de easken. Yn de wurden fan Sybesma bygelyks: ‘Né, ek al biwiizgje frijhwat
siden dat hjir in skriuwer oan it wurd is dy't in forhael fortelle, út
syn eagen sjen en op koart sicht soms masterlik sketse kin: ik soe inkele
episodes rook en smaek fan Java net mear misse wolle, de ynset dy't dit
boek rjochtfeardigje moast [...] lei boppe syn macht.’
Ik tink dat ‘mei twa fuotten yn ien hoas’ de bêste gearfetting is fan wat der oan it boek mankeart. De skriuwer stie foar in slim probleem mei't er yn romanfoarm skriuwe woe oer de polisjonele aksjes. Hast altyd komt by sa'n ûnderwerp de oandacht foar de yndividuele problematyk en de tekening fan de karakters yn de knipe troch it omtinken foar de maatskiplike sitewaasje. Yn de roman IJzeren chrysant (1982) fan Bouke Jagt oer de perioade fan de Jappekampen - Bouke Jagt syn heit wie in Fries, sersjant-majoar yn it KNIL, en Jagt docht gauris in pear Friezen by de persoanen yn syn romans - fine jo itselde probleem: ‘In zijn streven onderwerpen van alle mogelijke kanten waarheidsgetrouw te belichten, offert hij de psychologische diepgang van zijn personages soms teveel op, een nadeel dat onvermijdelijk aan deze schrijftechniek kleeft en dat door Jagt op de koo toe genomen wordt’ (Michel Boll, Kritisch literatuur lexicon, s. 6). Mar der soene noch wol mear foarbylden fan dizze skriuwtechnyk te neamen wêze.
Yn it begjin is Riemersma syn boek noch fol ûnthjit. Hy makket in goede start troch trije frijwat ferskillende persoanen oan de lêzer foar te stellen, om sa ferskillende gesichtspunten kwyt te kinnen, nammentlik Voorberg, berops, earder by de Arbeidstsjinst west en in echte tsjinstklopper; Jânsma, dûmnyssoan, A.R.-oanhinger; en Smit, in sweeslaander mei wjeraksel tsjin it leger mei syn dissipline, dy't leaver by heit yn it boubedriuw bleaun wie. Dat is in goede oanset ta it ‘multyperspektyf’ dat sa gaadlik is foar soksoarte ûnderwerpen, mei de beheining ta trije persoanen om in te ûnoersichtlik gehiel foar te kommen. Lykwols bliuwt Riemersma net lang by dy opset. Yn de rin fan it boek wurde der tsientallen persoanen yntrodusearre mei in koarte karakterskets, om net folle letter ek wer fan it toaniel te ferdwinen. De trijekaart fan it begjin krijt lang syn gerak net. Soms jout de skriuwer ek samar in haadstik lang in skôging, bygelyks yn haadstik 7 oer de eftergrûn fan de aksjes, sûnder sels mar te besykjen de wurden ien fan syn persoanen yn de mûle te jaan.
Ek yn it motto mei syn fûle wurden (Nederlân as ûnderdrukker!) ûnthjit de skriuwer mear as er letter wiermakket. Hoe fûl oft er winliken is, docht letter bliken as er yn de Drachtster Courant (31-1 1969) by gelegenheid fan de publikaasje fan syn boek as feuilleton yn dy krante oan it wurd komt: ‘Myn twadde greate gryf is dat it binammen ek wer de tsjerke west hat, dy't it Nederlanske militaire optreden yn Indonesië út alle macht sti-