in jongeman syn hannen by in jongefrou ûnder it truike bringt en oer it bleate fel taast en de rûningen befielt en dêrnei syn hannen nei ûnderen bringt en nei oare rûningen fielt, sadat him in waas foar de êgen komt en hy warleas oerlevere is oan 'e driuw fan it bloed... ensafuorthinne. As ik myn sin sees: it grinzget oan porno, mar der floeit gjin bloed út, ik bedoel, der komt gjin dalje op en gjin reboelje. It opskuor bliuwt wei, tink ik, om't dusse seksuële frijpostichheden set binne yn it kader fan sonde en genede, of yn it kader fan ellinde - ferlossing - tankberheid.
Werom nei De smearlappen en Fabryk. Ik neam se mar yn ien asem, se binne ek yn itselde jier skreaun, mar wichtiger, yn 'e resepsje wurde se oaninoar relatearre. Ik neam dêr ien foarbyld fan. Yn 'e LC fan 23 oktober 1964 skriuwt in mefrou of menear J. de V. ûnder it opskrift ‘Vieze Friese boeken’ it neikommende: ‘De Smearlappen heb ik gelezen en daarna besloten nooit weer een boek van deze schrijver te kopen. In de fryske boekewike kocht ik daarom een ander boek: Fabryk van Tr. Riemersma. Wie schetst mijn verbazing toen ik merkte dat wat hier geschreven wordt nog veel erger is als De Smearlappen.’ Dut ynstjoerde stik is al fjouwerentwintich jier lang ien fan 'e lytse freugden dy't my it libben oangenaam meitsje. Mar tagelyk begruttet it my ta de teannen út om dy frou of man dy't har of him sa ferskriklik bekocht field hawwe moat.
De smearlappen en Fabryk wienen fansels heiendal net smoarch, der komme gjin onferteine wurden yn foar. Yn lettere romans, bygelyks yn De hite simmer, De feestgongers en yn it proazawurk fan Willem Abma giet it folle rûger om en ta. Mar de lêzers protestearje dêr net tsjin. Nei 1963/'64 kin it de lêzers sa't it liket neat mear skele wat yn 'e mear foarútstribjende of hegere Frieske literatuer fertoand wurdt. Dat is grif neat mear foar har en it is har soarch net mear.
Ik kom ta in konklúzje: it wichtige kearpunt om 1963 hinne leit net yn it aard fan 'e literêre wurken, mar yn 'e resepsje fan dy wurken. De ontjouwing nei in ‘onpoëtyske’ poëzy fynt syn hichtepunt om '70 hinne. It eksperimintele koarte proaza ferskynt fier foar '63, it eksperimintele langere proaza earst nei '63. De ynhâldlike fernijing yn it proaza komt al foar '40 op gong en dy giet gewoan troch. Mar foar it skiedingsproses tusken literatuersoarten en publyksskiften is '63/'64 in wichtich tiidpunt. De lêzers meitsje har foar it lêst drok om de literatuer, de literatoaren ferlieze har gesach en har liedingjaande posysje. De bining wurdt foargoed ferbrutsen.
Ik beslút: wat wy hjoed betinke is dat de lêzers har fiifentwintich jier lyn foar it lêst bekroade hawwe om de eigentiidske, foarútstribjende literatuer. Sont dy tiid sil it har woarst wêze wat dy healwizelingen yn har boeken beskriuwe. My tinkt der is alle reden om ús no te bedrinken.