in frijetiidsminske sizze de oaren fan my. Ik wit net krekt wat it betsjut, mar dat etiket plakke se my op, frijetiidsminske, sa'n lyts papierke mei plaksel oan de oare kant, witst wol. Frijetiidsminske. As ik fan it húske kom, is dat it earste wat ik sjoch, frijetiidsminske, op in etiketsje. Us dokter sjoch ik it ek op de rêch dragen as er hjir ta de doar útstapt. Ha ha ha, moatst ris sjen, dêr giet Jan mei syn iiskarre oer de grêft, frijetiidsminske is er wurden. Sjoch, it etiketsje hat er foar op de bakfyts.’
Ik seach troch it finster, in mosk siet op it stoepepealtsje, in pear lúkse weinen skoden foarby. Hja lake, seach nei har lege kofjekopke en skattere de keamer fol.
‘Kofje foar in frijetiidsminske. Wolst noch in bakje ha? Oars wurdt it noch kâld, dat soe in griis wêze, dy frijetiidskofje ek. Frijetiidskofje. Do witst fansels net wat it betsjut, jimme hienen altyd it etiketsje op de rêch, in stik buordpapier foar de kop mei ‘frijetiidsminske’ derop. Hast wolris echt wat dien? Yn Boalsert wiest ek al te tear om mei te dwaan, en letter, doe't ik by de Graal wie, hast moeder ek net sa'n protte út de hannen nomd. De lêste kear dat wy merke fierden, noch foar de oarloch, dûnsesto mei Liuwe, wylst ik mei him ôfpraat hie. Dat witst dochs likegoed as ik.’
‘Do wiest frij Klaske, en trouwe mei Jaap hie...’
‘Hast gelyk oan, Jaap wie in leave jonge, mar wêrom hast my net warskôge, do hiest troch dat er sa graach dronk. Och ja, frijetiidsminske, dat bin ik, dat wie Jaap, en dat is er no wer, twa meter ûnder de seadden op Buitenveldert. Twa meter..., noait komt er werom, lokkich. Dochs ien ding dêr't ik bliid mei wêze kin: twa meter frijetiidsminske. Hoe bist hjir oars komd ju, wie it ferkear nei de grêft net ferskriklik drok?’
‘Ik ha myn auto by it Lukas stald, hie ik dy dat al net sein?’
‘God, dat is wier ek, as frijetiidsminske hie ik dat dochs witte moatten; der siet in etiketsje op, yn Boalsert destiids al, do in auto, ik in fyts. Dy fyts hast letter noch fan my liend om yn Den Haach makliker op kantoar komme te kinnen. Ha ha ha, mei lekke bannen do op it Voorhout. Dêr koe Wettersteat neat oan feroarje, likemin asto keare koest dat Zoetermeer ynboud waard troch hege toerflats. Al dy frijetiidsminsken byinoar ha it monstrum Zoetermeer delskiten as grutte Haachske loarten dy't oer tsien jier yninoar sakje sille lykas alle stront op de wrâld, as de froast deroerhinne west hat. Wêr hast sa lang sitten oars, bist ek al mei pinsjoen tink?’
‘Klaske, no moatst ris goed harkje, do witst noch wol dat ik dy...’
‘Hoe soe ik it net witte, ja, ús moeder wie in goed minske, bedoelde it goed. Heit hie it fierstente drok, mar de oaren ha my stikke litten, it wienen allegearre frijetiidsminsken, mei har eigen dronken keardels, sike