| |
| |
| |
Tr. Riemersma
Neipraat oer in net-skreaun ‘ferhaal’
It projekt ‘De alvestêdetocht fan 1996’
Aard fan it ferhaalprojekt
1. | It ‘ferhaal’ kin nei syn aard skaaimerke wurde as in ‘dystopy’, dat wol seze it tsjinstelde fan in utopy; it lit in skriklik takomstbyld sjen. |
| |
Foarm en publikaasje
2. | It ‘ferhaal’ bestiet út in rige sjoernalistike bydragen, te ferskinen yn de Leeuwarder Courant yn 'e moannen jannewaarje en febrewaarje 1987 (te fergelykjen mei wat yn dy moannen yn '85 en '86 yn 'e LC stien hat). De taal fan 'e stikken is almeast Hollânsk, lykas dat yn 'e LC wenst is. |
| |
3. | Oan 'e rige artikels moat in soarte fan ‘ynlieding’/‘warskôging’ foarôf gean, en de losse artikels moatte op ien of oare wize skaaimerke wêze, dat de lêzers sjen kinne dat in beskaat stikje fiksjoneel is. De artikels wurde fierders normaal tusken oare, soartgelikense (mar echte) artikels pleatst. |
| |
4. | De artikels moatte ein febrewaarje útknipt, opplakt en fermannichfâldige wurde en ferskine as knipselkrante-ferslach fan 'e ‘tocht fan 1996’. |
| |
Meiwurkers, redaksje
5. | Oan it projekt sille ferskillende minsken wurkje; ûnder oaren sportferslachjouwers fan 'e LC. De start fan it projekt moat sadanich wêze, dat ferskillende skriuwers en sjoernalisten derop ynheakje wolle. |
| |
6. | It sil wol nedich wêze om in soarte fan redaksje oan te stellen, dy't stimulearret, bydragen beoardeelt, en útmakket wat hjoed ferskynt en wat in dei letter, ensfh. |
| |
Doel en achtergrûn
7. | It doel is om op in humoristyske wize de lêzers sjen te litten ta hokker konsekwinsjes beskate ontjouwingen liede kinne (soenen) - it ferhaal is dus moralistysk. |
| |
| |
8. | De achtergrûn fan dit projekt is foar mysels dat de literatuer nije wegen ynslaan moat, om't de âlde, bewende literatuer tefolle yn ôfsondering fan it werklike libben bestiet. Ik wol dat de literatuer wer ynterferearret mei it gewoane libben - en net inkeld in útflechtmooglikheid út it werklike libben biedt. Nei ynhâld en foarm moat de literatuer feroarje, mar de foarm is it wichtichst. Ik mien dat de literatuer - as dy wer in wichtige faktor yn it werklike libben wêze sil - brekke moat mei de bewende sjenres as roman, ferhaal, gedicht, toanielstik. Dat binne allegearre strikt-literêre sjenres, en wy moatte leaver non-fiksjonele sjenres kieze, dat wy mei ús literatuer ynfiltrearje kinne op it mêd fan 'e net-literatuer, fan de deistige werklikheid. Wat ik útstel is net gloednij; al lang wurde net-fiksjonele sjenres as de biografy, it brief, de reportaazje yn 'e literatuer imitearre.
Hawar, ik soe hjir in grut stik oer skriuwe kinne, en dat soe ik ek wol wolle, bygelyks as neiwurd by de útjefte neamd ûnder punt 4.
Noch ien opmerking: it feit dat ik al jierren net mear produktyf bin, hat te krijen mei it feit dat ik gjin âlderwetske literatuer mear skriuwe wol, en gjin of amper mooglikheden sjuch om literatuer te produsearjen dy't ik wol goed fyn/fine soe. De opset fan dit projekt foldocht oer alle boegen oan myn opfettingen oer in eigentiidske literatuer. |
| |
Neiere beskriuwing fan it projekt
9. | Ik haw in stikmannich ‘ramtideeën’ oer de ynhâldlike kânt.
