Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 172]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Albert Pouwels
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Ien en oar oer oersetkritykOersetkrityk is in noch jonge wittenskip. Minder wittenskiplike weardeoardielen slane dan ek noch geregeld foar master op: gauris wurdt fan in oersetting net folle mear sein as dat er goed lêsber is of yn modern Nederlânsk of geef Frysk skreaun is. Yn har koartlyn reekommen lisinsjaatsferhanneling oer Nederlânske Catullus-oersettingen yn dizze ieu neamt Edith Stoops objektiviteit en in fergeliking fan it orizjineel (de boarnetekst) mei de oersetting (de doeltekst) as twa easken foar wittenskiplike oersetkrityk.Ga naar eind1 Objektiviteit ferget fan de kritikus dat er net op subjektive grûnen útmakket oft in oersetting slagge of mislearre is. Meastentiids sil de kritikus konstatearje dat de oersetting it net hellet by it orizjineel en dêrfandinne minder goed is. Mar hy soe him ek hieltyd ôffreegje moatte hokker prinsipes de oersetter folge hat en oft dy harren yn de oersetting sels oppenearje. Dy prinsipes kin er op it spoar komme troch boarnetekst en doeltekst mei-inoar te fergelykjen. Ferskillende aspekten kinne derby in rol spylje: Stoops neamt aspekten op sosjo-kultureel mêd likegoed as taalkundichliterêre aspekten. Yn de neifolgjende fergeliking fan Sybe Sybesma en Jan | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 173]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Wybenga harren oersettingen fan Catullus syn ‘Carmen 34’ mei it orizjineel behein ik my ta in stikmannich taalkundich-literêre eleminten.
Al ieuwen lang wurdt de fraach steld oft poëzij wol oer te setten is. Diderot wie yn de 18de ieu al fan betinken dat it risseltaat op 'en heechsten globaal besjoen hinnebruie kin, lykwols: ‘L'emblème délié, l'hiéroglyphe subtile qui règne dans un description entière, et qui dépend de la distribution des longues et des brèves [...]: tout cela disparaît nécessairement dans la meilleure traduction.’Ga naar eind2 Yn de tweintichste ieu kin mannichien it dêrmei lykfine. Poëzij is ambigu, suggestyf, mearsinnich. De wearde tusken lûd en ritme bygelyks makket dat de wurden fan de doeltaal net samar it plak ynnimme kinne fan de wurden fan de boarnetaal. Foar wa't him dêr as oersetter net by dellizze kin, is der mar ien útwei: útgeande fan de boarnetekst nije poëzij skeppe. Hy moat dan de frijheid nimme om in oar fers te meitsjen, geskikt om inselde fielen út te lokjen. Hoe pakke jo it oersetten fan poëzij no konkreet oan? James Holmes mient dat der datoangeande tûkelteammen binne op trije nivo's.Ga naar eind3 Earstens is it fers in boadskip, yn wurden fette, dat diel útmakket fan in linguistyske kontekst. Twad past it fers mei alle oare fersen yn in beskate literêre tradysje: it heart ta in literêre ‘yntertekst’. Tred stiet it yn in sosjo-kulturele sitewaasje, dêr't objekten, symboalen en abstrakte ideeën in funksje yn hawwe dy't nea eksakt deselde is as yn in oare maatskippij of kultuer. Holmes mient no dat de twa wichtichste kritearia binne dat ‘het eindresultaat voldoende overeen moet stemmen met het origineel om als een vertaling te kunnen worden beschouwd (het kriterium van de minimale overeenstemming) en zodanig moet zijn dat het kan worden beschouwd als poëzie (het poëtisch kriterium).’
