Boumasters
Liemburg stelt in ôfbraakplan op foar Frysk & Frij en fuortdaliks kin om in redakteur fan in ‘yn Fryske ferhâldings net sa min blêd’ de hiele Fryskskriuwende ynfrastruktuer wol nei de sloop. Mediasaakkundige-mei-de-hammer Jan Pieter Janzen (De Strikel 1988-3): ‘It is in wat revolúsjonêre remeedzje, earst brekke en dan bouwe, mar it soe wolris och sa sûn en suverjend wurkje kinne.’ Want it moat allegearre profesjoneler, dynamysker en sjoernalistiker, en dat skynt syn beslach allinne mar krije te kinnen troch besteande opiniearjende periodiken yn in twadde Friesland Post te ramen. Allyksa moasten Hjir en Trotwaer de lapen mar ris gearsmite, ‘sa grut is it ferskil yn sfear en formule ommers net mear.’ En dan graach alle moannen útkomme, lykas De Tsjerne eartiids. (It lêste is net hielendal wier, mar toe dan mar.)
Jawis, De Strikel ferskynt alve kear jiers, mar Trotwaer printet net hiele siden oer út de L.C., it F.D. en it N.v.h.N. en leveret dochs net minder tekst. Nee, dan yndied De Tsjerne, dat wienen nochris tiden. It docht my, ôfsjoen fan de byldspraak, gjin nij dat in hjoeddeisk nûmer fan Hjir of Trotwaer in âld-samler fan dat langer legindaryske moanneskrift smakket as in ‘mûltergjende broddellape’. Net inkeld dêrom wol ek Douwe Annes Tamminga (L.C., 22-3 1988) de beide breiwurkjes mei-inoar ferknotte hawwe: hy is boppedat fan betinken dat se ‘njonkelytsen as twa drippen wetter’ opinoar lykje.
Foar wa't dêr de klam op lizze wol: de beide tydskriften meie dan net ûnferienber fan karakter wêze, dochs binne se op ferskillende priemmen set, en hoewol't Trotwaer syn besteansgrûn net siket yn it troch Tamminga neamde ‘partikularisme’ of yn in konkurrinsjeslach mei Hjir, is it foar skriuwers èn lêzers in goed ding dat it literêre klimaat tsjintwurdich justjes plurifoarmer is as tidens it jierrenlange monopoalje fan De Tsjerne, dat letterlik nearne mei te ferlykjen wie. De saaklike neidielen fan in fúzje lit ik no mar ûnbesprutsen, men moat gjin slûge magistraten op slûchslimme gedachten bringe.
Tamminga einiget mei de kwea ferneamde ‘Fryske tragyk’. No is dy der yn soarten; ek de Aldehou is net yn ien dei boud en nea ôfmakke: moat er dêrom tsjin 'e flakte? Ik ûntstriid net dat it literêre bedriuw hjirre mei malêze te rêden hat, mar dy hâldt net op by Surch en Fryske Peallen en beheint him allikemin ta de literatuer allinne. Yn dy feitlike sitewaasje stiet ús net folle betters te dwaan as, 't ark jimmeroan opskerpjend, dreech fierder te bouwen. Oplevere sil de Frysk-literêre wente wol nea wurde, mar pleatsing op de monumintelist is helte slimmer. Dit Ynje-nûmer is alteast wer út 'e stegers; hooplik achtsje ús lêzers - jpj en D.A.T. net útsletten - it risseltaat solyd.
Foar de redaksje,
Klaas van der Hoek