Eelke wie in man fan fiifentritich jier, mei ljocht, hast readeftich hier. Hy hie in ferware, sprutige hûd fan ien dy't net oer de sinne kin, mar dochs in soad bûten is. Hy wie 1.85 lang. Op 'e holle, boppenop, waard er al aardich keal; sadwaande hied er sûnt twa jier it hier koart. De jierren dêrfoar hie it him mei lange slaggen op 'e skouders hongen, mar dat koe langer net. Hy woe net foar pipo rinne.
Verf kin net sûnder in alwittende ferteller om't er, lykas wol mear skriuwers, in boadskip útdraacht. En om't er alle achtergrûnen beljochtsje wol, moat er dizze konstruksje wol tapasse. De ynformaasje wurdt dan wol krekter, mar de ôfstân tusken lêzer en romanfigueren wurdt wer wat grutter.
Neffens eigen sizzen besiket Verf sûnt It bliuwt pielen literêre swietekau te mijen. Op in inkelde útsjitter nei (sjoch hjirboppen) is dat fierhinne slagge. Eelke is, lykas Verf, yn tal fan opsichten in erfgenamt fan de jierren sechstich, dy't omtangelet mei it postmoderne tiidrek. Dat kostet him syn hier, syn baan, en syn freondinne. At er foar in snabbeltsje nei Dútslân ta moat, rekket er op 'e weromreis mei moterpech oan 'e kant fan de dyk yn de buert fan Scharrel (ûnder Oldenburg). Dêr rekket er betrutsen by de frou Gretchen en har famylje-problemen en simultaan by it ûntdekken en oprôljen fan in nazi-binde. Dy nazi-binde is feitliks in knokploech fan asfalt-jongerein, ûnder lieding fan (neo-)nazi's. Yn dy pear dagen fine Eelke en Gretchen elkoar, net allinnich trochdat hja geastlik op ien golflingte sitte, mar ek troch de steun en kammeraatskip dy't hja hast ûngemurken fan elkoar hawwe. Ek Gretchen hat har ûntjûn fia it idealisme, dat him oppenearjen bliuwt, nei in wat mear realistyske hâlding. Wat harren ferhâlding oanbelanget bliuwe Eelke en Gretchen realist.
Parallel mei de tanadering tusken Eelke en Gretchen èn it op it spoar kommen fan de nazi's rint it opkalefaterjen fan de âld moter dy't by Gretchen-en-dy yn it hok stie. Yn 'e literêre tradysje lizze moters, mechaniken en mesines net op in bêste namme. Yn Tiid fan libjen hat de moter suver in symboalfunksje foar de ferbûnens tusken Gretchen en Eelke, ek al fanwegen de heitefunksje dy't Eelke foar Peter, it soantsje fan Gretchen, ferfullet (s.73):
Hy kaam werom út it doarp mei Gretchens rammeljende folkswein, Peter siet njonken him en op de achterbank lei fan alles: de twa motortsjillen, mei de âlde bannen fol nije lucht; fiif liter motoroalje, twa nije bûzjy's [...] en in stik karton mei papier deroerhinne. Derûnder siet foar tsien mark Dútsk kofjegebak.
Troch it mei soarch útkiezen fan details wurde de sterkste effekten berikke. Mei in inkelde pinnestreek wit Verf in earder houlik te beskriuwen (s.50):