As jo in tekst fan de iene taal oerbringe yn de oare, dan kinne jo der twa dingen mei dwaan. Jo kinne it orizjineel wurd foar wurd omsette yn de oare taal, mei yn acht nimmen fan de foar dy taal jildende syntaktyske regels. By proaza smyt soks trochstrings net al tefolle swierrichheden op. By poëzij wurdt dat in stik slimmer. Jo hawwe dan te krijen mei allerhande lûdeffekten, dy't in rol spylje yn it gedicht. Of spesjale betsjuttingen fan in wurd, dêr't it krekt om draait yn it fers. De leksikale en stilistyske eleminten lykje dus yn poëzij fan grutter gewicht te wêzen. Jouwe jo no de stilistyske eleminten de klam, dan sil dat gauris ôfbrek dwaan oan de leksikale. Jo sille dan gjin letterlike oersetting krije, mar in bewurke. It einprodukt soe ik yn dat gefal dan ek gjin oersetting mar in | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 174]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
bewurking neame wolle. Van Luxemburg en oaren hantearje as definysje: ‘Bewerkingen geven een nieuwe vorm aan de vertelde stof of korten de stof in.’Ga naar eind4 | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
‘Carmen 34’: orizjineel en oersettingenEar't ik oergean ta it hifkjen fan de literêre oersettingen, is it needsaaklik it fers yn de grûnferve te setten. Wat stiet der krekt yn it orizjineel en wat betsjutte de ôfsûnderlike wurden? Pas as dat folslein dúdlik is, kin in literêre oersetting beoardiele wurde. De betsjuttingen fan de wurden kinne ûntliend wurde oan it wurdboek. Mei dy betsjuttingen is in wurkoersetting te meitsjen dy't neat mear wol as it Latyn wurd foar wurd en sa letterlik mooglik oer te bringen. Hjirûnder lofts de boarnetekstGa naar eind5 en rjochts, yn proaza, myn wurkoersetting:
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 175]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Om by it hifkjen fan de Fryske oersettingen oan de hân fan it orizjineel noch wat oanfoljend fergelikingsmateriaal te hawwen, jou ik hjir earst noch twa Nederlânske oersettingen. It binne dy fan A. Rutgers van der Loeff (lofts) - faaks wol de bekendste - en dy fan Lucette Oostenbroek (rjochts) - de meast resinte:Ga naar eind6
Dan no de oersettingen fan respektivelik Sybe Sybesma en Jan Wybenga:Ga naar eind7 Wy binne yn 'e hoede fan Diana
wy, keine famkes en jonges:
lit ús, keine jonges en famkes,
Diana besjonge.
Dochter fan Latona, machtige leat fan
de almachtige Juppiter,
oan mem ûntspruten deun by de Dé-
lyske olivebeam,
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 176]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
om oer de berchhichten de masteresse
te wêzen en oer de griene
wâlden, de heech-ferhoalen gerzen
en sjongsume streamen.
Jo namme is: Libbensljochtbringster Juno
foar de kreamfroulju yn weaën,
Trijesprongmasteresse en, om
Jo bastertljocht, Moanne.
Mei jo moannelikse omgong, goadinne,
Jo reis troch it jier útmjittend
loegje Jo skoandere fruchten op
yn 'e boerehuzings.
Wês ûnder hokker namme 't Jo ek haget
hillige, en hoedzje út krêft
fan Jo by âlds itige wielde
it folk fan Romulus.
Diana's stipe freegje wy,
har tagedien yn earlikheid.
Diana loovjend sjonge wy,
har famme- en feintebûn.
As dochter fan de grutte Zeus
sonksto út Leto's skerte del,
yn 't skaad fan in olivebeam,
doe't Delos har 'n skûlplak bea.
Dyn macht rikt oer de bergen en
de bosken, grien fan tinend leaf,
oer 't driigjend tsjuster fan 't ravyn,
de rûzjende rivieren.
As Iuno, dy't Lucina hjit,
stiest froulju-yn-it-roeien by.
Oan 'e trijesprong bist Hekate,
dêrboppe de bastert Luna.
Dyn trêd, goadin, de moannen lâns,
jout oan it jier syn fêst berin.
En oan 'e naal ta troppesto
de skuorren mei risping fol.
Wês do, wa'sto ek wêze wost,
yn al dyn nammen hillich.
O, hâld dyn macht en stipe frij
foar Romulus syn neiteam!