a. | Nei de tocht van '86 is ôfpraat: om de wedstriidtocht en de toertocht te skieden; om de wedstriidtocht yn prinsipe ienris yn 'e fiif jier te hâlden; om de toertocht sa faak te hâlden as dat mooglik is, mar net as der tariedingen binne foar de wedstriidtocht, en net op deselde dei as de wedstriidtocht |
b. | De tocht fan '91 hat in ôfgryslike gaos west, dat hat oanlieding west om de hearen ‘Repkema’ en ‘Koers’ oan kânt te setten. De wedstriidorganisaasje is no yn hannen fan Hollânske managers. |
c. | Yn '91 is der al fan it offisjele parkoers ôfwykt, om't it iis hjir en dêr te min wie. Dêrby binne in pear stêden ‘oerslein’. |
d. | Yn '96 sil in willekeurige rûte fan 200 km útset wurde. Doch sille alle alve stêden oandien wurde, mar dy wurde dan ‘ferset’. Kimswert wurdt bygelyks omdoopt ta ‘Dokkum’, ‘Bartlehiem’ komt earne tusken Doanjum en Berltsum. (Om it allegearre wat echt lykje te litten wurde te Kimswert nep-gevels boud en by Berltsum in nep-brêge. De tillevyzje kin om de sfear priuwe te litten ek gebrûk meitsje fan
|
|
| |
| |
|
| argyfmateriaal of fan te foaren opnommen materiaal.) |
e. | Yndividuele, ‘losse’ riders binne der (suver) net mear. Alle riders ride yn sponsorre groepen. Dy groepen bliuwe ek byinoar en besykje as groep oare groepen foarby te kommen. |
f. | It Friesk en Frieslân wurde amper noch neamd. It giet yn 'e berjochten ferslachjouwing iderkear om in echt- of oer-Hollânsk barren, yn it barre noarden fan Nederlân. |
g. | De oan 'e rûte grinzgjende perselen grûn wurde troch de boeren ferhierd oan sakelju om dêr reklamebuorden op te setten. (Mooglikheid: boeren besykje de organisatoaren derta oer te heljen om de rûte by har lân lâns rinne te litten - lobbyen, omkeapjen, ensfh.) |
h. | Der binne riders dy't net mear oan 'e tocht meidwaan wolle, om't se dy net ‘echt’ mear fine. Dy riders wurde konsekwint oantsjut as ‘romantische schaatsers’ - dy't fansels net mei de tiid meigien binne. |
i. | Yn '91 is it publyk út Hollân wei yn bussen nei beskate stikken greide brocht dêr't stielen stekken omhinne stienen. Plysjes mei hûnen bewekken dizze kouwen. (Dochs binne der guodden útbrutsen, binne it iis opgien wêrby't wedstriidriders kommen binne te fâlen; fierders fjuchtpartijen tusken Friezen en net-Friezen.) |
j. | Foar '96 wurdt it Frieske publyk oanret om yn 'e hûs te bliuwen. (Alle Friezen ha dy deis in ferplichte snipperdei. De Hollanners sille nei ferskillende sealen brocht wurde, dêr't se dwaande hâlden wurden mei popmesyk, pornofilms en oare grappen. ME fersterke mei mariniers en frijwillige brânwacht bewekket de sealen, dat der nimmen út kin. Tsjinstplichtige militêren sille yn boarger by de rûte lâns opsteld wurde om de riders oan te moedigjen - en op dy menier moaie plaatsjes foar de tillevyzje te leverjen. Dy tsjinstplichtigen krije dêr twa dagen prestaasjeferlof foar. |
k. | Sadree't der in datum en in rûte foar de tocht fêststeld binne, mei nimmen mear op it iis fan it trajekt komme. Alles moat wike foar de tocht. |
l. | De útslach fan 'e tocht wurdt pas bekend makke as alle protesten fan 'e riders tsjin riders fan oare groepen behannele binne. |
m. | Koartsein: de tocht is folslein ontfryske, folslein ferkommersjalisearre, it unike is folslein ferlern gien. |
|
| |
Neipraat
Dit plan haw ik 10 novimber 1986 oan Rink van der Velde foarlein, nei't ik him oer de tillefoan al ris ien en oar deroer ferteld hie. Rink hat it plan
| |
| |
yn 'e redaksje fan 'e LC brocht, en dy hat it ôfwiisd. Rink skreau my dat it wichtichste beswier wie de noed dat der wolris in ‘echte’ alvestêdetocht komme koe, en dan soene de ferslachjouwing fan dy echte tocht en de ferslachjouwing fan 'e fiksjonele tocht folslein trochinoar rinne. In beswier dêr't ik wol ynkomme kin. Fierders twivele de redaksje deroan oft de LC no wol it plak wie foar sokke ‘grappen’. Dat beswier begryp ik ek: ik tink nammentlik dat de LC-redaksje non-fiksjonele berjocht- en ferslachjouwing as serieus wurk beskôget, en literatuer as in aardichheidsje. En wa sil har dat kwea nimme; it is ommers wier dat yn ús maatskippij literatuer in fersierende funksje hat.
