lang net ôfrûn yn myn bûse fiel ik it mes dat er slipe en file sadat allinnich de punte noch mar skerp woe syn wêzen stal jûn yn de ûnmacht fan dit stiel [pagina 237] [p. 237] kim har brutsen gesicht laket om it libben want barsten sitte oant djip yn har siele in auto-ûngelok tebriek har noas en kaak it ferlies fan man en bern har siele hja besocht it fjoer fan har fertriet te dwêsten mei drank drugs pillen in skearmes stiloan is hja lykwols by ús en har brutsen gesicht laket om it libben ik sjoch har linige fingers gean kraaltsjes wurde borduerd yn in âld famyljepatroan de kreazens fan har holle hier en eagen in prachtich patroan fan libben dat ienris weiwurde sil mei har profyl Vorige Volgende