Trotwaer. Jaargang 20
(1988)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 122]
| |
Geart fan der Mear
| |
[pagina 123]
| |
- ek in útstjittene. Syn soan Teda kin net bankje yn it ivich wietkâlde lantsje en giet bij einsluten werom. Ik haw it gefoel dat Teda in stik fan de persoanlikheid fan Peke symbolisearret, en dat Peke in part fan syn eardere krityk op de benypte, nearzichtinkende minsken yn Fryslân letterlik ôfstjitte moat - yn de foarm fan syn alhiel ‘frjemde’ soan - om yn Frylân aardzje te kinnen. Sa besjoen liket der in soarte fan oanpassing fan wjerskanten te wêzen tsjin de ein fan it boek: Peke keart Indië ek geastlik foargoed de rêch ta en wurdt minder ‘frjemd’ yn de eagen fan oaren, en de minsken yn Fryslân falle ek noch wolris wat ta. Dy ‘oplossing’ is needsaaklik om in happy end te krijen, mar sil net elkenien hjoeddedei befredigje, om't bij einsluten it konflikt net echt folslein útfochten wurdt, mar earder ferdwynt achter de fansels tige minsklike driuw ta kompromissen. Mar keunst hâldt net sa fan kompromissen. As ûnferoarlik ideaal is dêr altyd, hoe raar de minsken har ek kenne litte, it Fryske boerelân, in paradys ferlike mei de ferspeine stêd, ek de Fryske stêd. De krisis fan de tritiger jierren wurde wij neat oer gewaar, al wurdt net beweard dat de lju in maklik bestean hiene. Ik kin de proazaskriuwer Haisma dan tink ek it bêste karakterisearje as de skriuwer oer in ideaal lânskip, dêr't minsken wenje dy't mei al har lek en brek akseptabel binne, wylst de stêd (it net-boerelân!) as it grutte kwea ôfskildere wurdt, dêr't - en dêr hie ik noch net op wiisd - dochs in grutte, al is it dan in ferkearde, oantrekkingskrêft fan útgiet; in skriuwer dy't ek de spanning beskriuwt tusken útflechtige natueren dy't wolris fierder sjen wolle en de dochs yn it lêst altyd sterkere driuw ta it heitelân; bij einsluten in skriuwer dy't syn figueren ek sterk it ferline idealisearje lit. Net om 'e nocht hjit ien fan syn langere ferhalen ‘It lân forline’. En Indië nimt yn syn wurk gjin sintraal plak yn, lang net. Dat is allinne it lân wêrútwei de langst him op it Fryske lân en it Fryske ferline rjochtet. Dat hie yndie, neffens in wurd fan Durk van der Ploeg, likegoed Sina wêze kinnen (Leeuwarder Courant, 28-11 1981). Hoe sit it no mei syn fersen wat dat oangiet? Ek dêr giet it almeast oer it ideale boere-Fryslân, foaral yn 'e fersen dy't skreaun binne yn de twa konsintraasjekampen dêr't Haisma yn 'e oarloch yn libje moatten hat. De gauris wat breklike foarm fan dy fersen leit him, tinkt mij, net oan in ôfnimmend dichterlik fermogen, mar oan it feit dat se noch net hielendal ôf west hawwe sille doe't Haisma kaam te stjerren. Se moatte skreaun wêze troch in dichter dy't oer al syn eardere geastlike fermogens beskikte en binne dan ek typysk te neamen yn har sterke fiksaasje op Fryslân - in fiksaasje dy't begryplikerwize hiel sterk wie yn it konsintraasjekamp. | |
[pagina 124]
| |
Pas yn de eardere fersen fine wij wat oer de relaasje mei Indië, lykas yn ‘Yn de frjemdte’ (s. 12 fan de Samle fersen), dat it bekende tema behannelet fan langst nei Fryslân en tagelyk langst nei de frjemdte: De neare nachten fier fan 't heitelân,
Fan memme klûs,
Untstekke yn 't Friez'ne herte in felle brân
Fan langst nei hûs.
Mar moarns slacht him it swalkjen yn it bloed:
De fr[j]emde fierten wanke: 't is him goed.
Portret fan Nyckle Haisma troch Sjoerd de Vries, 1975 (kolleksje F.L.M.D.).
| |
[pagina 125]
| |
Yn dit yn 1934 skreaune fers lykje de driuw ta Fryslân en de driuw ta de frjemdte in lykwicht fûn te hawwen. Oan 'e ein fan it fers komt de dichter ta in soarte fan dûbele fisy, lykas wannear't jo twa dia's oerinoar hinne projektearje: No wynt de wei de berch ringsom en giet
De hichte yn.
Dêr riist, oer 't lege beamguod dat der stiet
En 't djip ravyn
De flakte: - wylst er opbloeit jong en myld,
Riist, Fryslân, foar ús dyn ûnstjerlik byld!
Sa sjocht de dichter hjir yn ien fan syn bettere fersen yn de frjemde flakte it Fryske lân, en is it konflikt ta in artistyk befredigjende oplossing brocht. ‘Thúsreis’ (s. 15-16) hat folle mear fan de wrâld fan Peke Donia, want hjir giet it oer in nei seis (!, ferlykje it libben fan Haisma sels, en Peke syn thúskomst) lange jierren weromkommende soan dy't net doge woe en nei de East tein wie, fan ‘aventoer en hjitte sinnen laat’. Oars as yn de roman is der op it stasjon gjinien dy't him ôfhellet: Nin Heit of Mem d' ûnlij'ge hjerstjûn stiet
Lâns 't leech perron te wachtsjen op it bern,
Dat iensum, warch en wee syn wegen giet,
Yn ivichheid ferlitten en ferlern.
