Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 138]
| |
Taco Kingma
| |
Wat besielde dy, jonkje?Yn maart en april 1945 hie ik as lid fan de gefjochtsgroep Aldegea-De Gaastmar fan de B.S. wat yn 'e Súdwesthoeke omskaaid en wie dêrnei by de saneamde kustwacht yn Hylpen bedarre. Dat wie feest. Wy libben yn in soarte fan eufory: de oarloch wie oer, wy wiene frij. It benaude ûnder-dûkersbestean wie foarby, no soe in nij libben begjinne. De stasjonswachtkeamer, it ymprovisearre skoallokaal dêr't myn wurk as skoalmaster as in nachtkears útgien wie, stie op in oare planeet. De wrâld lei iepen - en soe ik dan werom nei it deistige kowepaadsje? It kaam net by my op. ‘Don't fence me in’, songen wy mei fjoer. As ik dat sankje no wer hear, fiel ik it noch, dat bekende Nyckle Haisma/Marsman-gefoel fan langst nei de fierte en ‘groots en meeslepend’ libje te wollen. Frij - fuort - mar wêrhinne? Doe waard frege oft wy net nei Ynje woene. It regear woe dêr wachtof gesachsbataljons hinnestjoere, hie frijwilligers nedich en tocht oan de | |
[pagina 139]
| |
B.S.'ers. Wy wiene dan wol frij, seine se, mar no Ynje noch. Dat motyf spruts ús wol oan. Ynje hearde ommers by Nederlân en wy sieten no dochs yn it frijwilligersskipke; wy wiene gau út 'e ried: trochfarre mar! Earst soe de Jap derút moatte en it lân opboud wurde en as wy dêr op 'e ien of oare wize oan meihelpe koene, like ús dat prima ta. Sterker noch: it like my ta dat it min ofte mear myn plicht wie. Ik hie op it lêst yn 1940 mar in blauwe moandei soldaat west en fûn dat ik noch wol in offerke oan it ‘faderlân’ bringe mocht. En as ik myn oandiel yn yllegaal wurk fergelike mei dat fan oaren, dan koe mines gjin sprekken lije, fûn ik. Dêr soe eins noch wol in lytse prestaasje by kinne. Healwize motiven, sokke. Mar in minske sit soms nuver yninoar. Fanwege dat frijheidsgefoel en ús hate tsjin it ordinêre boargerlibben tochten wy ek net oan trouwen. Wy wiene al mear as trije jier ferlove en soene ridlikerwize dreks nei de befrijing yn it houliksboatsje stapt hawwe kind, mar diene dat net. It like ús wol fleanen, it neazige bestean fan baan mei húske-túntsje-stekje. Hja gie dêrom nei Denemarken en nei Ingelân mei hongerbern, ik nei Ynje. De leafde holden wy briefkjendewei yn stân, al waarden wy al gau sa ûnwennich fan inoar as wreed skieden twillingbern. Skuldgefoelens omdat ik myn skoaltsje mei ymbesile jonges yn 'e steek liet, hie ik net. Ik wit net iens mear oft ik wol ûntslach frege of krigen haw. En sa waarden wy yn juny fan Hylpen mei oare B.S.-groepen op gammele frachtweinen nei de Fochteler heide en de Donkerbroekster bosk riden. | |
De besieling boaze oanYn dy âlde barakkekampen boaze de mienskiplike geastdrift wakker oan. Dat siet him fral yn it mienskiplike. Wy troffen dêr nije maten, dy't op deselde wize besiele wiene. Meiïnoar laten wy in frij primityf libben, hiene wille, genoaten fan it aventoer fan elke dei. Wy fûnen dat wy oan it pionierjen wiene, want nimmen wist eins hoe as dat soldateboartsj en no krekt moast. Dat hiele libben makke it beslút om troch te setten safolleste fêster. En doe't Japan yn augustus de holle dellei en guon nei hûs ta giene omdat se fûnen dat it gjin doel mear hie, bleaune wy. ‘Laat Australië verrekken, wij gaan toch vertrekken’, skreau ik op in barak, doe't it berjocht kaam dat wy dêr net wolkom wiene foar training. Dat wie op 'e dei dat fertsjintwurdigers fan it regear der as de kipen by kamen om ús dúdlik te meitsjen dat de ryksoerheid graach seach dat wy folholden. Se hiene it oer it gesachsfakuüm dat opfolle wurde moast, de driigjende gaos, oer rampokkers - rovers - dy't bestriden wurde moasten. Ik hie amper oantrún nedich. Ik hie oars net yn 'e holle as de grutte | |
