te krúskes omheech. Tagelyk begûnen se in psalm te sjongen, in frjemde psalm mei in ûnfersteanbere tekst, it like wol Latyn, en se songen al mar lûder, lûder en lûder songen se en se seagen allegearre nei Piter en dy wie sa ferskriklike bang wurden dat er sa hurd as er koe nei de doar fleach, mar dêr stie Helma har mem foar, har stim hearde er no boppe alles út, en sy hâlde him har krúske lyk foar it gesicht.
Hy lei op syn rêch en syn eagen wenden al wat oan it tsjuster. De lampe en de fjouwerkantige stikken board tsjin it plafond koe er no ûnderskiede. Stadichoan saksearre it bûnzjen yn syn sliepen. ‘Ik moat der mar even ôf’, tocht er. Foarsichtich sloech er de tekkens oan syn kant op, Helma mocht net wekker wurde. Op bleate fuotten, sêft en hoeden, rûn er nei de koken ta, dy't yn deselde romte wie, hielendal yn 'e oare hoeke.
Helma hie him it gefoel jûn dat syn iensume dagen foarby wiene - de reinige jûnskoften dy't er allinnich trochbrocht op syn etaazje twa heech yn 'e binnenstêd fan Ljouwert, de freed- en sneontejûnen mei syn maten yn Don Quichotte of de Five Pennies, wol gesellich en waarm soms, mar dêrnei altyd it tsjustere treppehûs, de keamers dêr't him gjin ferrassingen wachtsje soene, allinne in herieniging mei de jonge dy't er deselde jûns efterlittenhie: Piter de Hoop, keamerbewenner, 22 jier, iensum. De radio mar oan, it bêste surrogaat noch foar minsklike oanwêzichheid, of in plaat op: in Amerikaanske sjonger raast dy oan datst net allinne stiest yn dyn lijen.
Nee, in protte lok hie it keamerbestean Piter net brocht. Doe't er earst fan 'e HAVO ôf wie, gong it noch - it lêste stealtsje eufory fan it slagjen, bliid dat dat ellindige learen einlings oan 'e kant wie. Trochleare? Neat foar him. Hy wie gjin boekeminske. Trouwens, hy hie it dochs al fier skopt yn 'e femylje: syn iennige suster hie de MAVO ôfmakke en wie dêrnei al rillegau troud, syn heit en mem hiene beide allinne mar legere skoalle hân en syn heit wurke no al wer fyftjin jier op it blikfebryk. ‘Us Piter kin och sa leare’, bearde syn mem altiten: it diploma wie thús mei bewûndering ynhelle en hie wol in wike lang it praat fan 'e dei west. Syn âlden hiene it idee dat de reade lopers fan 'e wrâld no definityf útlein wiene foar Piter: in HAVO-diploma!
No wist er sels wol better. Hurd skreppend wie er der altyd kommen, mei seizen en seis-minnen. In grut ferstân hie er net, dat wist er donderske goed, en wat oaren diene as se it diploma hiene - PABO, HBO, Atheneum - dêr begûn er net oan. ‘Dat kin ik dochs net’, hie er faak sein, en gjinien hie him der wat tsjin ynlein.