Ek ‘De karrider’ (s. 21) soe men yn it ljocht fan de spanning Indië-Fryslân sjen kinne, al spilet it dan yn it âlde lân. De karrider hat in soarte fan geastlik lykwicht fûn (‘Want libbens lott're lok te finen / Is libbens simple gong te gean’), mar foar oaren jildt dit: Wa't fier fan Fryslân teach op tsjust're wegen
Nei diizge dreamne lân, fan dûnkre driften dreaun,
Mist Fryslân's frede en stille segen
En d' iiv'ge ûnrêst is him bleaun.
Hjir, lykas eins ek oeral yn it proaza, sjocht men wer de feroardieling fan it swalkersaard en de ‘dûnkre driften’. In feroardieling dy't ek yn ‘Balling’ (s. 24) nei foaren komt: Mar wa't as swalker 't Heitelân ferliet
| |
[pagina 126]
| |
En mei de wylde kop om fierrens giet...
Gjin bannen dy't ea wer oan Fryslân bine:
As swalker sil er earne 't lêste rêstplak fine.
Yn ‘Swanesang fan d' âld matroas’ (s. 27-28) komt it swalkjen al, mar Indië net oan 'e oarder, mar we meie oannimme dat yn ‘Wersjen’ (s. 30) Indië it lân is dêr't de swalker út weromkomt. Fryslân, ‘Do bliuwst yn hege rêst dysels allyk’, skriuwt Haisma, en dat is èk typearjend; swalkers meie der dan wêze - hijsels hat dat aard ek - mar se ferwachtsje, ja se leauwe en hoopje dat Fryslân net feroaret. Dat is wat in protte emigranten oer har hawwe: de wrâld feroaret, mar Fryslân mei dat net dwaan. Hjir wurdt Fryslân in soarte fan yllúzjonêr paradys dêr't de tiid skoft hâldt. Sa't der yn ‘Thúsreis’ in seker skuldbesef oanwêzich liket tsjinoer de âlden (dat spilet ek in rol yn Peke Donia), sa fynt men dat hjir tsjinoer Fryslân: Fryslân, ferjou de swalker, dy't wêrsanne
Sa djip dy leave en sa dy fûn yn 't ein.
Hjir komt de beroufolle ferlerne soan wer thús om ‘syn treast en stil ûntwyk’ te sykjen deun oan it hart fan Fryslân. Dochs skriuwt Haisma justjes letter yn ‘Tritich’ (s. 32-33), in fers dat datearre is op 18 maaie 1937, de tritichste jierdei fan himsels: Helje op de ankers dan, start de motoaren!
Farwol, dû leaflik lân fan jeugd en ljocht,
Mei dreech en swier de feart him oansjen litte,
It avontoer is grut en wyld de tocht!
De swalkersoandriuw liket hjir sterker te wêzen, mar sjoen de wat sjarzjearre toan fan it hiele fers sil dat foar in part in pose wêze. As iennige fan de yn de konsintraasjekampen skreaune fersen giet ‘Te let’ (s. 56) oer it swalkjen bûten Fryslân, ditkear nei Amearika. Mar de swalker komt werom, te let lykwols, en is in man ‘geastlik oanein en brutsen’, ferfolle fan berou tsjinoer de al ferstoarne âlden, in stadichoan bekend tema. Ek dizze man kin allinne mar yn it ferline libje: En swalket troch de lannen nei al dy âlde plakken
Dêr't hy en syn maten harren as bern fermakken.
Al hat Haisma troch syn Indyske achtergrûn wol wat in apart elemint yn | |
[pagina 127]
| |
'e Fryske literatuer brocht, men kin net sizze dat dat in nij net-Frysk elemint is. Haisma seach letterlik fan bûtenút tsjin Fryslân oan, mar kaam feitliken net mei in nije fisy. Krektoarsom, syn proaza en poëzij ferhearlikje, nettsjinsteande de wis wol besteande driuw ta swalkjen, in ivich ûnferoarlik ideaal boere-Fryslân. Haisma hat, foaral yn Peke Donia, wol goed it lek en brek fan de Fryske minske sjoen, mar hat him yn wêzen geastlik noait distansjearje kinnen fan de Friezen en Fryslân, alteast fan it byld dat er dêrfan hie. Men moat him dêrom, wat dat oangiet, in tige konservatyf skriuwer neame, dy't geastlik no net drekt in swalker west hat. Fan in betrekking Indië-Fryslân is dan ek gjin sprake. Haisma hat Indië brûkt, der faaks sels ferlet fan hân, om de Fryske skriuwer te wurden dy't er wêze woe. In skriuwer fan inkelde yn Fryske ferhâldingen net minne en ynteressante boeken, ek om harren styl, mar dochs gjin echte skriuwer om utens. De ferfrjemding, dy't sa'n nijsgjirrich tema like te wurden, bijgelyks yn Peke Donia, wurdt net ûntwikkele en yn wêzen stap foar stap weromdraaid. De fersen, dy't as mear persoanlike utering dy ferfrjemding it meast stal jaan kinnen hiene, binne yn dat opsicht teloarstellend. De lêste sin fan Peke Donia is dan ek net om 'e nocht: ‘En straks as de iere nacht falt oer it keale lân, giet er fannijs de blide gong, it paed nei eigen hoarnleger.’ Dat eigen hoarnleger is it ûnferoarlike Fryslân, yn ‘hege rêst [him]sels allyk’. |
|