[pagina 140]
| |
reis. Al it oare foel dêrby yn it neat. Sa stiet it yn myn deiboek fan dat jier: ‘Undanks de gesellichheid thús, ûndanks de leafde, de frijerij en alles wat der te genietsjen falt yn sa'n ferloftiid, fielde ik my earst wer noflik en hie myn bestean wer doel, doe't ik wer mei de 6e kompy meirûn en mei sersjant Pyt in bak fol reade Sint-Annebeien oppeuzelje koe.’ Knettergek blykber. Fral dy reade Sint-Annebeien steane yn dat sitaat sa prachtich te pronkjen as it doel fan myn bestean... | |
Merdeka tsjin merdeka?Ein septimber moast ik nei Amsterdam - mei de Lemster boat - om dêr yn it Yndyske Ynstitút in tropekursus te folgjen. Oer it lân en syn bewenners, de taal en de adat en de godstsjinsten. Maleisk - Bahasa Indonesia seine se doe ek al - krigen wy fan in sekere Moesa Hamsa, de earste echte Yndonesiër dy't ik tsjinkaam, in studint tink. Hy wie lid fan de kommunistysk oriïntearre ‘Perhimpoenan Indonesia’, en beskôge de Nederlanners as ymperialistyske útsûgers en ûnderdrukkers. Dat wie foar ús wol wat nijs, dat soks bestie! Kapot wiene wy der net fan; ik tink dat wy tochten: je mutte hoare wie't seit. It biedwurd ‘Indonesia merdeka (frij)’ fûn ik oars hiel fanselssprekkend. Neffens myn oantekens ‘koe gjin woltinkend minske dêr wat op tsjin hawwe.’ Mei Moesa Hamsa fûn ik lykwols dat wy Ynje net samar loslitte koene. Meiïnoar soene wy earst de oarlochsferwoastingen opromje moatte. Selsstannigens mei gearwurking, dat wiene de beide rjochtlinen dy't Keninginne Wilhelmina op 7 desimber 1942 útset hie en dat like my skoan ta. Noch in rigel út myn deiboek: ‘Us learaars hawwe ús in hiele protte leard, mar oer it wichtichste, de tastân op dit momint, koene sy ek net prate, omdat sy dêr suver neat fan wisten.’ Oer it nasjonalistysk stribjen hearden wy dus sa goed as neat. ‘Knokke tsjin frijheidsstriders lokket my alderminst oan. De iene merdeka-idealist tsjin de oare, dat soe al raar wêze! Wisten wy mar wat mear fan de ideeën ûnder de Yndonesiërs’, skreau ik doe. Mar dat hearden wy net en sa wie der neat dat ús behindere om de noedlike reis te ûndernimmen. | |
In opwinende útdagingDat ûndernimmen ûndergong ik ek as in grut aventoer. Wy wiene neat wend. Ynkeapen dwaan yn 'e Londenske Regent Street wie dochs hiel wat oars as op 'e Ljouwerter Nijstêd. In lêzing hâlde oer de pylders fan 'e | |
[pagina 141]
| |
Islam yn it sicht fan Mekka wie wat bysûnders. In persoanlike útdaging wie de ‘signal-course’ yn Taiping (Malakka) by in Ingelske sergeant-major: in folslein ûnbekend mêd foar my en dêr moast ik mei oan 'e slach. Krekt sa'n útdaging as it foarmjen fan in ferbiningsôfdieling mei nije minsken en it ymprovisearjen mei tastellen en organisaasje. En tagelyk wie dêr it tropysk dekor. Nei in nacht op see foar Trincomalee en Singapore de hjitte fan Ipoh, de smaken en roken fan de tropen, de heimsinnige lûden fan de swarte nacht. De rook fan klapperoalje en droege fisk op Java en oer alles hinne de sinne. It rûzjen fan it wettergerdyn yn de wiete moesson. It paradyseftige lânskip, de berchtochten, de fleanreizen by ûnwaar tusken de driigjende bergen troch: likefolle yndrukmeitsjende ympresjes. En oan 'e oare kant de patrûljes, it switten en ploeterjen, de aksjes mei fluitsjende kûgels en ploffende granaten. Ach, ik hie der net it measte lêst fan. Ik hie op it lêst net in sjittende funksje en haw yn dy jierren amper in skot lost, al gie ik wol mei op patrûlje. Ik krige oare putsjes en hie dêr myn aardichheid oan: kursussen opsette yn liddige tiden, in tinkboek skriuwe, wurk sykje foar demobilisanten. Persoanlik die ik sa hiel wat ûnderfining op. Sok wurk en de freonskip, it moaie lân en de aardige minsken dy't ik moete, makken dat ik de Ynje-tiid net as in ferfelende tiid belibbe haw. Miskien mei útsûndering fan it lêste healjier, doe't wy skjin ús nocht hiene en leaver juster as moarn nei hûs woene. Mar ik trof it wer en waard mei in opdracht nei Djakarta stjoerd en koe yn maaie nei hûs, al moast ik oan desimber ta wachtsje mei demobilisaasje. | |
