Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 181] [p. 181] Eppie Dam twastriid ik wit noch dat wy doe tegearre wiene broer en suster yn it wetter fan ús mem akseljend en wrakseljend elkoar ferstjitten, dan wer oanhellen mar mei it doel te smoaren wat ús yn 'e wei wie: de oar, ússels oant de dei dat ús tentakels yn 't gefjocht ferstringele rekken sadat wy hingjen bleauwen oanelkoar en mei-elkoar fergroeiend oars neat koene as meitsje fan twa natueren ien as in ienling waard ik berne mar ynwindich gyng it troch: de twastriid fan twa utersten berêsting en opstannigens splitsend sel op sel [pagina 182] [p. 182] april in dei as alle dagen deis myn earste reis is fan it bêd ôf nei it finster ik rek de earmen út en helje de gerdinen út har hingerich langliddich sliepen mei de wjukslach fan in fûgel iepen der leit in fûle glinster oer it rút it each sjocht dalik om beskûl ûnder 't reiden ôfdak fan syn teister mar dêr sjocht it in reizger kommen út de dauwe fan it fjild in swalker sa te sjen oan boksen pet en baitsje it is de maityd de fluitsjende maityd de marsekreamer fan it jier ús feintsje mei de moaie eagen en de slaggen yn it hier in sekje blau foar it liif in sekje grien op 'e rêch mar ûndertusken tusken tomme en finger in fnisseltsje sân foar it erchleas each hy komt der sa aardich mei oan de keapman de sprekker de sjonger: moai is de moade, âld fel! ien face-lift yn 't jier en do fielst dy wer stikken lichter en jonger [pagina 183] [p. 183] âld strûk op 'e tún komt yn syn jonkheid werom oppenij yn 'e pronk en mânsk op syn plún fan oerklaaide tûken as ik it finster iependoch fiel ik it starich troch my hinne lûken in kjeld fan neakens en âlderdom in hurde sigen slacht in bledsje fan de skuorkalinder om en set begûcheling en leagen stil: 1 april Vorige Volgende