nei it noarden, de rêding troch Lisa en famylje, en op 't lêst werom nei Minsk en dêrwei nei de tún fan Walintin, fjirtjin haadstikken en in ‘Neiskrift’.
De haadstikken ha gjin titel of oare oantsjutting fan de ynhâld, allinnich in nûmer. Dêrtroch, en meidat yn elts haadstik in pear episoades byinoar troppe binne dy't net altyd in ienheid foarmje, ûntstiet feitlik dochs ien lange rige fan episoades. De yndieling yn haadstikken hie likegoed ferfalle kinnen. Omt de stof foar de measte lêzers nij is en allinnich bygelyks alle geografyske gegevens al aardich yngewikkeld binne, hie it better west om yn de haadstiktitels wat fan in ramt foar it ferhaal oan te bieden. No moatte jo wolris efkes weromblêdzje om te sjen hoe't de saak krekt sit. Sa wie ik efkes op 'e doele doe't ik wer in Nikolai tsjinkaam, wylst dy dochs earder yn in pôle nei de Eastsee dreaun wie (haadstikken Fjirtjin en Alve).
By al dy feiten komt de karaktertekening wat yn 'e knipe. De figuer fan de haadpersoan krijt stal troch de tekening fan syn ferline yn haadstik Fjouwer. Neffens de efterflap giet it ek hjir om ‘de lytse man, dy't yn in oarloch it smoarge wurk dwaan moat en úteinlik de rekken betellet.’ No mei dat op himsels wier wêze, de haadpersoan hat dochs tefolle ûndernimmingsgeast om model te stean foar de lytse man. Hy hat der earder slach fan in goed gebrûk fan de omstannichheden te meitsjen. Sa bedarret er yn 1933 earst yn Frankryk, op de pleats fan in Belch, dêrwei nei Algerije, oan it wurk foar Frânske kolonisten. Alles leaver as thússitte en yn de wurkferskaffing. It wurk as opsichter op de plantaazje yn Algerije leit him net, hy kin net oer de sfear en allikemin oer it klimaat. Dan mar oerstappe nei Marokko en dan nei hûs. Underweis, yn de haven, wurdt er frege ‘foar de goede saak’, de republyk yn Spanje. Mei dy ‘vreemde krijgsdienst’ krijt er letter, werom yn Fryslân, in soad lijen. Yn Ruslan ha se ferlet fan boeren, Germaanske boeren dan, dus giet er dêrhinne, om fan it gedonder ôf te wêzen!
In kromke opportunisme is der grif te finen yn it boppesteande libbensferhaal. Krekt as yn De ôfrekken lit Van der Velde jin hjir ek wer fernimme dat goed en tsjoed net altyd like dúdlik te ûnderskieden binne. Faaks is opportunisme wol net it goede wurd, giet it earder om anargisme. Yn alle gefallen lûkt de haadpersoan him net folle oan fan de grutte ideologyske tsjinstelling; hy fytst der om sa te sizzen trochhinne, giet syn eigen gong en betrout op syn eigen oardiel en gewisse. Guon dingen dogge jo no ien kear net. Sa wegeret er yn Algerije arbeidersfolk te slaan: ‘ik koe de grutte minsken al min oer de lea slaan’ (s. 65). It giet hjir om elemintêre noarmen fan goed en kwea, los fan sosjalistyske of oare begjinsels. Oft Van der Velde syn haadpersoan mei syn ûnfeilbere oardiel hjir ek net wat idealisearret, bliuwt foar my lykwols de fraach.