suminten ferlet fan wokkels en pretletters by de buorrel, en nei der jierren om seurd te hawwen, hat doe in fabrikant besletten dy dingen te produsearjen. Nee dus, dat is kul - de konsumint hat gjin barst te sezen. Karl Marx - dat is de man dy't it marxisme útf^un hat - Marx stelt dat de produksje net allinnich it produkt produsearret, mar tagelyk de konsumpsje derfan. Miskien hat er wat racefytsen en skroevedraaiers oangiet net hûndert persint gelyk, mar wat de literatuer betreft hat er folslein gelyk. Wat wy lêze en hoe't wy lêze en wannear't wy lêze, dat meitsje wy net sels út, mar dat wurdt foar ús regele - alteast foar fierwei it grutste part fan ús, konsuminten.
Us kulturele ferletten is neat autentyks by, mar se binne it resultaat fan manipulaasje. Dat is it dúdlikst by de - troch de kulturele boppelaach - minder wurdearre keunstuteringen, bygelyks de triviale literatuer. De lju dy't op dy literatuer oanwiisd binne, hawwe nea de gelegenheid hân om har lêsferletten kennen te learen troch fan útienrinnende hteratuersoarten te priuwen, se hawwe gjin literatueropfieding hân, har literatuerfeardichheid is op in benaud peil hingjen bleaun. En dêrby hat de kultueryndustry har wiismakke dat in doktersroman wat is foar de èchte frou fan no, en dat in moderne man dy't fan aventoer hâldt útsoarte cowboyromans lêst. De supermerk is der daliks by om by it rekfol yn 'e ‘ferletten’ fan 'e lêzers te foarsjen.
By de heger wurdearre literêre uteringen is de macht fan 'e konsumint like beheind. Der komme gjin sonnetten, flash-backs, underdogs, enzjambeminten, ynterpunksjeleaze fersen, ensfh. om't de lêzers dat frege ha. De skriuwers bringe sokke fernijingen, de útjouwers sjugge der wat yn en de resinsinten priizgje se oan. De konsumint hat it mar moai te finen, want oars is er âlderwetsk, oars hat er gjin ferstân fan moderne literatuer. De gewoane lêzer hat gjin kar.
It is om dy reden ferlakkerij om de fraach fan 'e konsumint te kiezen as liedend prinsipe fan 'e produksje.
Wat is de funksje fan literatuer? Neffens Wilfried de Pree hat literatuer utopyske funksje, literatuer beskriuwt wat net werklikheid is, mar werklikheid wêze moatte soe en wurde moat. Ik neam De Pree - hy hat ris yn Trotwaer skreaun oer marxisme en literatuer - om't er in partijgenoat fan Johanneke is. Men soe jin ôffreegje kinne oft de lytse literatueren fan miniatuerfolkjes lykas it Frieske, mar ek fan nei frijheid en selsstandichheid stribjende folken yn 'e tredde wrâld, net noch oare wichtige funksjes ha. Dy literatueren soenen in rol spylje kinne yn it bewustwurdingsproses fan dy folkjes en folken, wichtich wêze kinne as middel ta selsekspresje en sels-