Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 194] [p. 194] Harmen Wind It âlde liet I Wy bin' sa pynlik kwetsber, skat, yn fel en bien bliuwt leafde stykjen, oan 't ein fan ús omearming sykje hannen nei dy en my, en wat ús skruten lichem utert is ûnrêst - 'k hâld dy fêst en wit dat dêryn krekt it teken sit fan ús beheining, ús gemis: wy binne ierdsk. Mei al ús sprekken diele wy mar sa'n bytsje mei. Yllúzjes en beloften brekke ûnder de twang fan ljochtskyndei, ús lok waard fan myn wurden lekke, wat ik der ek foar moais fan sei. [pagina 195] [p. 195] It âlde liet II Is dit it dan? It tryste âlde altyd opnij herhelle liet fan leafde dat sa lang bestiet as langstme? Kinsto fan my hâlde wylst tiid ús opfret? Al te koart is ús bestean, 't wurdt jûn en nommen, it ôfskie sit al yn it kommen, wêr soe bedarje wat ús bart? Yn dizze kwetsberens bliuwt swijen allinne oer. Do bist my nei. 't Wêzen hat neat mei gean te krijen, wy krûpe yn de lijte wei fan dit momint, en yn ús frijen spilet fan fierren sjongen mei. [pagina 196] [p. 196] It âlde liet III Leau my mar op myn harkjen, skat, lústerje nei it ivich liet dat bûten ús bestean bestiet, net ûnder wurden. Lit ús lot net ôfhingje fan ús ferfarren. De takomst? Och, moarn bin' wy âld, lit ús net sprekke fan behâld: wy wurde yn it hearren sparre. Al bliuwt ús iensumens tegearre, is ús ferbûn in siden tried, it bin' de dagen mar dy't stjerre, it is mar libben dat fergiet, yntiid wurde foar ús ornearre de jierren fan it ûnderskied. [pagina 197] [p. 197] Dit noch De ôfstân dy't it tastel falt skriuwe op in kladde oan wa't op dy wachtsje, dat de oankomst net trochgiet, dat se mar nei hûs gean moatte, it libben deryn hâlde. In reisferslach: wy ferlieze hichte, fine de ein fier foar de bestimming; ik bin net fergees berne mem. Dit noch te dwaan, de tiid nimme om te groetsjen dy't dy leaf binne. En yn dy sin foar altiten te bliuwen. Vorige Volgende