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 177]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Fergeliking fan inkelde taalkundich-literêre elemintenWat de leksikale eleminten oanbelanget, rinne by de Fryske oersettingen (likegoed as by de Nederlânske) in stikmannich ôfwikingen yn it each. By Sybesma:
By Wybenga:
Besjoch ik de boppeneamde ôfwikingen, dan falle my in tal punten op. Earstens is de list by Wybenga nochal oan 'e lange kant. Neffens titel en ûndertitel fan it boek pretindearret ek Wybenga in oersetting te jaan, mar de ferskillen yn fergeliking mei it orizjineel binne sa grut en bytiden sa drastysk, dat der eins in nij fers ûntstien is, in bewurking dus. Twad docht bliken dat Wybenga frijwat ôfhinklik is fan Rutgers van der Loeff. De oerienkomsten tusken syn bewurking en de ‘oersetting’ fan de lêste binne te grut om tafallich te wêzen. Dêrmei is foar in part ek it bewurkjende fan Wybenga syn ‘oersetting’ te plak brocht: Rutgers van | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 178]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
der Loeff jout yn de titel fan syn boek nammentlik al oan dat er de fersen fan Catullus neifolge hat, dat er him dus foar it orizjineel oer mear frijheid tastien hat as by in strikte oersetting winsklik is. Tred is de list fan ôfwikingen by Sybesma tige koart. Der binne net folle evidinte ôfwikingen fan it orizjineel en ek fierders set er opfallend letterlik oer. (Tusken heakjes, foar de oersetting fan Oostenbroek jildt itselde). Sybesma syn oersetting likegoed as Wybenga sines sitte nammers hast gjin flaters yn; allinne Wybenga is neffens my mis mei ‘yn earlikheid’ foar ‘integri’.
By in fergeliking fan de metryske eleminten sille earst in pear algemiene, wêzentlike ferskillen tusken de metra yn it klassike Latyn en dy yn moderne talen as it Nederlânsk en it Frysk efkes omtinken krije moatte. Yn it klassike fers is it de lingte fan de wurdlidden dy't telt; it metrum berêst op in beskate wetmjittigens yn de ferdieling tusken lange en koarte lûden. It Frysk en it Nederlânsk hawwe gjin lûden dy't fan natuere altyd koart of altyd lang binne; it draait dêr om de klam dy't de wurdlidden krije. In oar ferskil tusken de klassike metra en dy fan talen as it Frysk en it Nederlânsk is dat in fers mei in beskaat metrysk skema al om sa te sizzen de toan oanjout, dat it skema in eigen ‘ethos’ hat, wylst dy assosjaasje yn de net-klassike metra ûntbrekt. Sa jout bygelyks in heksameter yn it Latyn in plechtige of heroyske sfear en wurdt dy meastentiids tapast yn it epos. In jambyske trimeter heart wer folle sljochter en wurdt gauris brûkt foar de komeedzje. Foar de oersetter binne der datoangeande ferskate mooglikheden. Mimetyske oersettingen hanthavenje it metrum fan it orizjineel, dêr't dan beklamme wurdlidden it plak fan de lange wurdlidden by ynnimme en ûnbeklamme wurdlidden it plak fan de koarte. Metryske oersettingen wikselje it oarspronklike metrum yn foar in oar. Fierders binne der noch oersettingen yn frije fersen, sûnder fêste strofyske foarmen en metryske skema's. It metrum fan ‘Carmen 34’ - de seis kwatrinen besteane elts út trije saneamde glykonyen folge troch in ferekrateusGa naar eind8 - is yn gjin fan de fjouwer oanhelle ‘oersettingen’ hanthavene. Rutgers van der Loeff makket der ôfwikseljend fjouwerfuottige jamben en jamben fan in fjirdeheal foet de fersrigel fan. Oostenbroek en Wybenga sette oer yn frije fersen, mar litte de rigellingten yntakt (trijeris acht en dan ienris sân wurdlidden). By Wybenga lykwols ien útsûndering: rigel 22 telt sân yn stee fan acht wurdlidden. Sybesma, dy't ek yn frije fersen oerset, hâldt wol in fêst tal wurdlid- | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 179]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
den de rigel oan, mar it patroan is oars as yn it orizjineel: respektivelik alve, acht, njoggen en seis wurdlidden de rigel. De kar fan elts fan de oersetters liket my wol te rjochtfeardigjen. It Latynske metrum is ommers nea of te ninter streekrjocht yn it Nederlânsk of it Frysk oer te bringen. It iennichste beswier dat jo tsjin jamben meitsje kinne (mar swier waacht dat perfoarst net) is dat it fers maklik ientoanich wurdt.
