Josse de Haan
Yndyske pompeblêden
Tusken 5 desimber 1946 en 15 maaie 1948 ferskynde yn Bandoeng (West-Java) by de drukkers G.C.T. van Dorp & Co. Us Pompeblêd. Voor Bataljon Friesland in de tropen yn in oplage fan 1500 en letter 1000 eksimplaren. It blêd kaam om de twa wike út, en yn totaal binne der 36 nûmers fan 'e parsen rôle. Meastentiids bestie in nûmer út fjouwer siden, formaat A4. Yn de oardel jier fan it bestean fan it blêd hawwe fiif redakteuren de krante fersoarge. Soldaat (letter soldaat earste klasse) Cees G. Nederhoff hat alle 36 nûmers meimakke. It blêd wie bedoeld foar it Fryske Bataljon fan O.V.W.'ers (oarlochsfrijwilligers): ‘Merendeels stugge Friezen, zich moeilijk gevend, waarmee zeer veel te bereiken is’ en ‘prima mensenmaterieel, bezield met een uitstekende geest’ (argyf Definsje).
De namme fan it blêd is Frysk, Us Pompeblêd, mar dat betsjutte net dat ek de ynhâld Frysktalich wie. Fan de 160 siden dy't yn dat oardel jier beprinte binne, kin men sa'n acht siden Frysk lêze. Sa út en troch steane der ek stikjes yn dy't yn it Lúwadders skreaun binne, en Jannes de Oastganger skriuwt yn elk nûmer in brief oan Sibbeltien yn in soarte fan Oertsjongersk. Fan it bataljonslid mr. dr. Klaas de Vries liket bygelyks gjin wurd Frysk opnommen te wêzen (of minskien ûnder de inisjaal K.?). Wol skriuwt in histoarikus ûnder in pear skûlnammen oer de Fryske striid tsjin de Hollanners, oer de Tachtichjierrige Oarloch en oer de Twadde Wrâldkriich. Miskien binne dy stikken fan de lettere Fryske Akademy-direkteur, sjoen de ynhâld, stylkenmerken, de ‘wy Friezen’-gedachte en it foar leden fan it Fryske Bataljon barokke jargon. It wêrom fan dat lytse bytsje Frysktalige bydragen wurdt earne yn it blêd sa omskreaun: aardich wat soldaten kinne gjin Frysk lêze, se kinne it net skriuwe, it blêd soe foar de Hollânsktaligen net ynteressant mear wêze, en it moast gjin útsûndering foarmje. Lt.-Kol. E. Wiersma, bataljonskommandant, brûkt yn syn oppep-stikjes ien kear Frysk: ‘Fen bûgjen frjemd’.
Nêst eleminten as de funksje fan it blêd foar de troepen, foar it thúsfront en foar de militêre lieders, binne der ek oare aspekten dy't Us Pompeblêd nijsgjirrich meitsje. Bygelyks de mentaliteit fan de soldaten dy't út lytse wurdsjes te heljen is (je koene by de kapper it ‘Buchenwald-model’ oanmetten krije). Ek is der in ferskil yn sfear tusken de earste nûmers en de