Trotwaer. Jaargang 20(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 128] [p. 128] Jan Dotinga Java It Boeddhabyld op 't oargel kaam fan him Like frjemd en fier bleau ús de omke It hearde as skimerlampe tsjinst te dwaan Mar 't bleau by kâld en ûnnut sjen De swarte oaljefantsjes sprieken wol De sulvren Djokjaleppeltsjes hiene In geheim. Meast sweien hja oer him want praat fertret Libbe er noch of mûlk hoe wie syn stjerren It koarte nijs fan Doormans ûndergong Joech lang in tiid fan kwealk ferstean Fermisten libben faaks fan wûnders en De Jappen holpen sûnder mis de Minske yn need. In jûne yn fjouwrenfjirtich kipe út 't Trompke in foto: Ien by de marine In kreas en swijsum minske like er Doe kaam dan dochs it praat op him En neamden hja syn Dongerdielster aard It stille stribjen nei wat oars as 't Boerewurk. It wurd ferromme en 't iene lústre it Oare: Pake en beppe hie 't net noaske dat er Mei har thúskaam, de stedske kleurmadam En ta bewiis kaam noch in kykje Yn 't ljocht: In strânsit op it Skiermûntseach It laitsjend wyt fan mûle en hoed be- Hearske it byld. De hope bleau en joech it heukrich Libben treast en krêft yn wurk en wachtsjen [pagina 129] [p. 129] Oant nei it frijheidsfieren dûmny kaam En hoeden wisse wurden spriek De foto op 'e skoarstienmantel foel Oerside: Wat te sjen wie wie net Mear te sjen. In tante kaam, feroare yn kleur en stal Skraachwurk klonk de namme Soerabaja It wurd dat bylden út it kamp oprôp Hat hja net neamd, de bern ferbean It famke droech de heite namme as In lêste groet út pine, see en Dea: Java. Vorige Volgende