By de stilistyske eleminten behein ik my ta de alliteraasje, de assonânsje en de wurdskikking. Alliteraasje, yn ‘Carmen 34’ royaal tapast, wurdt ek troch alle fjouwer oersetters rom gebrûk fan makke. De Fryske oersetters blike der boppedat in noch gruttere foarleafde foar te hawwen as de Nederlanske, wylst Wybenga derút rint troch de bylûdkombinaasjes (sk yn it twadde kwatryn, tr yn it fyfde en st yn it sechde). Assonânsje is yn ‘Carmen 34’ allikemin in ûnbekend ferskynsel. No fertoant it Latyn al gau assonânsje, bygelyks troch de gelikense útgongen fan in substantyf en in adjektyf dy't byinoar hearre. Opnij blykt by de Fryske oersetters assonânsje mear foar te kommen as by de beide Nederlânske. Ien en oar liket de konklúzje te rjochtfeardigjen dat de Fryske oersetters mear út binne op estetyske effekten. Besjogge wy de wurdskikking fan it orizjineel, dan rinne der in pear herhellingen yn it each. Yn de foarste strofe komt twaris de eigennamme ‘Diana’ foar (it fers is op 't lêst in hymne oan dy goadinne) en wurdt ‘puellae et pueri integri’ yn omkearde foarm herhelle. Yn de fjirde en fyfde strofe begjint trijeris in rigel mei ‘tu’. Sybesma (Oostenbroek nammers ek) folget dy herhellingen trou nei: twaris is ‘Diana’ brûkt, ‘keine famkes en jonges’ komt werom as ‘keine jonges en famkes’, en trije rigels begjinne mei ‘tu’. By Wybenga treffe wy inkeld de herhelling fan ‘Diana’ oan. Ek wat de wurden dy't in opfallend plak yn de sin ynnimme (‘Dianae’, ‘Latonia’, ‘tu Lucina’, ‘Iuno’, ‘tu potens Trivia’ en ‘tu [...] dea’) en benammen wat it enzjambemint oanbelanget, stiet Sybesma syn oersetting it tichtste by it orizjineel; de acht enzjambeminten fan Catullus komme by Sybesma allegearre werom, by Wybenga net. By einsluten kin der noch op wiisd wurde, dat de parallelly yn de opbou fan de tredde strofe (trije opienfolgjend rigels begjinne mei in substantyf + que foarôfgeand oan in adjektyf: ‘silvarumque virendum’, ‘saltuumque reconditorum’ en ‘amniumque sonantum’) inkeld by Oostenbroek bewarre bleaun is, mar ek wer net folslein, want ‘groene wouden’ stiet net oan it begjin fan de rigel. | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 180]
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
BeslútYn leksikaal opsicht hat de fergeliking oan it ljocht brocht dat Sybesma de tekst aardich oant tige letterlik oerset hat, wylst Wybenga foar it orizjineel oer folle frijer te wurk gongen is, al liket hy wer frijwat ôfhinklik west te hawwen fan Rutgers van der Loeff. Wat de metryk oangiet hawwe Sybesma en Wybenga beide keazen foar de (te ferdigenjen) frije fersfoarm. Beide Fryske oersetters binne sterk yn it brûken fan alliteraasje en assonansje. Op it stik fan de wurdskikking folget Sybesma Catullus it meast trou nei. Syn fers is in oersetting, wylst dat fan Wybenga earder in bewurking neamd wurde moat, fanwegen it grutte tal ferskillen mei it orizjineel. As it giet om myn foarkar, dy giet út nei de oersetting fan Sybesma (en by de hjirboppe oanhelle Nederlânske oersettingen nei dy fan Oostenbroek). Sybesma en Oostenbroek besykje Catullus syn orizjineel oer alle boegen sa folle mooglik rjocht te dwaan, wat neffens my it skaaimerk is fan in slagge oersetting. |
|