Dat it is oergien, en dêr bin 'k net iens sa rouwich om, want it betinken fan sokke plannen is aardich wurk, mar de útfiering hie miskien minder nijsgjirrich west, en wa wit oft it risseltaat wol oan myn ferwachtingen foldien hawwe soe. Dat ik nim der no mar distânsje fan, en ik jou dit plan kedo oan dejinge(n) dy't der wat mei dwaan wol(le). Ik haw ek noch in folsleine samling knipsels út 'e LC oer de tocht fan '86 lizzen, dy kinne eventuele belangstellenden derby krije.
Ik publisearje dit plan lykwols yn it foarste plak om sjen te litten hokker kânt de literatuer neffens my út moat, hokker kânt ik sels út wol/wolle soe. Oanslutend by de opmerking ûnder punt 8 kin ik dêr dit noch fan seze:
1. | Wy moatte besykje los te kommen fan 'e oerlevere literêre sjenres. Wat wy skriuwe sille, moat net troch syn foarm al op in kilometer distânsje te werkennen wêze as literatuer - lês: as ‘mar literatuer’, dat wol seze in onskuldich geskriuw oer optochte saken. Us literatuer moat him skynber net ûnderskiede fan non-fiksjonele skriuwerij: sjoernalistyk, wittenskip, skôging, rapportaazje. Op dy menier sil literatuer wer in bydrage leverje kinne ta ús tinken oer de werklikheid; op dy menier soe de wisse grins dy't wy lûke tusken werklikheid en fantasy ondúdliker wurde. Myn alvestêdetocht-plan hie soks berikke wollen: it soe echt like hawwe, mar it koe net echt wêze - lykwols, as dizze ferslachjouwing onecht wie, koe men der dan noch wis fan wêze dat de eardere ferslachjouwing oer de tochten fan '85 en '86 wol echt wie? In oar foarbyld is in ferhaal dat ik twa jier lyn publisearre haw oer in Friesk-aktivist dy't yn in sinsaasjeblêd ynterviewd waard. It is in min ferhaal, mar it giet my om it idee derachter. In oare mooglikheid ontlien ik oan in idee fan Folkert de Jong: men soe de hypotese ferdigenje kinne dat de Friesktalige wurkjes dy't om 1775 hinne ferskynd binne, net skreaun binne troch Eelke Meinerts of Van der Ploeg, mar dat se allegearre skreaun binne troch ien, ús folslein onbekende auteur dy't yn ferskillende hûden en
|
| |
| |
| stilen krûpt is. Mooglikheden genôch: in fiksjonele wurdôflieding à la Buma, fan Nijfriesk ‘droop’ fia Aldfriesk en Oergermaansk nei de Yndojeropeeske stam ‘brf’, mei útsoarte alle besibbe wurden út 'e Germaanske dialekten; in fiksjoneel wittenskiplik ferslach fan 'e fynsten by de terpopgraving te Briensum; in fiksjoneel rapport oer gemysk fersmoarge grûn te Hijum; in fiksjoneel ferslach fan 'e ôfdielingsgearkomst fan de PvdA te Skuzum - as ús skriuwers werris kreatyf wurde koenen, ynstee fan romantsjes en gedichten te skriuwen sa't heit, pake en oerpake dat ek al dien hawwe, dan koenen der by it soad plannen en ideeën útrôlje. |
2. | Wy moatte brekke mei de wenstige publikaasjefoarm wêrtroch't literatuer himsels isolearret fan oare teksten. Gjin aparte literêre tydskriften mear, gjin werkenbere gedichtebondels en romans mear. Wy moatte ús literatuer slûkje yn 'e kranten en tydskriften, yn 'e rigen fan wittenskiplike rapporten en stúdzjes. Dat sil net maklik wêze, want wittenskip en sjoernalistyk nimme harsels serieus en wolle net graach foar aap set wurde. |
En sokssawat moat doch de funksje fan literatuer wêze. Mannen as Inne de Jong seinen it yndertiid wat blomriker: dynamyt lizze oan 'e fûneminten fan ús werklikheid - ik sitearje út 'e holle. Soks, wat minder pretinsjeus, en mei wat minder foaropsette goedbedoeldheid en wat mear hearlike pesterichheid.
|
|