Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 202] [p. 202] Margryt Poortstra oantinken te fier foar stim lûk ik dy soms foar eagen dyn dûnkere stal foar it rút dyn rêch de keamer yn foarsichtich plôkje ik de plúskes fan dyn klean en lústerje ferduldich asto wer prottelst op de hurde wyn deselde as dy't no om it lege hûs gûlt ik sko de kleden tusken âlde bylden de nacht is blyn [pagina 203] [p. 203] oanstriid wy moetsje elkoar yn in drokke stêd of better eefkes spegelje ús eagen hier falt yn rjochte slieren oer meager wyt kom tusken myn hannen ik sil appels waarmje op dyn wangen myn fingers litte dyn hier wer flinterje as likefolle simmer it winkelrút is leech har hege skouders rinne anonym of lytser noch tusken de oaren ik wol har roppe mar wit net hoe't se hyt Vorige Volgende