Cornelis van der Wal
Pine om ferline
Oer: Piter Yedema, Boarring, yn eigen behear, Mantgum 1987.
Op 22 april 1987 rûgele it poëzydebút Boarring fan Piter Yedema by my yn 'e brievebus. It wie de dichter-essayist-prozaist syn jierdei, en om't tafal net bestiet, wie hjir nei alle gedachten sprake fan yngripen troch hegere machten.
De kreas útfierde bondel is yn eigen behear útjûn en bestiet eins út trije skiften: fiif oarspronklike fersen, seis ‘neidichtingen’ en in stikmannich noaten, dêrby ek de orizjinele teksten.
Ik woe mar mei de ‘neidichtingen’ úteinsette. Wat dichters hat Yedema foar kar nommen? It binne respektivelik Trakl, George, Baudelaire en Hölderlin. Utsein faaks Stefan George, dy't lykwols wol wat ‘brún’ west hat, kinne jo dy dichters sûnder mis ferflokt, ‘maudit’ neame. Trakl stoar, tige syn tiid foarút, oan in oerdoasis kokaine; Baudelaire moast syn demony mei syfilis yn 'e harsens bekeapje en, lykas bekend, Hölderlin wie de lêste helte fan syn libben ‘geistlich umnachtet’ en waard yn in toer ferpleegd. Wy moatte mar hoopje dat it Yedema better fergean sil.
De measte ‘neidichtingen’ binne mei fakmanskip behannele en benammen oer de twa teksten fan Hölderlin, ‘Libbensrin’ en ‘Mem fan muzen’, bin 'k tige optein; hegere poëzy as fan dy troch Apollo sleine haw ik gjin weet fan. Trouwens, alwer útsein George, binne it dichters dêr't myn hertsje suver oars fan waard, doe't ik mei har yn 'e kunde kaam. Dat skeelt fansels.
Ik ha wolris tocht da' k in reynkarnaasje fan Georg Trakl wie, en dêrom wit ik ek sa goed dat Yedema syn oersetting, ferfrysking, neidichting fan ‘Ein Winterabend’ (yn it Frysk, leave berntsjes, ‘In winterjûn’) net folslein kouster is. Wêr't ik benammen oer stroffelje, is de omisje fan it wurd ‘Gnaden’, út de rigel: ‘Golden blüht der Baum der Gnaden’. Yedema hat: ‘Goudbloei is de beam mei laden’; op himsels arich fûn, mar as jo wat fan Trakl syn libben ôfwitte, dan is it dúdlik dat it iennige dêr't de man yn syn ôfbroazeljend bestean noch op hoopje koe no krekt ‘Gnaden’ wie. Koartsein: as ien him weaget oan it bewurkjen fan in oar syn teksten, moat er de biografyske feiten gjin ûnderstek dwaan.