Ynkleure etsen fan Hollie Witteveen
Fan 16 septimber oant en mei 12 oktober 1988 eksposearret Hollie Witteveen ynkleure etsen en beskildere houtreliëfs yn Galerie Eewal (Eewal 84, Ljouwert). Iepeningstiden: tiisdei oant en mei sneon fan 11.00 oant 17.00 oere.
Holke William Charles Witteveen waard yn 1948 berne te Ljouwert. Syn oplieding krige er oan A.B.K. Vredeman de Vries. Hy wennet en wurket yn syn bertestêd (Emmakade 102 z.z., 8933 AW Ljouwert, 058-130262).
Wichtichste útstallingen:
Galerie Eewal, Ljouwert (1980, 1983, 1985, 1987) |
Nederlandse Kunststichting, Amsterdam (1981) |
Stedelijk Museum (ôfdieling grafyk), Amsterdam (1982) |
Frysk Museum (keunstoankeapen), Ljouwert (1986, 1987, 1988) |
‘De Keerkring’, Stedelijk Museum, Amsterdam (1987) |
Arti Galerie, Amsterdam (1988) |
Wurk fan him is opnommen yn de kolleksjes fan it Ryk, de Provinsje Fryslân, it Frysk Museum en fan partikulieren yn binnen- en bûtenlân.
‘Een reisje’
1985, 10×10 sm
(foto's Piter Doele, Ljouwert)