De minskenMilitêren ûnderskiede yn 'e regel mar twa soarten minsken: fijannen en freonen. De fijannen wiene meastentiids ûnsichtber en waarden ekstremisten, pelopors (bindeleden) of pemoeda's (organisearre jongerein) neamd; letter ek wol ‘fersetsstriders’ of T.N.I.-soldaten - T.N.I. stie foar Tentara (leger) Nasional Indonesia. Fan de ynljochtingsôfdieling fernamen wy fan fanatike moslims, hizboellah, kommunisten en groepen mei skildereftige nammen as ‘De swarte bolle’. Alle oaren wiene freonen, dy't wy safolle mooglik holpen mei klean, iten en polykliniken. Dêr kaam ek fariaasje yn. It measte kontakt hiene wy fansels mei Nederlanners en Yndyske Nederlanners. Echt tankber wiene de Sinezen, dy't wy withoefaak rêde moasten út 'e hannen fan rôvers en plonderers. Troch ús aksjes koene se wer rêstich wenje en wurkje en út tank krigen wy noch wolris in lekker miel oanbean. Dat barde by Javanen ek wol, mar | |
[pagina 142]
| |
letter net sa faak mear. Dy minsken sieten ommers faak tusken twa fjoeren, wat wy wolris te min yn 'e gaten hiene. Se hiene mei ús te meitsjen en wiene freonlik, mar achter dy freonlikens skûle ek wol eangst. Wy hiene de macht en se joegen ús meiwurking, mar tefolle meiwurking waard troch de nasjonalisten as ferried beskôge en ôfstraft. Ik moat dan tinke oan de loerah (doarpshaad) fan Waas, dêr't wy yn '46 sa goed mei koene, mar yn '48 waard hy fermoarde. Yn myn argyfkiste fûn ik noch in foto fan Soeprapto, dy't wy leau 'k fan in aksje meinommen hiene. Hy wenne yn it achtergebou fan ús hûs yn Tjimahi en fungearre as in soarte fan djongos (húsfeint). Hy brocht syn hiele famylje dêrhinne en hie op it lêst, krekt as ik, ek in bril op en in rige potleaden by him. Aardige minsken. Dat dy aardige minsken ek wreed wêze koene en mata gelap (gek) wurde, haw ik sels net murken, mar myn lettere buorman Sibe Koning koe my út de bersiap-tiid (hjerst '45) akelige ferhalen fertelle. Yn de earste tiid like it wurk dat ús opdroegen waard ek it measte op wat wy ús dêrfan foarsteld hiene: soargje foar in normaal libben, foar rêst, oarder en romte foar ‘it gesach’, minsken op 'en nij befrije út kampen dêr't se wer ynkrûpt wiene en sa mear. Mei en nei de earste polisjonele aksje waard it mear in guerilja tsjin it republikeinske leger. | |
UnderinoarIt Fryske Bataljon mei syn Friezen en ‘Sudete-Friezen’, sa'n achthûndert man, wie net in gewoan ûnderdiel. No fynt elke troep mei in bytsje ‘esprit de corps’ dat fan harsels, mar yn ús gefal wie der objektyf besjoen ek wol reden foar. Wy wiene allegearre frijwilligers en ik wie grutsk op it O.V.W.-embleem. Noch grutsker trouwens op it bantsje ‘Friesland’ op it unifoarm. Men koe ek sawat alle Fryske en Stedfryske dialekten hearre. It wie dan ek net sa'n wûnder dat it Frysk sa no en dan ek as militêre taal brûkt waard. Ik hear noch ien fan ús earste ‘kommandanten’ roppen. ‘Gean der ris wat knap by stean, mannen!’ wie syn oersetting fan ‘geef acht!’, en ‘donderje ris wat oan!’ betsjutte dat hy ús yn de ‘looppas’ ha woe. Soks duorre net lang fansels, mar yn Ynje brûkten wy it Frysk as geheimtaal foar radioberjochten, dat wie al sa maklik as koade. It ‘hikkepeal, hikkepeal, kom ris yn 'e loft, oer!’ waard in histoaryske gjalp. Dat ‘oer’ achterfolge my lang, as in soarte fan bynamme, en dat fûn ik wol prachtich. In frjemdsoartige troep mei withoefolle broers, neven, sweagers, doarpsgenoaten, âlde kunde, maten út de yllegaliteit. It gefolch wie ek sosjale kontrôle. Hoefolle memmen hiene by it ôfskied net tsjin in oan- | |
