Jelle Kaspersma
winterwille
yn de rêsteleaze siken fan 'e eastewyn
as hommels fêstsetten wintergast sjoch ik it barren oan
ticht giet it readoranje each fan sinne
omkearde knypeach fan de ierde
yn it antlit fan dizze ûnbidige froastloft
grutte dingen geane altyd stadich
dizze knypeach duorret hiele nacht
sûnder wink yn 'e eagen bliuw ik stean
op goede foet mei froast en tsjuster
myn parka hat de grins tusken my en izel sletten
dêrbûten friest it fûgels oan 'e tûken
Troch izel frearen op 2 maart 1987 sliepende fasanten en dowen yn it noardeasten fan ús lân oan 'e tûken fêst.