[pagina 143]
| |
steande kommandant sein: ‘Jo passe wol in bytsje op him no?’ De measten hiene boppedat in fêste relaasje - faam, ferloofde, frou - thús, en sokken bleaune yn al dy jierren wol trou oan 'e eigen frou en oarsom. As in famke de ferkearing útmakke, libbe it hiele peleton mei: dat kring, hiest dat no tocht? Bakken fol brieven waarden oan it thúsfront skreaun. Us oerste spande de kroan, dy skreau grif elke dei, aksje of net. Dat moat fan syn kant in njoggenhûndert brieven opsmiten hawwe. Sels helle ik dat oantal net, mar ik kaam wol op in fiifhûndert. En in fiifhûndert werom, dat wiene mei-inoar in tûzen (Fryske) brieven, in kistje fol. Sa no en dan koene wy ris belje fia radio Bandung of sokssawat. Dat waarden eveneminten mei lange wachttiden yn in apart gebou. En wêr hiene wy it oer as it grutte momint mei in protte kreakjen einliks troch in telefoniste oankundige waard? ‘Hoe is it waar by jimme?’ - stilte - ‘En wêr praatst no?’ - stilte - en as it wêze soe, wie de tiid om. En dan de grammofoanplaatsjes dy't mei krysttiid thús foar ús ynsprutsen wiene. Hertferskuorrend. Heit hie it oer J.P. Coen en hja song ‘Solvejgs Lied’: ‘Ich harre treulich dein’. It plaatsje leit noch yn 'e argyfkiste, mar der sitte wol tweintich barsten yn, ik kin it nea wer draaie. Unferskillich behannele tink, dy plaatsjes wiene foar myn gefoel gjin sukses. Sosjale kontrôle, brieven. Nei oardel jier waard it swierder en net elk hie in faam thús. De dokter makke gewach fan geslachtssykten; yn 'e kampong wiene altyd wol froulju dêr't ien terjochte koe. Mar de baas wie strang. Dy hold sa no en dan razzia's yn dy húskes en wa't hy attrapearre waard op steande foet degradearre ta gewoan soldaat, as it in kaderlid oanbelange. Dat soks ta emosjonele sênes oanlieding joech, kin men wol riede. De measten libben lykwols hast trije jier yn ûnthâlding; it liket no nuver, en it is foar guon net yn te tinken, mar it wie sa. | |
GesachDy kunde oan inoar en dy fersetseftergrûn makken de gesachsferhâldingen oan 'e iene kant minder formeel en natuerliker: de ynformele lieders wiene ommers nei foaren kommen. Oan 'e oare kant wol in oprjochte Fries gjin befel oannimme as hy net sjocht hokker doel as it hat, en alhielendal net fan in neef of in doarpsgenoat. Dat levere wolris aparte tastannen op, lykas yn it folgjende ferhaal: It sintrum fan it bataljon waard op in kear elke nacht wer út in kampong wei mei in mortier besketten. Dat joech in heap opskuor en gerattel as in blikken dak troffen waard; it begûn ferfelend te wurden, it moast út wêze. In kompyskommandant krige opdracht de mortiergranaten te | |
[pagina 144]
| |
beantwurdzjen mei syn batterij berchgeskut, dy't wy yndertiid út in K.N.I.L.-dump helle hiene en dy't by it bataljon yndield wie. As se wer sjitte, it kanûn der mar op, sei hegerhân. Mar de kompyskommandant rûn lilk fuort: ‘Bist net wiis’, rôp er. ‘Foar in pear fan dy ûnnoazele mortiergranaten op in kampong sjitte? Dat ferdom ik!’ Syn batterijkommandant seach earnstich en sei: ‘Dat wurdt kriichsried, man! En lit it no mar oan my oer.’ Hy joech syn stikskommandant oarder om, as it ta in sjitten kaam, hyltyd oer dy kampong te sjitten yn 'e sawah's, wat hy him ek hjitte soe. En sa barde it yn de earstfolgjende mortierenacht, doe't in pracht fan in komeedzje opfierd waard. De oare moarns waard in patrûlje útstjoerd om it effekt te besjen. Se kamen mei it mortier werom, de besetting wie him by it earste kanûnsskot smeard. ‘Do bist ek in skutter fan de kâlde grûn’, sei de partrûljebaas, ‘gjin ien treffer yn 'e kampong.’ In gefolch fan minne, âlde munysje, skreau de batterijkommandant yn syn rapport, en dêr bleau it by. Sa'n ferhaal makket dúdlik dat in befel wolris nei eigen smaak en gewisse útfierd waard. | |
GueriljaIn bataljon soldaten is gjin paadfinerstroep. Wy seagen allegeduerigen de dea yn 'e eagen. Dat wie de bittere neisleep fan ús ekspedysje. In tritich deaden en in hûndert ferwûnen. Sykte en ûngemakken easken har tol, mar de measten foelen yn it fjild. Faak as gefolch fan guerilja-eftige aktiviteiten mei trekbommen en lânminen. Sels rûn ik mei in patrûlje nei Tjilampeni doe't ien fan ús op in myn trape en eefkes letter stoar. In twadde slachtoffer helle it sikehûs wol, mar rekke in moanne letter wei. De bylden bliuwe my myn libben lang by: flarden fan minsken en útris dy't yn 'e beammen hongen. Skriklike dingen. Dy begraffenissen mei militêre eare, hyltyd wer. De ferwûnen, faak sadanich dat it nea hielendal wer goed kaam. Sokke dingen bekuollen it frijwilligersfjoer. Lokkich binne der net folle traumata op lettere leeftyd fan oerbleaun, dêr is alteast net folle oer praat. Soms hear ik op in reuny in ferhaal fan in emosjonele útbarsting, sa'n fjirtich jier nei dato. Dan brekt de ûnderfining fan doe ynienen troch alle siele-lagen hinne. En dan praat ik noch net iens oer ‘de oare kant’. Wat wisten wy dêr fan? De earste polisjonele aksje (simmer '47) belibbe ik as in soarte fan befrijing út de knipende bannen fan 'e demarkaasjeline. Foar de legerlieding wie dy tocht in militêr eksperimint mei in santich kilometer lange motorisearre kolonne. Foar ús wie it in nij aventoer hast sûnder bloedferjitten | |
[pagina 145]
| |
troch in prachtich berchlânskip, om de Slamet hinne. Fierder as Gombong, foar Djokja, kamen wy net. De wei lei fol beammen en wy koene net sa hurd. Doe kaam midden yn 'e nacht de oarder: werom, it is oer. Under flokken en skellen waard dy lange kolonne keard op in smelle wei. Ek wer sa'n momint dat jin bybliuwt. No, sizze Ynjetoeristen, stiet op dat plak in yndrukwekkend monumint: hjir kearden ús dappere krigers it Nederlânske geweld. Dat ha wy yn elk gefal berikt: wy ha monuminten levere en helden en soarge foar in earfolle befrijing dy't hja sels ferovere hawwe en har net yn 'e skutte smiten waard lykas yn India. Om jin dea te laitsjen. | |
Misdieden?Fan misdieden tsjin de befolking wol my neat yn 't sin komme. Dat soe gewoan ferdringing wêze kinne, wa wol soks no wêze? Misdieden wurde mei opsetsin begien en dêr koe ik neat fan gewaar wurde, ek net by neifreegjen, ek net nei fjirtich jier spontane ferhalen op reunys. Men kin ek better sprekke fan gefolgen fan oarlochshannelingen foar de befolking en dy wiene der fansels genôch. Ik sjoch noch dy trijetonner foar it stêfgebou yn Tegallega stean mei in oerstjoere sjauffeur achter it stjoer. Yn 'e laadbak in deade Javaanske frou, omkommen by in sjitpartij. De sjauffeur wist net wêr't hy dermei hinne moast en bedarre by de stêf. Ik tink dat nei in trekbom-ynsidint dat ús deaden koste, wolris yn it wylde wei sketten is op alles wat beweegde, út eangst, út wraak. Rampokkers (rôvers) dy't op 'e die betrape waarden, binne yn it earstoan wolris sûnder mear delsketten. Sokke ferhalen heart men letter, dy steane net yn it tinkboek. In guerilja is in groulike saak, rint út 'e hân, eskalearret, makket minsken hurd en wreed. Wy witte der stadichoan alles fan, sjogge it op 'e t.v. en hawwe it sels meimakke. Wy hoege ús net op it boarst te slaan, dan hiene wy der mar net oan begjinne moatten. Mar ik bin bliid dat wy der yn dit opsicht noch ridlik goed foar weikommen binne. Bliid dat kommandanten en troep har behearsking net altyd ferlearen. Bliid dat it gjin Vietnam wurden is, want dy kant wie it útgien as it folle langer duorre hie. Lês Simatupang der mar op nei.Ga naar eind* |
|